Do likest op ùs mem. Do bist har ùt de bek stapt. Sis mar ùt de kop snien." seit myn broer gauris. "Mar ek fan aard. Somstiden himelheech en dan wer yn `e skuorsek.
Moat ik der no bliid om wêze, freegje ik my ôf. Ik hâld fan stabile lju dy evenwichtich binne. Sa as ùs heit, dy man wie nea narrich en altyd op`t skik.
Hy wie in bytsje in beaken yn it gesin. As ùs mem wer es wat utwrydsk betocht hie moast dat daliks barre. Einliks moast it al regele wêze en dat joech gauris oanfarrings.
As bern hâlden we der rekken mei. "Earst mar oan heit freegje." seine wy dan.
Myn bruorren bygelyks, dat binne stabyle figueren. Dy bringe rêst yn hun omjouwing. En dochs is in kombinaasje fan dy beide karakters net sa gek. De iene dy gau yn fjoer en flam stiet en de oare oelizzend en beriedend. Fan beide âlders erve, it kin dochs net moaier!
Spyt. Ha jimme dat ek wol ris? Ik wol, regelmjittich ha ik spyt.
Net alle dagen fansels, dan soe ik net mear myself wêze kinne.
"It spyt my." sis ik tsjin de soan as hy my wat fan eartiids foar de fuotten smyt. "Wer gong it ek al wer oer?" freegje ik him.
Slim hat it net west want oars wie it my bybleun mar hy wit it noch wol, dat is it nuvere.
Werom ûnthâlt de iene it wol en de oare net?
It ferfelende is dat jo immen skansearre hawwe sûnder dat jo er fan bewust binne. In freonskip fan wol fyfentweintich jier hâld fan de iene op de oare dei samar op.
It is somstiden ek wol es sa dat de freonskip op in djoer foarby is, der is gjin nijs mear oan elkoar te untdekken.
Dochs mar es mei de soan prate en him sizze dat it my muoit. De freondinne mar wer es opsykje en har witte litte dat it sa net miend wie ....
It muoit my minsken, as ik sûnder it sels te witten ien fan jimme skansearre ha.
Ach, wat soe ik graach dichtsje wolle. Ik ha it faak besocht mar al gau lei de grûn besiede mei mislearre gedichten.
Hoe ha dy dichters it dochs? freegje ik my ôf.
Moaie wurden binne er genoch, foaral yn de Fryske taal. Mar om yn it gemoed fan minsken te kommen, sis mar de snaren fan de siel te reitsjen is mear nedich.
En ha jo dan einliks it gedicht klear, dan moatte er noch toanen by. Toanen dy passe by de wurden dy allinnich de lêzer hearre kin. Binne it net de goeie toanen dan giet it gedicht ferlen... it komt net oan. Minsken sille it dan nea fiele en nea oandien wurde.
In goed gedicht moat emoasjes oproppe. Sawol blidens as fertriet, argewaasje as in laits. Moat it ek rymje? freege ik my ôf. Dat wurd wer dreger, fansels.
Yn myn holle komt hiel seft in melody omheech, soe ik er wurden by fine kinne?
Op in drokke wei en op freedtemiddei stean ik stil. Ik bin op de skoetmobyl en soe gau efkes boadskippen dwaan.
Yn panyk start ik noch es en sis lûdop tsjin mysels; "Kalm fanke, rêstich bliuwe." As ik op san momint net mysels bin praat ik lûdop. Minsken sjogge somstiden efterom. Ik sjoch se tinken; der mankearit wat oan.
Ek no wer; hja rinne by my lâns en ride om my hinne. 'Ik moat hjir waai.' tink ik senuweftich. As ik no by it hûs fan de soan komme kin, dan sil hy my wol helpe.
En sa riid ik stadich oan fierder, dea benauwd dat ik net fierder kin.
Lokkich is hy thus en wol efter my oan fytse. Sa skarrelje wy op hûs oan.
"Skilje mar in monteur." seit er; "Ik kin it net fine."
Sa kry ik de firma oan `e line dy`t yn desimber nije accu's pleatst hat en soarg en wolwêzen heech yn it faandel ha.
Ta myn fernuvering kinne se my net. "U staat niet in ons klantenbestand." seit de man. "Ja wis wol." sis ik en begjin my op te winen.
'Kalm bliuwe.' sis ik tsjin mysels.
"Hoe kin dat?" sis ik tsjin de man; "Ik ha yn desimber accu's by jimme kocht."
"Dan bent u geen klant." seit er; "Wel als u bij ons een scootmobiel had gekocht."
D'r is gjin monteur dy my helpe kin. Hja wolle my in nije skoetmobyl ferkeapje, dat wol, en ek noch daliks bringe.
"Jim moatte jimme namme feroarje." sis ik lilk.; "Jimme moatte net mear Soarg & Wolwêzen hjitte. Want dat hat foar my in hiele oare betsjutting."
De skoetmobyl stiet yn`t hok en ik sit thùs wachtsjen op de man dy wol soarg en wolwêzen hat.
