Risikogefal

Foto: ABC
Kleedt  u zich maar uit." seit de assistente.

"Hoe fier?" freegje ik. 

"Ho maar." seit se as ik mei de fiters fan myn skuon dwaande bin.

Ik bin by de hertspesjalist foar de jierlikse kontrôle. Sûnt de lêste grypgolf bin ik in risikogefal wurden.

Nei in skoft fan wachtsjen en klomjen -ik bin ommers heal neaken- komt de man hastich oanrinnen.

"Een spoedgeval." seit er.

"Jout neat." sis ik. Wat moat ik oars sizze?

De  stethoscoop wurdt op ferskate plakken setten wert myn hert sitte moat.

Hy knikt ynstimmend , om my mei er noch wol efkes troch gean .

"En?" freegje ik; "Hoe sjocht it er ùt? Bin ik noch in risikogefal?"

"U kunt nog jaren mee. Tenzij u extreem verliefd wordt." seit er mei in fyn glimke.

"Dat bin ik al." sis ik en fiel myn hert achtentachtich slaan.

Wat kin in healjier dochs lang duorje.

Risikogefal.

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

5 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Rob Alberts

Dat jij nog maar heel lang verliefd kunt zijn!

Zonnige groet,

Rob Alberts

Ik bedoelde ook dat ik jou een heel lang leven toe wens.

Vrolijke groet,

Boukje

Wat in leuk stikje wer Wokke!

5
0
Would love your thoughts, please comment.x