Advintsferhaal

Naamloos-1“Wolst  in advintsferhaal fertelle?” frege it bestjûr fan de frouljusferieniging. De Advintsjûn komt er wer oan en dat giet al jierren sa.

Foar de pauze in Nederlândsk ferhaal en dernei in Fryske. En dat mei ik jier yn en jier ùt dwaan. Se moatte koart wêze fan ynhâld hawwe en net te dreech. Troch de jierren hinne bin ik troch de Fryske skriuwers hinne.

Dan moat ik sels mar los.‘ betink ik my. Nei in protte stinnen komt it ferhaal der ùt.

It is in ferhaal wurden ùt de oarloch wat ik as bern meimakke ha. De earste rigels stean op papier. Hoe fierder ik  yn de tiid werom gean hoe mear de kontoeren dùdliker wurde.

Ùs heit siet yn in fersetsbeweging. Ùs mem koe net oer ferried en ûnrjochtfeardichheid en ferprate har noch alles. En dan moast it wer rjocht breide wurde om ùs heit net te ferrieden. It is in oangripend ferhaal wurden en elke Advint moat ik it wer fertelle.

It hat de frouljusclub wol in lid koste: se fielde har troch it ferline oansprutsen. Nei hast sântich jier is de groede noch net hele, tink ik fernuvere.

Wolst dat Advintsferhaal noch es dwaan?”  freget de foarsitter.

En ik, ik meitsje it noch spannender. Sa  kin it ferhaal noch jierren oan it neigeslacht troch jûn wurde…

Read more

Moetings

“Ik ken dy!” ropt se en stapt fan de fyts. Max en ik ha de gong er flink yn. “Goeie!” ropt se noch es, we moatte wol stil stean.  “Ken ik jo?” freegje ik. “Fan Facebook! Ik werken dy fan de foto!” Dan yn iens giet er by my in ljocht op. We hawwe jierren allyn by de [Lês mear »]

Omie

“Omie!” wurd er lûd roppen; “Omie! Mogen wij even met u mee lopen?” Twa lytse famkes komme achter my oan, de iene op in rôze fyts en de oare op in rôze step. It binne twa suskes; de âldste is fyf en de oare trije jier skat ik. Se rattelje hûnderd ùt. Oer de de [Lês mear »]

Flechtigens en driuwerij

Ik skriuw in stikje foar tidenhawwetiden.nl oer flechtigens en driuwerij. Mei in protte ynspanning meitsje ik myn stikjes, somstiden wurde se lêzen en soms net. Flechtich is alles wurden. Ien dei yn it nijs en dan is it skiednis. Grutte rampen meitsje yndruk en binne oer in skofke wer fergetten. Wat is dat dochs hjoed de dei dat [Lês mear »]

Boarnsigge

Jierren allyn kochten wy in boat ùt in faillissement. De boat wie brûkt as sleepvlet op de Westerschelde. Hy wie inketswart en seach er net ùt. Mei hielle grutte giele letters stie er op “Prins Wannes de Tweede“, neamd nei in carnavals prins. En sa kamen wy oanfaren yn it plak wer`t wy wennen. Rûnom [Lês mear »]

Europeeske ferkiezings

‘Wol Mem foar my stimme?” freget de soan. “Op welke partij?“ freegje ik. Ik ha al in partij foar him yn `e holle. Mar it is in hiele oare wer `t ik it net mei iens bin. Mar ik ha myn wurd joen en dus ik sil stimme op in partij die my nèt leit. “Wêr stimst sto op?” freegje ik [Lês mear »]

Identiteit

“Jo identiteitsbewiis is ferrûn.” lit de gemeente myn man witte. “Ik hoech gjin nije.” seit er; “Wer ha ik him foar nedich? Foar it sikenhûs en de bank ha ik al in bewiis. It kostet allinne mar jild.“  En sa skinke wy der gjin oandacht oan. Oant de stembiljetten foar de Europeeske ferkiezingen op `e moatte falle. [Lês mear »]

Bliid gefoel

“Giet it wat?” freegje ik it âlde wyfke. We sitte yn `e taksje op wei nei de hûsdokter. Myn man moat in hoarapparaat ha mar earst moatte syn earen ùtspuite wurde. “Ik hie it al in kear as wat sein mar it lei him oan myn utspraak fansels. Wy geane earst nei in fersoargingshûs, der moatte [Lês mear »]

Betinke en Fiere

Elts jier komt it wêrom. Fjouwer Maaie, de flagge healstok en fjouwerentweintich oeren letter wappert er wer fol ùt. Ik ha der altyd wat muoite mei hân. Dat komt miskyn dat ik der by west ha as bern. De marsjerende ferpaupere Dùtsers dy net mear songen, wat ik altyd sa moai fûn. De brêgen dy [Lês mear »]

Byldzjend

Byldzjend ferhellet de dochter oer ha mem. Ik bin op de begraffenis fan in frou op jierren, net sa tryst dus. Mar foar de bern is it altyd dreech om ôfskie te nimmen fan immen dy`t jo jo libben lang kinnen hawwe. Wat my rekke wie de taspraak fan de dochter. Hja helle oantinkens op [Lês mear »]

>