"Ferrek." sis ik tsjin my sels. Dat hear ik net te sizzen fansels.
"Ferhip." sei ùs mem dan. It betsjutte it selde mar it kaam wat sefter oer. Mar yn in bekrûping fan nidegens sis jo wol es wat.
Samar sûnder wat hurds te iten falt er in stik tosk ùt myn mûle. Ferline wike ek al, do ik foar it earst op besite wie by de nije buorren. Do koe ik it noch wat behimmelje want jo wolle in oar net witte litte dat de ofbraak ek by jin taslein is.
Ik ha, sa as jimme wol merkbite, myn eigen toskeboel noch. Wert ik tige grutsk op bin en op jierdeis fan myn famylje net litte kin om dat underwurp oan te snijen. Want yn tsjinstelling ta my hawwe sy al jierren kunstgebidden en implantaten.
Dat komt, tink ik, dat ik al hiel jong nei de toskedokter moast dy sprekûre hâld by de pleatselike kapper yn ùs doarp.
By myn bruorren en suster wie dat noch net oan 'e oarder.
En dan, as it heal jier om wie, mocht ik wer nei de toskedokter.
Dan siet ik wer neist Sake en de dûmny, dy beide knipt en scheert wurde moasten.
Prachtich fûn ik dy kontrôle besiken, sa hearden jo noch es wat fan/oer de ynwenners fan it doarp.
Nei in moane lis ik wer op 'e dei-behanneling fan `t sikehûs. De earste ynjeksje hat neat holpen.
"Dan mar de twadde." seit de spesjelist; "We sille it dizze kear goed oanpakke."
"Wat bedoele jo dermei?" sis ik eangstich. Ik ha in gloedige hekel oan pine. It is mear it ongewisse tink ik.
Mei myn famylje ha ik it wiidweidich oerhân. As it mislearret dan witte jimme wert alles leit. Ik nim myn man mei nei de kuolkast; der is hy altyd goed yn thus west, dat skeelt.
De soan wiis ik wert de banksaken lizze en sis mei neidruk; "Tink er om dast it byhâldst. Jimme moatte gjin doarwaarders om `e tiennen hawwe."
Nei dit alles regele te hawwen, wit elts wat hy dwaan moat. Nei dat ik de kattebak goed folle ha, bin ik der hielendâl klear foar.
Ik stap yn de taksje, nei wiuwd troch de efter bliuwers. Op de dei-behanneling stiet it bed al klear. Leave susters haine my op. Bekinde gesichten laitsje my ta, ek sy moatte it noch es ondergean.
Dan helje se my op nei de operaasjekeamer. Wat my it earste opfâlt; se prate allegearre Frysk en meitsje grappen onderling. Fremd, ik er wurd ynienen rêstich fan.
In snerpjende pine giet troch myn rech, oant de tiennen ta. "Sa," seit er; "dit moat foldwaande wêze. De blokkade yn jo wervels kin jo net mear pleagje." Wiidweidich betankje ik him en syn assistenten .
Thùs kommen is er aardich romte kaam yn de kuolkast en ek de doarwaarder hat net west.
Tankber lis ik efkes letter ûnderùt. Ik ha it wer oprêden ....
Wachtet jo man yn de wachtromte?" freget de ferpleechster oan de frou.
Mei fyf froulje lizze wy neist elkoar yn de Pijnpolie, dat is in lokaasje yn it Abe Lenstra Sportstadion wat ûnder it Feanster sikenhûs Tsjongerskâns beflappe is.
Al in skoft ha ik lêst fan de rech en de linker foet. Ik sjoch yn de etalaazje hoe in âld minske mank rint. Ik sjoch noch es goed en, 'ferhip' tink ik; 'hé, dat bin ik sels'.
En sa bin ik fia Orthopeed, Neuroloog, Radioloog, MRI en in Anestioloog yn it stadion telânne kaam.
"Wachtet jo man yn de wachtromte?" freget de ferpleechster noch in keer.
"Ik ha gjin man." seit se; "Dy is allang lyn ferstoarn. Mar der sit wol in man op my te wachtsjen mar dat is myn sweager. Hy giet oerâl mei my hinne."
De suster komt by it folgende bed. En stelt de selde fraach.
"Sit er ek ien op jo te wachtsjen? Jo man as de bern?" giet se fierder. "Ne," seit se; "myn frou hellet my op."
Se skowt de gerdinen om it bed hinne ticht.
"En jo?" seit se tsjin my; "Wa sit er op jo te wachtsjen?"
"Ik sil wol sjen wa dat 'r oer bliuwt." sis ik.
We sjogge elkoar oan en kin it laitsjen amper litte.
"U heeft een Selectieve Wortelblokkade." seit de dokter.
"Mei oare wurden: in hernia." sis ik. "Kin my neat skele, dokter, wat it ek is. As de pine mar fuort is."
Wat hasto fan dyn alderlik hùs meikrigen?" sei in goed kunde tsjin my.
