Samar

Woldiedichheid

trochPosted on 0 Comments1min read1083 views

Jild!It is wer safier; alle ynstânsjes dogge in berop op ùs. Op ùs beurs mar foaral op ùs ynmoed. Altyd as novimber, decimber der oan komt is it raak.

Ik ha der wol ris nei frege wat dat no is. It andert wie: it rint tsjin krystiid en it jier rint op it ein. Dan wurde de lju oars, weakich en emosjeneler. As er wat te heljen is dan moat jo der by wêze.

Ik ha der eltse kear muoite mei. Ik fiel my skuldich ("Ik ha alles en sy hawwe neat.") En dat hawwe dy organisaasjes ek troch.

Om mar in pear te nimmen: Artsen zonder Grenzen, Ebola (Giro555), Kankerfûns, Helphûnen en Hartstifting ensafourthinne.

Wat wie dat eartiids doch ienfâldich. Op it ein fan `t jier kaam de krystlist fan de sneinskoalle lâns.

Ik sit foar de tillefysje en de safolste needgjalp leit beslach op my. "Hie ik mar in protte jild, dan krigen se allegearre wat." betink ik my. "Wer sil ik dizze kear oan jaan?" freegje ik my ôf.

Woldiedichheid hat sa syn prioriteiten mar wer leit de grins?

Jaan nei dyn bêste fermogen... soe dat it wêze?

De beam

trochPosted on 5 Comments1min read1265 views

beam_1t"Wolst dit beamke ek ha?" freget myn suster; "Hy is te grut wurden foar ùs balkon."

Sa dwaande kaam de beam by ùs yn de tùn te stean. Ik wit net wat it wie mar it klikke daalks tusken ùs. Fan doe ôf oan pasten wy in bytsje op elkoar.

As yn de maitiid de knoppen oan de beam kamen joech hy my in gefoel fan in nij begjin. Simmers siten wy yn `t skaat  ûnder syn wyd fersprate tûken. En yn de hjerst holp ik him om wat er fallen litten hie op te rêdden.

Fûgels fan allerhanne slach fûnen ûnderdak by him. Yn tiden fan fertriet wie hy der foar my, sûnder wurden begrepen wy elkoar. Yn fleuriche tiden koe hy der ek wat fan mei slingers, ballonnen en ljochtsjes .

En no moast hy omseage wurde. "Hy is syk." sei de buorman dy tùnman is.

We hawwe ôfskie naam sûnder wurden. Der komt in jongeloat foar him yn `t plak  ha ik him ta sein en sa bliuwt hy foart bestean.

"Dei!" sis ik en draai my om ...

beam_2t

500-ste!

trochPosted on 3 Comments0min read1367 views

durk_150Ik kin it net.

Earst wie der de SMS. Us mem woe graach berjochtjes ferstjûre want dat koe wolris maklik wêze. Mar doe ik har sei hoe it moast, sei se; "Ik kin dat net. Dat is té dreech foar mij."

Net lang dernei  kamen de earste SMS-kes oan  rûgeljen. Se hie sels ùtfûn hoe dat moast.

Doe wie er de kompjûter; us mem woe ferhalen skriuwe ensfh.

Doe ik har sjen liet hoe dat Word wurke sei se; "Ik kin dat net. Dat is té dreech foar mij."

Net lang dernei  kamen de earste berjochtsjes  binnen fia de mail, kreas  opmakke yn de goeie lettergrutte en skriuwwize.  Us mem hie sels ùfûn hoe dat moast.

Doe kaam har weblog. 

En dus tocht ik, Soan D., in webside is miskyn wol wat foar har. It earste wat se sei : "Ik kin dat net. Dat is té dreech foar mij."

En no lêze jo, lêzer, it 500-ste stikje. Us mem hat it measte sels ùtfûn. En ik ? Ik soarchje allinich foar de omballingen.

Wat no 'stopje', us memmeminske?

500? Dit is pas it begjin!

Soan D.

mem_150Heintje Davids

Earst ien. Doe  twa. Doe hûnderd. Stadich oan rûn it ùt `e hân. Tûzend kear woe ik ophâlde.

Wat earst begong as grapke wreide him ùt ta in opdracht oan mysels. Ik ha it oer dizze side. Hjoed ha ik myn 500-ste stikje berikke.

As ik foar de safolste kear ophâlde woe kaam er wer in barren op myn wei. Faaks gong it oer de lytse dingen fan alle dei. As ek it tiidsbarren fan hjoeddedei. Somstiden oer fertriet mar meastal oer fleurich barren.

En altyd gongen se oer gewoane minsken elts hat syn eigen ferhaal en belibjen.

Mar ek gongen se gauris oer bisten, natûr en oer alles wat libbet. Mar nò nim ik my foar; de 500-ste is in moai getâl om op te hâlden. Men wit it nò wol, it sêdingspunt is berikke.

Sei Heintje Davids ek net altyd dat se ophâlde soe?

