Milkshakes


Hastich en beswit komt er de keamer yn. Der wurde in pear bekers milkshakes op de tafel set, hy ploft op de bank del.

Ik wit ùt underfining dat ik net fuort begjinne moat te freegjen hoe it west is. Dat is dreech foar my want ik bin osa benyd hoe it yn Sina gong is.

Mar ik moat my bedimje. Oer in skofke komme wy wol wat te hearren as hy er oan ta is.

“It is mei ùs goed.” sis ik sûnder dat it frege wurdt en fertel oer Stientsje en de minsken om ùs hinne.

“Hâld mar op.” seit syn heit; “Hy is al yn sliep fallen.”

In swier gesnurk makket in ein oan myn freegjen.

“Wat wolst,” seit myn man; “hy hat tritich oeren fleanen efter de rech.”

Rimpen giet er oer ein en sjocht ferheard om him hinne. “Do bist thus.” sis ik; “Gean mar gau op bed.”

Wer kin dat hjoed de dei noch: ûnder it petear yn sliep falle? Dat kin allinnich thùs.

“Soe er it nei it sin hân ha?” freget myn man.

“Wy komme it wol es te hearren.” sis ik; “As hy der klear foar is.”

Mar hy is wer thùs en dat is it wiichtichste.

Ik romje de lege milkshakesbekers op. Wy kinne wer rêstich sliepe.

Diele mei:

One Comment on “Milkshakes

  1. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Milkshakes | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien