Beheind

troch Posted on 1 Comment 2 min read 586 views

still-life-vase-with-twelve-sunflowers.jpg!LargeElke dei om de selde tiid kom ik Jelmer tsjin. Wy litte beide ùs hûnen ùt en al pratende kom ik wat oer him te witten. Op it earste gesicht in iepen ynnimmend, freonlik gesicht.

Hieltyd wurd it petear under brutsen troch Suske, syn hûn. De jonge is aerdich oan de lingte mar Suske kin yn in skuondoaze.

'Frjemd,' tink ik; 'werom hawwe grutte en grauwe lju altyd lytse bisten?'

'Wat dochst foar wurk?' freegje ik. Dan begjint hy mei gloed te fertellen. Hy is tùnker. 'Jo kinne net in plant opneame as ik wit de namme der fan. Ik ha de hegere tùnbouwskoalle hân.' giet er fierder.

'Hast ek hobbys?' Ik bin nijskjirrich wurden. Hy hat wat oer him wat my boeit.

'Ja' seit er; 'ik skilderje en hâld ynkoartens in eksposysje.'

'En wat skilderest dan?' gean ik fierder.

'Blommen en planten want dat is myn fak. Mar it leafste skilderje ik Sinneblommen.' 'Wêrom Sinneblommen?' freegje ik. 'Se draaie altyd de kopkes nei de sinne ta en dat besykje ik ek as ik myn dei net ha.' 

'Hast dy dagen wol es?' sis ik. 'Ja,' seit er; 'Faaks as minsken my net foar fol oansjogge. Ik bin wat beheind seit men.'

'Wannear is dy eksposysje?' freegje ik him; 'want dan wol ik er by wêze.' 'Jo krije wol berjocht.' ropt er noch.

'Kom Suske!' en fierder gean se.

Beheind ....

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
1 Comment
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

trackback

[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]

Previous
Anonym

1
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x