Mankelyk

‘It is ien maaie west, hear!” ropt de buorman. “Makkest propaganda foar de SP?” ropt in oaren ien. Hja libje allegearre mei.

Ik ha ùs tùnstek fjûr read ferve. Jimme ha wol fan my heard dat de skuttingen grien wurden binne, tink ik.  It resultaat fûn ik noch al mankelyk. En krekt dy dei wie ik sels èk sa mankelyk. Dat ha jo wol es en wer dat oanleit dat witte jo nèt. Ik seach it hear en fear es oer en sa kaam ik ùt op de reade kleur.

De man fan de fervesaak koe it mar nèt yn it snotsje krije wat nò krekt de bedoeling wie. En sa binne wy tegearre oan it mingen west. In bytsje fan dit en in bytsje fan dat. Wat wie it gesellich! It wie ek san aerdiche man. Spitich dat it blik fol wie. Ik hie wol efkes troch minge wollen. Wa wit hie hy syn dei ek wol nèt. Ûndertusken is it stek klear. In  buorjonge ropt; “Jo binne al klear foar de Olympyske spullen sjoch ik. Moasten se allegearre dwaan!” 

Wat bin ik grutsk op it reade tùnstek. De poat fan de parasol moat ek noch mar.

Mankelyk“. Wat is dat ek alwer?

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien