Holland-Amerika Lijn

Mannestimmen fan in shantykoor sjonge oer fiskers dy hun libben lieten op sé. De seal is ofladen en mannichien sjongt mei, kin min de tekst net dan nùndert min gewoan mei. Neist my sit in kreaze steatige frou -al op leeftyd- se hat wat oer har wat myn oandacht lûkt. Sy sjongt net mei mar stoarret nei it [Lês mear »]

Ik wol bliuwe …

Ik wol bliuwe.” seit se striidber, de hânnen yn de skelksbûse en de fuotten wiidùt. Sa stiet se foar my nei dat ik har sein ha dat de bern grut genoch binne en wy ùs sels wol rêdde kinne. Se wie al jierren by ùs, twa kear yn `e wike kaam se de boel te [Lês mear »]

Nasjonale Foarlêsdei Foppe boppe!

Dat Ûs Foppe goed yn fuotbaljen is witte wy allegearre wol. Mar sûnt juster wit ik ek dat hy hiel goed ferhalen fertelle kin. Yn it kader fan de Nasjonale Foarlêsdei wie hy as spesjale gast yn ùs fermidden. Middels in grut skerm ferhelle Foppe oer it hûntsje Harry dat ferdwaald wie. Jong en âld [Lês mear »]

Lêsklupke Zzzzzzzz...

Sûnt in hoartsje mei ik minsken fan âldens in middei foarlêze. Earst hie ik sa myn betinkens want wat moat ik lêze? Moatte it gedichten wêze, teltsjes as koarte ferhalen? En dan noch; kin it yn it Frysk as moat it yn it Hollânsk? Om barrens lêze wy foar wat in bytsje geskikt is foar [Lês mear »]

Krystbeam

By de buorren has se -no ja, de bern dan- de krystbeam optuge. It is in middelgrutte beam. By myn broer stiet mids yn de keamer in flinke fersierde beam, prachtich oanklaaid mei alles der op en oan. “Moai, hear.” sis ik, en mien it ek. En sa moat ik dizze dagen in soart fersierde [Lês mear »]

Stimmen ùt it ferline…

De doarbelle giet. Ik ferwachtsje gjin besite mar dat wit min mar noait. Der stean twa froulje foar myn noas. Ien der fan komt kwa stim en wezen my bekend foar. “Hoi Wokke.” seit se. We jouwe mekoar in han en in tùt, sa as âlde bekinden dogge. En sa sitte wy op de bank [Lês mear »]

Helpende hânnen

Ien kear yn de wike gean ik te swemmen. Da’s goed  foar myn hernia sizze de gelearden. Mei my swimt frou Dykstra, se is al fjouer- en njoggentich jier. Troch helpende hânnen wurdt se yn en ùt it swimbad tild. Yn in kreas swart swimpak swemt se har rûntsjes. “Ik kin jo hast net by hâlde.” [Lês mear »]

Ferealens

Hat mem yn har jonge jierren wol es fereale west?” freget de soan yn in fertroulik momint . “Ach jonge,” sis ik; “do ik jong wie stie ik gauris yn fjoer en flam. Mar it wie net gau goed. Se moasten er wol goed utsjen.” “Dat hâldt yn; kreas en himmel en net goar en [Lês mear »]

High five!

Twa jonkjes komme my gekjeiend temjitte. Se binne nei it swimbad west. De iene is sawat njoggen jier en de oare seis, tink ik. Se untdekke in piano en klappe net sachtsinnich de klep omheech. “Kinne jimme pianospylje?” freegje ik en wiis nei it musykynstrumint. Se sjogge my skrutend oan. “As ferstiest gjin Frysk?” sis [Lês mear »]

Dwale

In grutte steatige frou rint foar my ùt. Se hat wat ofwêzichs oer har, de eagen stoarje yn de fierte. Ik werken har as myn buorfrou. “Goeie.” sis ik mar se seit neat werom. Myn man is om de krante ùt , dy sil ek wol troch it gebou dwale, it is in hiele toer [Lês mear »]

>