Oer mijsels

Poèzy- Poesje- album

trochPosted on 2 Comments1min read1110 views

“Moast es lâns komme”, sei myn broer; “ik ha in ferrassing foar dy.” Meer woe hy net sizze. Ik nijskjirrich fansels.

Al ridlik gau nei dit petear fertelde hy dat it haad fan de Basisskoalle ùt myn doarp op besite west hie. By it opromjen fan de souder fan de skoalle wiene er twa poèzy- albums fûn. En omdat ik in echte fryske namme ha dy net faak foarkomt tochten sy oan my. Nei fyfensechtich jier hie ik myn poèzy-albums werom.

By it lèzen fan dy ferskes waard ik bytiden oandien fan. Skoallefreondinnen dy ik al lang ùt it each ferlen hie gongen oan myn each foarby. Myn âlders, myn pakes en beppes; hja stiene der allegearre yn. En dan dy printsjes der by, it wie oarlogstiid neat te kryen. De minsken moasten kreatyf weze. Der waard wat ôfknipt en plakt. It earste poèzy-album kaam ùt it jier 1941 en de twadde ùt 1946.

Foar`yn it boekje stiet yn breklik handskrift;

Libje fleurich mei ferstân, yn ùs Fryske lân.
Hâld dy oan ùs Fryske aard.
Yn dyn wèzen, yn dyn praat.
Slocht en rjocht en froed
fan sin, sûn en rûn,  dan is `t goed.

Nijsgjirrich, net?

In bliid minskebern

trochPosted on 0 Comments1min read1142 views

We hawwe besite hân fan in freon dy wy al hjirren kinne. Altiid gesellich, we hawwe hiel wat te bepraten. Mar it praat wurd dreger. Hoe langer hy bliuwt, hoe swieder it  petear wurd.

It giet oer hoe dreech de âlde minsken it tsjintwurrich ha. Oer de fersjennings foar âlderen en hoe djûr as alles wurden is. Sa giet it petear fjirder en it wurd al swier setteger. Lang om let gryp ik yn; ik kin it net mear oanhearre. Ik begjin op te somjen hoe goed as wy it hawwe yn ùs lân. Ien ding ha ik ôfgryslik de pest oan: negativisme.

Myn man wol ek noch wol ris dy kant ùt skeie as hy foar it sjoernaal sit. Mar ik gean net mei; ik ferpof it. It falt net altiid mei fansels as alles je tsjin sit. Mar dochs besiikje ik tsjin alles yn posityf te bliuwe. Ik sjoch mar nei de lytse dingen om my hinne. Sa as ùs fûgelhokjes dy wer bewenne binne en it jonge grien komt ek al wer ùt de grûn. Ik nim my foar een in bliid minskebern te bliuwen, wat se ek om my hinne sizze.

Wez in sinnestriel in oar hat er ferlet fan, witte  jim noch

De au pair

trochPosted on 0 Comments1min read1120 views

Al wer jierren allyn gong in famke ùt Fryslân as aupair nei Ingelân. Sy woe net allinne de taal leare mar ek selsstannich wurde. Sy hie de grutte leafde fûn mar troch stânsferskil en wize fan leauwen (wie dû sa) woe sy wis wèze dat it allegearre wol de muoite wurdich wie.

Fia kunde kaam sy by minsken yn it sintrum fan Londen telânne. Sa ùt in doarpke yn Fryslân delpoate yn in wrâldstèd. Sy koe amper hollânsk prate, lit stean fan ingelsk. De frou wie balletdûnseres en de man ingenieur. Se hiene ien bern en tige bedoarn. Wat wie sy earste tiid ûnwennich mar se sette troch. Nei in skofke kryge sy freonen en it begon te wennen. Oan ‘t in freon tsjin har sei dû hy fan har ferhaal hearde;

“Do moast nei de stim fan dyn hert harkje en net nei oaren.”

En dat hat se dien. Se hat hja sels kinnen leard mar ek de taal…


Presintsje

trochPosted on 2 Comments1min read1491 views

“Ik ha in kadootsje foar mem..” seit myn soan. “Dat is moai” siz ik; “foar presintsjes bin ik altiid yn.” “Ik ha in webside foar mem. Dan kin mem har ferhaaltsjes kwyt en dat is moai foar it neiteam.”

Nò, neiteam ha wy noch net en wat moat in oar mei myn ferhaaltsjes? Ik ha noch al wat tsjinaksele mar de soan hâld fol. “It is krekt wat foar mem.” En omdat ik net ûntankber wèze wol siz ik; “Foart mar.”

