Samar

Ûnwennigens (2)

trochPosted on 0 Comments1min read1006 views

nostalgiaDer oerfalt my somstiden in gefoel fan ûnwennigens. Hawwe jimme dat ek wolris? It is in gefoel dat jo net omskriuwe kinne.

It is in oare ûnwennigens die ik as bern hie. Ùs mem woe de hannen wol es frij hawwe  en sa moast ik yn de fekânsjes ùtfanhûzje by myn pake en beppe yn Terband. Dea ûngelokkich wie ik dan. Ik wie èk noch nei har ferneamd mar se hie neat mei my. Ik like tefolle op myn mem; dy beide koene nèt troch ien doar .

Mar de ûnwennigens dy my hjoeddeis wol es oerfâlt is oars. Ik ha besocht it ùt te plùzjen. Is it in gefoel fan ûngelokkich wèzen? Mar ûngelokkich bin ik net, myn lea hat gjin krupsjes en foar myn âldens kin ik noch best mei dwaan.

"Hasto dat gefoel somstiden èk?" freegje ik myn suster.

"," seit se en fynt it mar in fremde fraach; "Do moast er es ùt, ôflieding moast sto hawwe." Mar dat is gjin befredichjend antwurd foar my.

It wurdboek seit:

Ûnwennigens;
it kin in gemis wêze fan lang ferlyn as langsme nei wat komme sil

 Sille wy it dan mar op it lêste hâlde?

Hûnefleis

trochPosted on 2 Comments1min read1154 views

woef"Wat ite wy hjoed?" freget er. "Wit ik noch nèt." sis ik.

'Dy man hat it altyd oer iten' tink ik by mysels. Ik moat net oan iten tinke op it stuit. Ik hearde op it nijs dat yn ùs gehaktbaltsjes en hamburgers hûnefleis ferwurke wurd. De kadavers wurde yn Spanje troch in bedriuw fermealle en dan eksportearje under oaren nei ùs lân.

It iene skandaal nei it oare komt op tafel. De plofhin is wat mei mar ek it kowefleis blykt hynsterfleis te wêzen. We moatte mar wer de doarpsslachter hawwe. Foar sa fier wy wisten wie dat earlik fleis. Sels de needslachter slachte bisten dy wat mankearren mar gjin syktes hiene.

Mar dy manlju fan my wolle by it waarme miel in stikje fleis ha. In fremde wisânsje, fine jimme nèt?  

Wy ite riis mei goulash. It smakket hearlik fine se en sa goed krûde. De panne giet skjin leech.

"Ik bin de hûn kwyt." seit de buorfrou; "Ha jimme him sjoen?

De bedoarne

trochPosted on 0 Comments2min read1011 views

Naamloos-1Ik stean by de kassa fan in gruthannel. De rinnende bân stiet grot fol en kin hast net foar ùt komme.

"Der koe wol ien jierdei wêze." seit de kassiere. "Ja," sis ik; "flak foar de peaske. Tref ik dat eefkes."

"Hoe âld wurde jo?" seit se frijmoedich; "Jo lykje in goeie sechtiger." seit se der achteroan. "Lit we it der mar ophâlde." sis ik en lit alles yn de karre lade.  

Ûnderweis nei hûs gean myn tinzen wêrom nei myn jeugd. Ik wie it fjirde bern en de lèste. Boppe my siten twa broers en ien suster. Der wie neat foarhânnen want ùs mem hie net mear op my rekkene. Fan bakker Kooistra krige se in grutte bôllekoer.

Letter do ik der net mear ynpaste kaam ik yn in âlde bernewein fan de buorfrou. En wer letter waard de kape en de boaiem der ùthelle en siet ik yn wat hja hjoeddeis in buggy neame.

Al gau krige ik in bynamme fan myn broers en suster; de bedoarne. Wêrom wit ik nèt. "Troch sto in oanfâllich bern wiest." seit myn suster. In holle mei fol ljochte krollen en in altyd blier. Ùs heit woe my altyd mei ha. Ùs mem krige de opdracht om my kreas oan te klaaien dan koe hy mei my pronkje.

Ach... wat binne dat dierbere oantinkens. Wat soe ik noch graach es sjonge wolle by ùs heit achter op de fyts.

"Mei de bedoarne.", sis ik as ik mei myn broers skilje. En dan ha wy it noch es oer eartiids.

Loslitte

trochPosted on 1 Comment1min read1185 views

vaasjeChavez, de ferstoane president fan Venezuela, sil balseme wurde. Sa kin hy foar ivich by syn folk bliuwe.

"Ga je even mee?" seit myn buorfrou. Troch dat wy beide de hûnen ùtlitte fertelt se my dat se einlik in bestemming hat foar de jiske fan har ferstoane soan. Se hat op internet in ferneamde glêsblazer untdekke. En sa is hy yn in spesiaal foar him ûntwurpen glêzenfaas kaam.

