Op stap
Hingâlderen
Midden yn it sintrum fan `e stêd bliuw ik stean; de accu is leech. “Wat nò?” freegje ik my ôf. It swit brekt my oan alle kanten ùt. It ding is te lomp en te lôch om oan kant te setten. Dan komme er in pear manlju -al op jierren- by my stean. “Dat dogge wy … Read more
De nije tiid
Ik wachtsje op de bus nei Drachten. Hy is wat te let mar ik ha de tiid. It jout my de romte om wat om my hinne te sjen. Kloften jongelui steane te wachtsjen om nei Oerol te gean. Frysk wurd der net sprutsen, mear Yngelsk sa te hearren. Grutte musykinstruminten wurde meitôge. Nei dat ik … Read more
Elkoar nedich
Max en ik sitte by de fèdokter, de wachtromte is grotfol. Grutte en lytse hûnen lizze mekoar opservearjend oan te sjen. In knyn krûpt djip wei yn de tas fan syn frou. Der neist sit in kat mei ùtstutsen neils klear om ta te slaan. In grutte man neist my hat in lyts hûntsje yn syn … Read more
Memmetaal
Ik stean foar de baalje fan in bank. Ik wol ek mei dizze bank ynternet bankierje kinne. Mei in oare bank doch ik it al hiel lang dus moat it by dizze ek kinne. Ik sit op in komfortabele bank om my hinne te sjen. Alles is oranje, sels de baaljefroulje hawwe oranje horloazjes. Ien hat … Read more
Boukje
“Kom hjir!” ropt er histerysk. En noch es. En noch es ropt er mar Boukje is dôf. Op it stikje grien om it fersoargings-sintrum hinne mei se har ùtfleane. Dat giet allang sa. Sûnt syn frou koartlyn ferstoar is binne se op elkoar oanwezen. It wie altyd har hûn, fan him moast Boukje neat hawwe. … Read more
Âldjiersnacht
It hat in dreech jier west foar de Boansters dat se salang it lieden fan de klokken misse moasten. Troch filmkes en aksjes binne we hieltyd ophichte hâlden fan de foarùtgong, fan de restauraasje. En nò is hy klear en feestlik yn gebrûk naam. Syn swier waarm lûd klinkt wer oer it doarp en omkriten. … Read more
Samler
Ik bin in samler. Net fan aaidoppen, teepôtten as jiskebakken mar fan it dregere wurk. Ik garje dakpannen. “Wêrom dakpannen?” sille jimme sizze. Ik rûn es oer de Dracht en der waard in âld winkelpand sloopt. In grutte container stie midden op ‘e dyk en alles waard der fan grutte hichte ôf yn smiten. Boppe … Read more