Nò moat ik sizze; hy kaam op it juste momint. Ik wie wat ûnmoedich en siet wat yn ‘e skuorsek. Troch dat wy in neiste misse moasten en dan ek noch in pols brekke, dat dy de doar ticht. De webside wie der en nò moast ik wol fjirder. It is “Tiden hawwe Tiden” wurren. Ik moat sizze it hat my te pakken. Ik kin nò myn ai kwyt. It sil wol mei fallen en opstean gean, der sille taalflaters en missers yn sitte. Ik hoopje dat ik troch myn stikjes net ien skramje of op it sear kom…

Allinne mar dat jimme it nysskjirrich fine en oars hat it neat om ‘e hakken…

Gryp

trochPosted on 1 Comment1min read1170 views

Sûnder dat wy nei Mexico west hiene krige ik de gryp. Mar ik tink dat it in Fryske fariaasje der op wie. Krekt sa hommels en dwers. Okkerdeis hawwy mei in taxi riden en de sjaufeuze hoase har ùtelkoar. It wie in simpetyk frommiske en de reis wie net djûr. Mar dat der it grypfirus by yn begrepen wie waar net fermeld.

Hawar der lei ik dan foar mets. It barren fan de wrâld om my hinne ynteresseare my gjin moer. De fersoarging wie prima mar it hie om my net hoecht. Ien keer waar my in board sop brocht, it wie fan ûndùdlike makely. Best bedoeld fansels mar lit my mar lizze. Bûten it beroerd fiellen giet alles gewoan troch.

Gek genoch fûn ik it noflik, sa in pear dagen bûten wurking te wèzen. Net ien hie my nedich en ik hoegde my nearne mei te bemuoien. Soms ha jo wolris it gefoel: ik bin ûnmisber. Mar it rèd him best ek sûnder dy. Myn fekânsjedagen binne wer foarby en ik fiel dat ik wer nedich bin.

En moatte jimme in taxi ha, freegje dan as by de priis ek in grypfirus ynbegrepen is


Gryp

trochPosted on 1 Comment1min read1119 views

Sûnder dat wy nei Mexico west hiene krige ik de gryp. Mar ik tink dat it in Fryske fariaasje der op wie. Krekt sa hommels en dwers. Okkerdeis hawwy mei in taxi riden en de sjaufeuze hoase har ùtelkoar. It wie in simpetyk frommiske en de reis wie net djûr. Mar dat der it grypfirus by yn begrepen wie waar net fermeld.

Hawar der lei ik dan foar mets. It barren fan de wrâld om my hinne ynteresseare my gjin moer. De fersoarging wie prima mar it hie om my net hoecht. Ien keer waar my in board sop brocht, it wie fan ûndùdlike makely. Best bedoeld fansels mar lit my mar lizze. Bûten it beroerd fiellen giet alles gewoan troch.

Gek genoch fûn ik it noflik, sa in pear dagen bûten wurking te wèzen. Net ien hie my nedich en ik hoegde my nearne mei te bemuoien. Soms ha jo wolris it gefoel: ik bin ûnmisber. Mar it rèd him best ek sûnder dy. Myn fekânsjedagen binne wer foarby en ik fiel dat ik wer nedich bin.

En moatte jimme in taxi ha, freegje dan as by de priis ek in grypfirus ynbegrepen is


Myn berte doarp

trochPosted on 2 Comments2min read1237 views

Ik kom ùt in doarpke fan skriuwers,  dichters en mei ferskate muzikale ynwenners. Der wie in grut koor mar ek in fanfarekorps. En op hichte dagen lieten se troch ùtfieringen hearre wat se koenen, it wie in sosjaal barren .

Der wie ek in kabaretploechje, der wie ik by fansels.

Ik koe net sjonge en wie ek net muzikaal mar allinne op it podium stean, dat lei my, dat fûn ik geweldich. En foar dat ik optrede moast, bestoar ik it hast fan de senuwen. It kommentaar fan thùs wie dan; wat dochst  der ek by, sokke ûnsin? Se seagen der it nut net fan yn, myn suster wie by twa koren; dat wie noch es wat.

Tretsjen jier wie ik doe en krige  al spraaklear en dat hat syn nut hân yn myn lettere libben. We hawwe yn hiel wat doarpen yn kafe’s en doarpshùzen optreden. In machtige tiid wie dat. Letter ha wy noch foar de N.C.R.V. radio west; wat in aventoer!

Mar doe kaam de earnst yn myn libben. Der moast jilt yn it laatsje komme en tiid foar sokke ûnsin wie der net mear. Dochs  krûpt  it bloed wer it net gean kin. Mei oare wurden: it komt er op in gegeven momint dochs wer ùt. Letter yn myn libben bin ik Menist wurren en der koe ik myn ai kwyt. De Menisten hawwe lekeprekers, Dat binne minsken die in deuglike oplieding krye en sa fan hun  leauwen tsjûge meie.

En dat leit my. Ik ha myn bestimming fûn.

Myn winkel | trije

trochPosted on 4 Comments2min read1408 views

Beste minsken, ik ha jimme ûnthjitten dat ik noch ris werom komme soe  mei de skiednis fan myn winkel.

Twa keer is er ynbrutsen. Se hiene in rùtsje by de doar ynslein. Wat my opfoel tusken de rafaazje fan klean, glès en wat net al, misten wy by de broeken allinne maat 38. Dus it wie in behindich persoan.

Nei dat ik wat bekaam wie  en de saak opredden hie tocht ik: “Wa soe dat nò west ha?”