"Daar is maar èèn van op de hèle wereld." seit se. Bliid sjocht se my oan.

In oare kennis fan ùs hat de jiske fan har man yn in blau-eftich porsleinen hoane dien. Hy stiet neist har holkessen. "En by it wekker wurden prate wy eefkes. Hoe de nacht west hat." seit se.

Wer in oare kunde hat de urnen fan har man en skoanâlders op souder stean. Myn bèste freondinne draagt har man yn in gouden hanger om har hals. By Omrop Fryslân wie in keunstskilder dy de jiske fan in dierber persoan troch de ferve mingde. 

Der sil yn de rin fan de tiid noch hiel wat ùtfûn wurde om de ferstoarne by ùs te hâlden bin ik bang. 

Ùt eigen underfining wit ik dat loslitte it slimste is wat er bestiet ...

Nivellearje

trochPosted on 0 Comments1min read1043 views

Midden yn de nacht wurd ik troch wiet wekker fan it swit.

De baas fan it taksyferfier stiet by myn bed. Neist him stiet de hierbaas fan Accolade. Ik  gean oerein en sjoch in frou fan de WMO der achter stean. Tusken it ploechje minsken stiet ek noch de loko-boargemaster.

Se roppe allegearre yn koar; "Wy moatte nivellearje!"  

"Gean foart!" rop ik oerstjûr; "Wy dogge nèt oars!"

Ien foar ien ferdwine se yn de nacht. En ik... ik gean der mar ôf. Sliepe wurd dochs neat mear.

Jo kinne de tillevyzje nèt oan sette as de iene nei de oare figuer hat it oer nivellearjen. Ik wit nèt hoe as it jimme fergiet mar ik kin it nèt mear oan hearre. Ik set it lûd gewoan ùt. 

"Wat is eiglik nivellearje?" freegje ik him. "Gewoan lykop partsje." seit er. "O," sis ik; "as it oars net is..."

Negativisme

trochPosted on 0 Comments1min read1007 views

"It giet min mei ùs ekonomy." seit in freon; "En it sil noch minder wurde rekkenje dèr mar op." "It sil ùs allegearre reitsje." giet er fjirder.

"De polityk wol ùs pensjoen ôfnimme en de AOW sille se ek wol nèt ferheegje." seit in neef.

"En aanst moatte wy allegearre wer yn it selde tobke wosken wurde mei Sunlight en ien waskhantsje." seit syn wiif.

Ik ha myn dei net. Ik kin nèt tsjin negativisme om my hinne. En krekt dizze dei rin ik de hiele tiid dit soarte minsken tsjin it lyf. Myn man sjocht alle dagen nei de polityk en kin al sa negatyf ùt de hoeke komme. Ik kin it nèt litte om der tsjin bètter witten yn tsjin yn te gean. 

Negativisme is deadelik. Ik ha it gefoel dat ik mei sûge wurd it ravyn yn. Ik nim my foar om dy minsken tenei te mijen as de pest. Ik wol it lêste part fan myn libben allinne mar in posityf ynstelle minske wèze en myn libben net ynkoartsje litte troch negative krèften. 

En dy waskerij? Wat wie dat sneontejûns gesellich. Allinne ik wie de jongste dus altiid de lêste ...

Te lèt

trochPosted on 6 Comments2min read1333 views

"U bent te laat, mevrouw." seit it islamityske minske tsjin my; "Hij is al verkocht."

Wy steane tegearre foar in bankstel yn De Lege Knip. In dei earder wie ik 'r tafollich lâns kaam. Ik mei der wol graach wat om strùne. De meast nuversoartige saken komme jo der tsjin. Myn each foel op in prachtich swart leren bankstel. Ùs eigen wie nei myn gefoel wol 100 jier âld en alhiel lang hie ik der skjin myn nocht fan. Mar myn man en de hûn woene him net kwyt.

En sa steane wy in skofke letter wer by it bankstel. Mar we binne te lèt, it spul is fersein. De frou mei de wale sjocht my fertritlik oan. "Waar moet myn man vanavond nu op zitten?" freget se. "Nò," sis ik en wiis op de berg stuollen; "der is fèst wol ien foar him by.". Se knikt en lûkt de wale fjirder oer de holle.

Ik ha mei har te dwaan. Fan my hie sy him wol hawwe mocht. Dan ropt myn freondin en ik rin fjirder. En dèr stean twa prachtige earmstuollen. "Het heeft zo moeten zijn," seit se; "dit is nog véél mooier". De oare deis wurde de stuollen brocht en mei in weemoedich gefoel nim ik ôfskie fan ùs bank. Wa hat der nèt op sitten en wat is er nèt op lake en gûlt? In meubelstik is nèt in ding mar in underdiel fan it hùsgesin.

"Dag, bank." sis ik en stryk him noch es oer de rech. Soe it ek wat wêze foar it frommeske mei de wale ?

