Moetings

Buurvrouw, ziet u ook iets aan mij?” freget in buorman dy in eintsje fjirderop wennet. Ik sjoch neat oan him mar in komplimint is noait wei. “Wat sjoche jo der goed ùt!” sis ik. “Ja,” seit er; “ik heb een nieuw leven gekregen.” “Hoe sa?“, freegje ik. “Een week geleden heb ik zes nieuwe omleidingen gekregen en nou loop ik hier alweer.” Ik jou him in hân en winske him lok mei syn nije libben.

Efkes letter komt in oare buorman op my ôf. Hy sit midden yn de ferbouwing fan syn hûs. In heal jier allyn fertelde hy my dat syn freondinne har tekoart dien hie. Ik wist net hoe ik him treaste moast en fûn gjin wurden foar dit grutte fertriet. As wy mekoar tsjin komme prate wy as goeie freonen. Ik mei Jeroen sizze. It begjint my yn te brânnen: ik moat optiid thus wèze. Ik sil de Hema yn as in klant fan eartiids my oan hâld. “Hoe is it mei jo de bern en de man?” Ik sis; “Bèst hear en mei jo es?

As ik beslùt om mar nei hûs te gean rin ik in freundinne tsjin it liif. “Hast sin oan in kop kofje? Ik traktearje.” seit se.

In skoft letter kom ik thus. Sûnder boadskippen. Want wat is nò wichtiger: de boadskippen as it minske ?

One Comment on “Moetings

  1. 🙂
    En ik me maar altijd afvragen waarom vrouwen van winkelen houden. Maar nu is het me helemaal duidelijk.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien