Wedstrydsje

trochPosted on 1 Comment0min read1109 views
water-rainy-day_window_animated_free_gifBoppe op `e  kreake  sit in lyts jonkje neist in heech tsjerkerut.

Mei it fingerke kin er krekt by it boppeste kezyn komme. De iene drip nei de oare rint dan mei faasje nei underen.

Hy hâld in wedstrydsje waard it earste under is, hy jout se ek nammen. De iene hjit Jabik, de oaren binne Ynse en Jitse. Oh ja; Sijke docht ek mei. Se binne neamd nei minsken ùt syn omjouwing.

Sùntsjes spoart hy se oan. Troch dat de sinne op it rut falt wurde de drippen peareltsjes. Se hawwe prachtige kleuren, hy is der hieledâl troch biologearre.

As se allegearre under binne begjint it fan nij ôf oan. Meastal wint Sijke fansels want der is hy in bytsje fereale op.

Omdat heit yn it tsjerkeriedsbankje siet moast hy sneinstemoarns mei. Hy moast in foarbylt wêze foar oare bern, fûn heit. Wat dûmny sei begriep hy neat fan.

Mar as de dûmny op dreef wie en syn stem utskeat begûnen de drippen hurder te rinnen. En dan wie it oanpoatsjen foar it jonkje want dan wiene de peareltsjes net by te hâlden.

“Dat wie it rut.” seit myn man as we by it tsjerkje stil stean. De drippen rinne net mear; it tsjerkje is in doarpshûs wurden.

Wedstrydsje

2.8b-800x600-2 copy

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

1 Comment
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Previous
Fêst hâlde en loslitte

1
0
Would love your thoughts, please comment.x