Tank foar dyn geduld en stimulearjen, soan! taart

I love you

trochPosted on 0 Comments1min read1148 views

Naamloos-1Is it jimme wol es opfallen hoe faak de Amerikanen stjin elkoar roppe: "I love you."?  Te pas en te ûnpas wurd it sein. It heard by hun kultuur.

Wy sizze dat nèt sa faak tsjin elkoar; "Ik hâld fan dy." Wy binne as Friezen der te nuchter foar mar it kin ek ùs natuer wêze.

Ik betraapje my der faaks op dat ik oare termen brûk. Sa as; "Fersichtich hear!" En; "Pas goed op dy sels!"

Wêrom sizze wy nèt; "Ik hâld fan dy"?

Allinne as wy jong en fereale binne? "Wêrom seist sto dat net es tsjin my?" freegje ik myn oare helte. "Dat wist wol." seit er; "Dat hoech ik net te sizzen." 

En jimme soanen, wannear hear ik dat es fan jimme? "It moat bliken dwaan ùt it omgean meielkoar." seit in soan. 

"Leafde is mear as wurden." sei Fedde Schurer.

Leafde is yn leafste oanwêzichheit,

bergje en burgen fiele,

leafde is in strekdaam fan feilichheit,

leafde is drage en diele. 

 Leafde is mear as I love you.

It nut

trochPosted on 2 Comments1min read1226 views

Naamloos-1"Do moast mar op naailes." sei ùs mem do ik in jier as tsjien wie. 

De earste wie by Gerritsje, in âlde frijster en hiel strang. By Siementsje dy de grapmakkerij fan my wol weardearje koe. By juffer Mensonides, in âldfaam. Hja wie wat wrâldfrjemd; dy gearwurking wie net in sukses. Mar it lei him altyd oan my seine se thus.

Do kaam Aukje, in diplomearde lerares. En dy hat my it fak leard. En dat is letter myn wurk wurden. 

We learden fersetten ("verstellen"), sa hjitte dat do. Âlde klean oplaapje oant se wriuwerslapen waarden. Somstiden waarden de broeken sa faak oplape dat de oarspronklike kleur net mear te sjen wie. Letter waar dat hypermodern, ùs soanen koene hun gelok net op as hja san broek hiene.

Ek koenen wy kursussen folgje fan It Nut (= Maatschappij tot nut van het algemeen). It binne dierbre oantinkens oan de minsken fan eartiids en oan myn doarp.  

"It hat syn nut hân." sei ùs mem en seach my  grutsk oan.

Ja, ik ûnthyt

trochPosted on 6 Comments1min read1923 views

dirk"Diederik Samson sil skiede." sis ik tsjin myn man"Ach, ja." seit hy; "Hy is ek in gewoan minske."

"Ja, mar dat wie san aerdich  gesin, wist noch wol?"Nè, der wit ik neat mear fan." seit er. Nò, ik noch wol.

It filmke wie in soart ferkiezingsstunt tink ik. It wie in toanbyld fan gelok, hoe sy tegearre de hushâlding diene. De taken wiene dùdlik ferdield. En dochs gong it mis.

Der wurd hjoed de dei hiel wat ôfskieden.

"Myn buorman is twa kear trouwd west en syn relaasje ek. Hja binne osa gelokkich wurden." sizze se. Yn ùs freonenrûnte binne ek hiel wat pearen ùtelkoar gien. Ta grut fertriet fan de neiste sibben.

Mar der tsjinoer stiet dat in min houlik èk in hel wêze kin. Dan is it better foar beide partijen om net mear tegearre fierder te gean.

Mar giet it tsjintwurdich net wat maklik? freegje ik my ôf. As alles foar de wyn giet dan is it gjin kunst. Mar komme er soargen. Binne  hja der dan tsjin opwoeksen?  

Ûs libbenshûs ha ek wol es omraak skodde, sa dat ik tocht: it falt om. Stoarmen en swiere buien hat it troch stean moatten.  Mar it hûs wie op steviche fûndaminten bouwt en koe hiel wat hawwe.

Hoe dan ek, ik gun eltsenien syn gelok. Der hat dochs elk rjocht op?

"Ja, ik ûnthyt" ... Hâlde dy wurden hjoeddedei noch wat yn ?

Pessimist

trochPosted on 0 Comments1min read1055 views

kopzand"Do stekst de kop yn`t sân." seit hy. Hy sit nei Hjoed te sjen.

It iene rampberjocht nei de oare wurd de keamer ynslingere. Femylje bedriuwen fan in pear hûnderd jier âld geane op 'e flesse. Ùs gemeente komt ûnder kuratele fan de provinsje. De gemeentelike lêsten sille heger wurde. En ùs taksje sil net mear ride.

En sa komt alle ellende op è tafel.

"Moast es hearre." sis ik; "Myn orchideen krije wol trije nije loten." Fan alles helje ik by de kop om him mar ùt dy delgeande spiraal wei te heljen.

"Do stekst de kop yn `t sân!" ropt er nog es; "Do wost de realiteit net ûnder eagen sjen."