Te lèt? Wolnè, it hat sa wèze moatten...

Opromje

trochPosted on 1 Comment1min read1082 views

Ik bin op 'e souder en siikje om wat. Ik moat it hawwe, dat wit ik seker. Mar wer leit it nò?

Dèr leit fan alles. Boadtersguod, Lego, kraanweinen en autotsjes. Elk wykein as wy mei de boat fuort gongen kocht ik foar de iene in autotsje en foar de oare in stripboek. En dan de spultsjes noch. Doazen fol; Mens-erger- je-niet, Drie-op-een rij, Yahtzee... Jimme kinne dat wol. En dan wie der ien by, dy woe oars net as kaartspylje.

Al siikjend kom ik by de boeken. Ik gean op de knibbels lizzen en al gau bin ik de tiid kwyt. Boeken fan fan der Hulst dy ik op it krystfeest krige fan ôf myn tredde jier. Sneinskoalle boeken fan ùs jonges. Dierberre oantinkens. Ik moat fjirder en skow troch de rommel hinne. Opromje moat ik . Min seit wol es wat jo yn in jier net brûkt hawwe fuort dwaan. Werom bewarje wy alles, is dat it hawwen as is it nostalgy ? Ik ha fûn wat ik socht, moarn begjin ik wier te opromjen.

En sa kaam ik it gedicht tsjin fan Tine Bethlehem wert ik my hielendal yn fine kin.

Souder.
Ik romje de souder hjoed
libbenssolder.

Donderje. Grimmitich de brut fan de trep
foar `t gemak kniesd.

Opromje brokstikken loslitten ferve-flinters
sweve tusken it stof

sinne skitter kaleidoskopysk
kleurde snippers ta reinbogen.

Kin jo opromje, bewarje as loslitte?

Ûnwennigens (1)

trochPosted on 0 Comments1min read938 views

Ik heb me nog nooit zo gelukkig gevoeld." seit se.

Ik bin by in freondinne op besyk. We kinne mekoar al jierren. Fan ôfkomst is sy in Deenske. Se learde har man kinnen yn Kopenhagen.

As seeman kaam hy gauris yn it selde kafè. Sy hie krekt in mislearre houlik achter de rech en wie tige ûngelokkich. Doe sy him wer es tsjin kaam frege er har om mei him te trouwen. "Ach," tocht se; "werom ek nèt?" Hy gong wer nei syn skip en sy op de trein nei Nederlân.

Oait wie se in kear yn Amsterdam west mar se wist folslein neat fan it lân as de taal. Dea ûnwennich siet se te gûlen yn de kûpee oant der in treinkondukteur lâns kwam. Hy gong neist har sitten en frege wat er oan mankearre. Hy naam alle tiid foar har en fertelle har fan alles oer  it lân wer`t sy nei op wei wie.

Nei ferrin fan tiid krigen se twa bern en beppesizzers. In jier as wat allyn ferstoarn har man en waard te hôf brocht yn har heitelân. Ek in dochter hat har dèr ta wenjen set. Myn freondinne is nea yn murch en bonken in Nederlânske wurden .

Se hat einlik it gelok fûn by Jan, in widner.

Wat woe se noch graach dy treinkondukteur moetsje. Se is him noch altiid tankber.

Ynklauwers

trochPosted on 0 Comments2min read938 views

In pear hùzen fjirder op stean in pear manlju foar in hûs. It eaget noch al offisjeel. Ik sjoch wol: it binne nèt meteropnimmers. "Wat stiest sto te lûren?" hear ik myn man op de achtergrûn sizzen. "Dit hat mûzen." sis ik. 

In pear wiken allyn is de man ferstoan. Hy wenne allinne. Ik makke wol es in praatsje mei him oer it waar en sa. Hy fertelle my wol es oer syn femylje. Mar nea ha ik der in minske sjoen; hy like my in iensum persoan. Ien kear bin ik by him yn hûs west doe syn kat oanriden wie. Fertritlik siet er op 'e grûn by it biske. "Hy hat wol tweitich jier myn maat west." seit er.

Ik sjoch om my hinne. 'Hy hat fèst in goeie baan hân.' konstatearje ik. Djûre meubels en skilderijen fan ferneamde skilders hingje oan 'e wand. We drinke tegearre in kopke kofje. Mei triljende stim en triennen yn de eagen fertelt hy oer syn libben mei syn maat, de kat. "Ik ha nei de notaris west." seit hy yn ienen, fertroulik. "Min wit noait wer`t jin femylje ta yn steat is.." "Jo moatte nei in asyl gean. Der is fèst noch wol in leave poes foar jo." sis ik.

En nò is hy der net mear. Ik sil him misse. Troch de kat hiene wy mear kontakt krige. Op de stoepe neist de notaris en syn klerk sit de poes ùt it asyl.

"Sille wy de kat nimme? " freegje ik myn man; "As binne wy dan ek ynklauwers?"