Oer mijsels

It leanstrypke

trochPosted on 3 Comments1min read1135 views
Foto troch Fabian Blank fan Unsplash

Hjoed-de-dei  hat min it er oer om it lytsjild ôf te skaffen.

Hja neame dat Cash jild, dat lytse jild.

It dy my tinken oan eartiids do ik mei myn earste fertsjinne jild thus kaam. It siet yn in brùn papierenpûdsje.

Der siet in hiel lang smel strypke papier yn wert ik neat fan begreep. Ien sifer seach ik dalik stean; it lêste, underoan.

Der gong fan alles ôf en alles wat er fan oerbleun wie dan foar my.

Op in kear, do ik it strypke wer es beseach tocht ik dat de boekhâlder him fersint hie; der stie trije gûne tefolle op.

De man sei, nei dat ik him it ùtlein hie; “Do hast opslach krige.”

Do wurdst wurdearre.” sei ùs heit; “Meist de baas wol betankje.”

En sa gong it troch de tiden hinne. It strypke is er allang net mear. Sinten, healtsjes en stuorkes binne ùt de tiid.

De stiene bargen binne kapot smiten en de sparbankboekjes opburgen yn alde skuon doazen.

Foarby dy tiid….

Tiden hawwe tiden.

Risikogefal

trochPosted on 5 Comments1min read993 views
Foto: ABC
Kleedt  u zich maar uit.” seit de assistente.

“Hoe fier?” freegje ik. 

“Ho maar.” seit se as ik mei de fiters fan myn skuon dwaande bin.

Ik bin by de hertspesjalist foar de jierlikse kontrôle. Sûnt de lêste grypgolf bin ik in risikogefal wurden.

Nei in skoft fan wachtsjen en klomjen -ik bin ommers heal neaken- komt de man hastich oanrinnen.

“Een spoedgeval.” seit er.

“Jout neat.” sis ik. Wat moat ik oars sizze?

De  stethoscoop wurdt op ferskate plakken setten wert myn hert sitte moat.

Hy knikt ynstimmend , om my mei er noch wol efkes troch gean .

“En?” freegje ik; “Hoe sjocht it er ùt? Bin ik noch in risikogefal?”

“U kunt nog jaren mee. Tenzij u extreem verliefd wordt.” seit er mei in fyn glimke.

“Dat bin ik al.” sis ik en fiel myn hert achtentachtich slaan.

Wat kin in healjier dochs lang duorje.

Risikogefal.

De sjoernaliste

trochPosted on 8 Comments1min read1366 views
Foto troch Ilya Ilford fan Unsplash
It frommiske oan de telefoan freget as se lâns komme mei foar in ynterview.

“Hawwe jo wol it goeie nûmer?” freegje ik; “Moatte jo my wol hawwe?”

“Jo hawwe in blog, mei allegearre stikjes.” seit se; “Mei ik efkes lâns komme foar in ynterview?”

“Want dat is net gewoan as jo sa âld binne.” giet se fierder.

“Makket âldens dan wat ùt?” freegje ik, in bytsje op `e tienen trape.

Hjoed-de-dei makket âldens net folle mear ùt want de lju wurde njoggentich en hûnderd is gjin ùtsûndering mear,

We prate ôf en in wike letter sit se tsjin oer my. Se leit in apperaatsje op ‘e tafel en begjint te freegjen.

Razend hurd gean har fingers oer it papier. ‘Soe dat no steno wêze?’ freegje ik my ôf.

Al gau ferjitte wy de tiid, de tee wurdt kâld, allinne it apperaatsje op tafel docht syn wurk.

“Nije wike komt it yn de krante.” seit se; “In foto fan jo ha ik al.”

We nimme ôfskie, it foel allegear genoch mei.

In wike letter stoarre my in bekend gesicht oan, har âldens stiet er mei grutte letters ûnder.

It wie in nijsgjjrrich  yntervieuw .

Ik bin dy ik bin …

trochPosted on 4 Comments1min read1405 views
Foto troch John-Mark Smith fan Unsplash
Do moast dy oanpasse.” sei men gauris tsjin my do ik jong wie; “Wolst sto wat wurde yn  it libben, dan moast leare.”

Ik dy alles om it eltsenien nei it sin te meitsjen en te dwaan wat er fan my ferwachte waard.

Min moast mei dwaan kinne, sawol op it sosjale as op it kulturele mêd.