Ik nim my foar om fan nò ôf oan dôf te wurden en posityf te tinken. It gefjocht tsjin negativisme giet oan. Der sil noch hiel wat wetter troch de rivierbeddings fan Fryslân streame moatte om dit fol te hâlden. Ik nim my foar om stappen te ûndernimmen. It tillevyzje-apparaat op steuring te setten as de stekkers ûnklear te meitsjen.

Mar de man achter dit alles, der sil ik oan wurkje moatte.

Mar diskutabel sil it bliuwe...

Deadebetinkings

trochPosted on 0 Comments1min read1089 views

charloisIk bin allinnich en rin lâns de grêven fan minsken dy ik op in inkele nei kint ha.

Hjoed is it 4 meie. Deadebetinking. By ùtstek geskikt om op in tsjerhôf de deaden te betinken, fyn ik.

Hja hawwe ommers allegearre hun libben achter de rech, sommige in lang en sommige in koart libben. Guon minsken mei in besmarge namme wer`t hja bern mei wraksele ha en de bernsbern ek noch hinder fan ha. Stik foar stik lês ik de nammen op. As in film gean al dy doarpsgenoaten oan myn each foarby.

Ik wie in famke fan san tsjien jier âld. Ùs mem ferhelle faaks oer wa ferkeard west hie en net te betrouwen. Wêrom makke dat san yndruk op my? Dochs wit ik net folle mear fan de lêste dagen fan de oarloch. Mar wol fan de befrijingsfeesten; dy hawwe djippe yndruk op my makke. 

Sa kom ik oan it ein fan myn pilgrimstocht oer it tsjerkhôf fan myn bertedoarp Âldeboarn.

Ik betink my; wa wie goed en wa ferkeard? Jildt dat ek yn fredestiid en wa sil dat ùtmeitsje? 

"Ynkoartens kom ik wer." ûnthjit ik hun; "Dan ha wy it er noch es oer ..."

Dat ûnthjit ik

trochPosted on 5 Comments1min read1811 views

lutz"Dat ferklearje en ûnthjit ik." klonk it lûd troch de Nieuwe Kerk ûnder de abdicatie fan de nije kening.

Ûnder al dy Earste en Twadde Keamerleden dy de eed as de belofte ôfleinen hearde ik ynienen lûd en kreftich: "Dat ferklearje en ûnthjit ik." 

En dàt wie Lutz Jacobi. Us Fryske politikus sit sûnt 30 novimber 2006 foar de Partij van de Arbeid yn de Twadde Keamer.

"Dat ferklearje en ûnthjit ik." is oer de hiele wrâld gong. Yn de fierste ùthoeken fan de ierde koene Friezen de belofte hearre yn hja eigen taal. Sels foar de ùtstjoering fan de NOS op de Dam waard it ûnderwurp besprutsen, as soks wol troch de beugel koe.

Mar de âld foarsitter fan de Twadde Keamer Gerdi Verbeet makke dùdlik dat it Frysk in offisjele taal is dy yn de grûnwet ferankere leit.

Wat bin ik grutsk op Lutz dat sy dat oandoare. Wer wiene de oare Fryske keamerleden? Op myn reaksje kaam fuort ynienen antwurd fan Luts Jacobi.  

Tanke wol en Fryslân boppe.

Dat ûnthjit ik.

lutz_twa

Goarre

trochPosted on 0 Comments2min read1067 views

Naamloos-1It is prachtich waar en ik meitsje plannen. It is ommers al gau Keninginnedei! Earst mar meane en dan ...

Mar it wurd neat, it ark bliuwd stean. Al gau kin ik in retoer nimme op it huske. En sa belânje ik yn de lapekoer.

"Wat ite wy hjoed?' ropt hy. Dat levert my wer in rit op nei it stee wer`t ik krekt wei kom. "It giet rûn." seit de buorfrou; "Der hearsket in goarre."

Mar wat ha ik der oan? Ik sit mei myn eigen illinde.

"Ha wy ek wat te drinken yn 'e hûs?" freegje ik. Mar alles is skjin op. Ik soe ommers boadskipje. Efkes letter hear ik myn man earmoedzjen. Ek hy belânnet tusken de lekkens. Gedeelde smart is halve smart. Ik bin dus net allinnich.

Mar hoe moat it no mei Max? Hy hat er noch net ùt west. "Doch dyn behoefte mar yn de tun." sis ik; "It mei nò." Hy begrypt er neat fan en wol rinne.

Ik skilje tusken de bedriuwen troch mei de soan as dy wat dwaan kin mar ja, dy wennet yn it westen. Dan mar de oare soan mar dy sit earne yn Dutslân. En de buorfrou? Dy hat it wol besjoen en is ôfsetten.

"Is dit it foarlân fan de âlderein ?" freegje ik my ôf . De oerhyd wol op de soarch besunigje. Soarch op maatwurk: wat soe ùs maat wêze? De femylje moat mar helpe mar as min dy net hat, wat dan?

Lokkich is dit mar in goarre. It kin noch folle, folle beroerder.