Wy binne beide minsken op leeftiid. En dan giet it praat faak oer âldetiden. Se hat my mei har fraach oan it tinken set.
Wat ha ik âlderlikhûs meikrigen?
Der wiene Heit en Mem en fjouwer bern. Twa jonges en twa famkes. Myn âldste broer koe ik goed mei opsjitte. By him koe ik noch wol es wat los peuterje sa as knikkers. Do ik âlder waard skode hy my wol es wat bûssinten ta.
Dan kaam myn suster, dy miende altyd dat se op my passe moast. Ta myn grutte argewaasje fansels, sy fielde al jong de ferantwurdlikens foar it gesin.
Dan kaam in broer boppe my. Dy wie sunich. Knikkers liene, lit stean fan jild, wie der net by. By it âlder wurden binne wy de bêste maten wurden.
Dan wie er ùs Heit wat in hurde wrotter wie.
Fan him ha ik trochsetten leard, neat wie him te dreech. Nearne ha wy krapte hân wylts hja dochs drege tiden meimakke hawwe.
Fan ùs Mem ha ik de leafde foar literatuer erve.
It iene Fryske boek nei it oare helle sy ùt de biblioteek. Dy lêsde se jûns as wy allegearre op bed leinen. Se hâld ek fan gedichten, dy waarden ùt knipt en bondele. By it opromjen fan har hûs fûnen wy laden fol.
Sa as yn eltse hùdhâlding barde der fan alles, ek sykte en soargen gongen ùs doar net foarby. Mar de bân wie underling tige hecht dus koe it in soart lije.
Tebek sjoen, dan bin ik grutsk op myn alderlik hûs.
Hja hawwe ùs leard wat wurklik belangryk is yn it libben.
Lizze jo noflik?" freget it susterke. Se skowt my yn in grutte rûne koeketromp dy om jo hinne draait en fan elts ûnderdiel fan jo lichem foto`s nimt.
Earst hat se my it himd fan it gat frege. "Ha jo ek in gehoarapparaat? Ha jo ek sieraden om?"
"Nè," sis ik; "de trouring ha ik thûs lizzen. Dy is nei acht- en fyftich jier nea ôf west."
"Ha jo ek klean oan mei ritsen as stielendrukknopen?"
"Nè bern," sis ik; "dy tiid ha ik allang hân. Alles is elastysk wurden."
"Ha jo ek in CD meinaam?" seit se. "Hoe sa?" freegje ik.
"As jo der yn lizze kinne jo musyk hearre wat jo graachhearre wolle." "Draai mar it Fryske folksliet." sis ik.
"Wolle jo net Elske DeWall hearre? Der freegje de measten om."
Lang om let wurd ik yn it apparaat skowen.
Sa no en dan hear ik, tusken de lûden fan it koeketromke yn; "Klink dan en daverje fier yn it rûn, dy âlde eare..." en dan nimt it apparaat it lûd wer oer.
De tiid is om dwyl rin ik nei it klaaihokje. Wat soe it ding fûn ha? Ik ha dochs net in fremde kwaal ûnder de lea?
Jo hawwe in hernia." seit de sjauffeur. Hy sjocht my oankommen en hat de taksje foar de doar riden.
"Hoe sa?" sis ik.
"Ik ha jierren allyn it selde hân.Ik koe net mear rinne, sitte as lizze en stie by de tafel te iten."
"Net gesellich foar jo frou en bern." sis ik; "It moat fansels noch bliken dwaan dat ik in hernia ha."
"Ik ha it al lang sjoen." giet er fierder en set hastich ùt ein. Der moatte hjoed mear lju nei it sikenhûs.
Nei lang om let ha ik in ôfspraak makke mei de orthopeed. De hûsarts is oerstjûge dat ik in nije heup hawwe moat, dy siet er ommers al tweintich jier yn. Nei ferskate ynjeksjes hân te hawwen waard de pine slimmer.
"Ik wol hegerop." sis ik tsjin de hûsarts ."As jo der op steane kin dat." seit er.
"Hoe gaat het met U? seit de orthopeed en jout my in stevige hân. We begroetsje mekoar as âlde freonen. Hy kin mij better fan binnen as fan bûten. Hy hat ommers yn de rin fan de tiid hast alle underdielen fan my ferfongen.
"Wij gaan het onderzoeken." seit er. En hy makket er goed wurk fan. Ik gean fan de iene wachtkeamer nei de oare.
"Moarn!" rop ik oerdreaun. Net ien sjocht op, se binne allegearre yn `e bân fan hun smart-phones.
In nije ôfspraak wurdt makke en dan foar de MRI.
"Sei ik it net?" ropt de sjauffeur; "It is in hernia!"
In hernia....
Oer Wokke
"Efkes oer my sels want wa my net kin bliuw ik in fremde foar. Ik bin berne yn Âldeboarn en de jongste fan fjouwer bern. "Twa jonges en twa famkes. In Keninklik Getâl." sei ùs mem altiid."
Kringloop
Bleate fuotten
Bleate fuotten