Hùshâldskoalle, as men dat hân hie, dat wie neat. Mar de ULO. dat wie noch better.

En dan nei de RSG, dat wie hielendal winslyk fansels.

Dat gong allegearre oan my foarby. ” Gean mar es oant wurk” sei ùs heit.

Folle letter kaam ik ta untdekking dat ik mear koe dan dat ik sels tocht hie.

Dochs ha ik troch fallen en opstean, mei glans de Universiteit fan it Libben troch rûn ,

Ik  bin slagge mei flagge en wimpel, allinnich mar troch mysels te wezen en net omdat ik in kopy weze woe.

Ik bin dy ik bin …

It komt fêst wol goed foar dat ik in âld wyfke bin…..

trochPosted on 6 Comments1min read1623 views

Wy binne oer en binne no in wike yn in nije oanleunwente. It wie in poepetoer om alles oer te krijen en in plakje te jaan. Wat hat in minske in protte guod.

It moat wenne, osa wenne.

We binne yn in mienskip telâne kaam, fan aldere minsken. Neat opsjin fansels, wy binne ek de jongsten net mear.

We hawwe it hjir best, ik moat sizze hiel best.

Middeis presys om tolve oere stiet it iten op tafel. En wat foar iten! As kaam it ùt in trije stjerren restaurant.

Mar dochs moat ik wenne oan it libben hjir. It binne allegearre leave froulju, hear, hja wolle alles foar ùs dwaan.

Der wurde medisinen rûndield en der wurdt streng op tasjoen as it wol kloppet. Dat moat ek wol by in soart dementearjende lju fansels, dat begryp ik wol.

Mar dan kinne sy my noch net, ik bin selsstannich en kin noch hiel goed op my sels passe.

“Hawwe jo in kompjûter!?” freegje se ferheard.

“Is dat sa gek?” freegje ik.

“Dat komme wy hjir net faak tsjin is it andert.”

“Ik kin my noch skoan rêde, hear ….”

Reanimearje

trochPosted on 2 Comments1min read1297 views

Wolle jo ek reanimeare wurde?” freget de suster wylts se de gerdynen om myn bed ticht lûkt.

“Hoe sa?” freegje ik; “Ik ha allinnich mar de gryp.”

“Dat is standerd.” seit se; “Dat moatte wy freegje.”

“En wat is it telfoannummer? Wa kinne wy skilje as it mis giet?” 

“Ik soe it net witte.” sis ik; “Hja wurkje allegearre.”

“Lit mar gewurde. As  it sa fier is, dan sis ik it wol.”

“Ne,” seit se; “dat moatte wy fan tefoaren witte. Jo witte it mar noait.”

Se freget my it himd fan it got. ‘Wannear binne jo berne en wat  foar jiertal?’ ‘Se is oan it ùtfinen hoe fier de diminsje taslein is.’ giet it troch my hinne.

“Wat foar dei is it hjoed en wat foar datum?” freget se.

Der moast ik oer nei tinke: ik wit wol de datum want it wie oars ùs mem har jierdei west. Mar de dei koe ik my net herinnerje. “Witte jo dat miskyn ek?” freegje ik.

It bliuwt efkes stil. “Nò jo my dat my op de man ôf freegje… Ik wit it ek net.” seit se.

“Dus,” sis ik; “der mankearet neat oan ùs beide kadaster!”

We moatte laitsje, it ies is brutsen tusken ùs. Nei koart oerlis mei har meardere bringe se my op seal. Ik nim my foar om it er mar fan te nimmen. Wannear wurde jo wer sa yn de watten lein?

En dat allegearre troch de gryp.

Wy rêde ùs best

trochPosted on 1 Comment1min read1519 views

Hoe giet it mei jimme?” freget de buorfrou by it tôgjen fân de smoargens nei de dyk. “Goed hear.” sis ik; “Wy rêde ùs best.”

“Hoe giet it mei jo man?” freget se rinnende wei. “Best, hear.” sis ik en sis mar net hoe it echt giet; it is in formalteit. Se is hastich en yn gedachten allang wer earne oars.

“Hoe giet it mei jimme?” freget ien fan de tsjerke. “Goed, hear.” sis ik. Wat moat ik derop sizze?

Moat ik fertelle dat hy ferjitlijk wurdt? Dat wy alle dagen nei syn gehoarapperaat, syn stok, syn toffels en syn gebit sykje?

“Hoe giet it thùs?” freget in soan meilibjend oer de telefoan. “Goed hear, wy rêde ùs best.” sis ik.

Dat is ek sa, net ien wurd is ferkeard. It giet goed mei ùs, wy hawwe ommers inoar noch?

“Hast myn skuon ek sjoen?”

“Ik kom er oan!”

 Wij rêde ùs best …

Folle Lok & Seine, Friezen!

trochPosted on 5 Comments1min read4355 views

Sa as jimme grif ek dogge sjoch ik efkes efterom. Foaral as min âlder wurdt begjint de skiednis dùdlike foarmen oan tenimmen.

Wat hat dit jier my brocht as wat moast ik ynleverje? It wie in jier fan ôfsjen mar ek fan in hiel soart rikens.

En der hawwe jimme as trouwe lêzers en foarbygongers diel oan hân.

Ik koe en kin op dit plak myn ai kwyt, jimme ynsperirearre my. Trystege dagen waarden ljochter en fleurden my op.

Wat my ek bliid makket; dizze stikjes wurde oerâl op de wrâld lêzen. Want oerâl ha Friezen hun festige en ta wenjen set. Fan Sjina oant Amerika, fan Sùd-Afrika oant Sweden, België, ensafuort hinne.

En dat komt troch de Fryske taal. It is fan thùs, fan heit en mem, fan bruorren en susters. En fan it doarp en de minsken dy by dyn jeugd hearden. En ast om ùtens wennest wurd dat osa wichtich.

En sa wol ik jimme, wert wy op `e wrâld ek binne, in lokkich nijjier winskje! Dat it jim bringe mei wat jimme der fan ferwachtsje.

Waarme groetnis fan Tidenhawwetiden.nl!

Bliuw dy sels

trochPosted on 2 Comments1min read2763 views

Mem moat es oer oare ûnderwurpen skriuwe,” seit er; “dy hjoed-de-dei wichtich binne.”

“En dat is?” freegje ik benijd.

“Nò, ha it es oer seks, metoo as persoanen dy in oar geslacht hawwe. Ensafuorthinne. Dat wolle de lju lêze. It moat interresant wêze. Der moat spanning yn sitte. Dan kriget mem fêst in bulte lêzers.” seit er oertsjûgjend.

Der moat ik oer neitinke. ‘Soe hy gelyk ha?’ freegje ik my ôf.

Ik gean ien foar ien es nei wat hy opsomme.

Seks? Wat moat ik der op sizze? Myn generaasje prate der net sa maklik oer, dat wie prifè. Wol as freondinnen ûnderelkoar eartiids fansels.

Dan komt Metoo wat alle dagen yn de media is. Der stean ik achter, goed dat it iepenbier wurden is.

Froulje as manlju dy homo, lesbisch as transgender binne… litte wy elkoar nimme sa as wy binne. Wa binne wy om der in oardiel oer te hawwen? Wa wy ek binne; it giet dochs om in lokkich  minskelibben.

Nò ik alles es sa neirûn ha bliuw ik mar by myn eigen styl; skriuwe oer it gewoane, deistige bestean.

Dan mar gjin bulte lêzers…

Myn gelikense

trochPosted on 3 Comments1min read2947 views
Photo: Tom Hussey
Einliks sjoch ik yn dat ik fan elkenien de gelikense bin. Eartiids do ik jong wie en yn in doarp wenne wie dat oars. Der wie grut ferskaat yn alle lagen fan de befolking.

Nim no it kristelik en it iepenbier ûnderwiis. It maatskiplik en sosjaal libben oerâl wie in skifting. Bern fan arbeiders as bern fan de dûmje, dokter en sufeldirekteur. It makke in hiel grut ferskaat yn in myn jeugd.

Guon bern hiene folle mear kânsen fûn ik. Myn bruorren moasten nei de ambachtskoalle, myn suster en ik nei de hùshâldskoalle. Dat wie foar de measte arbeidersbern al fêstlein.

Der waakse do by my in gefoel fan unearlikens, dat wy dy kansen net krigen. En der ha ik my altyd tsjin fersetten.

Ik allinnich wist dat ik mear yn myn mars hie. En dat soe ik op in dei elkenien merkbite litte, betocht ik my.

Jierren letter ha ik de Hegere Skoalle Fan It Libben trochrûn. Faaks mei onfoldwaande sifers mar ek mei sifers  wert ik grutsk op wêze koe.

Ik ha myn gelikense fûn, net ien is mear as de oare! 

It giet er om wast bist, net mear en net minder.