Einliks docht my it stellen guod neat mar ik bin  mear nijskjirrich nei it minske der achter. “Werom docht san minske dat? Is de need sa heech as is it de spanning?”

Mar it kin ek op in oare manier.

Nei dat ik krekt iepen gong wie, kaam er in kreas jong frommeske yn de winkel. Op it earste gesicht neat oan te sjen.

Mar troch ûnderfining fielde ik dat dit mûzen hie.

Se stie by de djûdere klean en koe net ùt de rie komme. Der kamen mear klanten mar ik hâld har yn de gaten.

Yn ‘ e drokte soe se de doar ùt. Doe sei ik tsjin har: “Wat jo efter jo jas ha, wolle jo dat wol efkes ôfrekkenje?”

It wie in grutte gok mar myn gefoel sei: “Dwaan”. Onder fûl protest dy se de jas iepen en ja hjer; der kaam fan alles ûnderwei.

Foar dat ik bekaam wie, wie se alwer ûnderweis nei in oare winkel tink ik. Der binne minsken dy ha hun berop der fan makke.

In oare kear bin ik bedriege mei in grut mes troch in jonge Marokkaan ljocht tinte jongfeint, en as er net in freondinne efter de kassa sitten hie, wie ik d`r oan gien.

Letter is hy fermoarde troch syn eigen suster dus it wie gjin brave broeder.

Och ja,  sa kin ik noch wol mear fertelle mar dat komt letter wol wer.

It hat in prachtige moaie tiid west mar soms wol es wat dreech.
Mar ik hâld  fan minsken en dat skeelt.

Myn winkel ien | twa | trije

Sinteklaasjûn

trochPosted on 0 Comments1min read1194 views

Jûn is it wer Sinteklaasfeest. Yn myn tinzen gean ik werom nei de sinteklaasjûnen fan myn jeugd. Dan praat ik oer de jierren fan de foarige ieuw dû ik noch in bern wie.

In pear wike foar dy tiid wiene wy as bern al tige nyskjirrich wat wy krye soenen. As ùs mem efkes de doar ùt wie waar it hiele hûs trochsocht , myn jongste broer en ik koene net sa lang wachtsje oant it sa fier wie.

En as we wat fûnen pakten wy it sa wer yn, dat net ien fermoede  koe dat it pakje iepen west hie. Trouwens,  it wie oarlogstiid en neat te kryen. Mar de memmen fan dû wine tige kreatyf, der waar hiel wat ôfbreide fan skjippewol dat wy  as bern fan it stikeltried ùt it lân sykje moasten. Dû de sinterklaasjûn oanbrutsen wie siten wy allegearre om de tafel hinne. De petroaljelampe boppe ùs holle sûze sèft en strielde waarmte ùt, ùs heit  lèsde dan in spannend ferhaal foar.  De  kadootsjes bestiene ùt:  foar de jonges mecano en  ik krige in poppe en in beer dy ùs mem ruile hie foar  bûterbonnen.  Ùs soan pronket der noch mei yn syn hûs.

Dat wie ùs sinterklaasfeest en mei in waarm gefoel tink ik der faak oan werom.

” TIDEN  hawwe  TIDEN “

Myn winkel | twa

trochPosted on 1 Comment2min read1218 views

Ik ha jimme tasein dat ik noch wat fertelle soe oer de hjirren fan ‘myn winkel 

As min yn in winkel stiet, mar foarâl as it in ienmansbedriuw is, dan binne klanten gau thùs mei je. En as it dan “klikt” dan wurre minsken iepen en betrouwe jin persoanlike saken ta. En dat wie by my betrouwt, sa wie it fan beide kanten, tink ik.

Op in moarn doe ik krekt ypen wie, kaam er in jonge man yn de winkel. Hy hie in in doaze mei gebak yn ‘e hân en frege my as ik de kofje klear hie. Ik sei;  “Altiid.” Hy fertelde my dat hy ùt it sikenhûs kaam en dat syn frou dy nacht in bern kryge hie. En nò moast hy dat fiere  en er oer fertelle. In grutske heit en der hie ik hoe drok ik it ek hie alle begrip foar.

Op in oare dei kaam er in kreaze jonge man yn de winkel, ik hie it gefoel dat ik him earne fan koe mar koe him net thùs bringe.

Doe hy oan bar wie sei hy; “Ik wachtsje wol efkes.” Ik fernaam dat hy de leste klant weze woe.

Doe ik him frege nei dat eltsenien foart wie as ik him helpe koe, sei er; “Ik ha wat goed te meitsjen. Hjir is in slûfke mei jild, dat ha ik eartiids ùt jo kassa helle. Ik bin feroare. Ik bin Kristen wurren en no wol ik alles wat ik dû stellen ha werom jaan. Boppedat sil ik de minsken freegje as se my ferjaan wolle.”

Ik ha begrepen dat hy nei noch nei in hiel soart minsken ta moast en it gie net allinne om in pear tûzend gûne.

Grut respekt ha ik foar him krige, de dei koe by my net mear stikken.

En sa kin ik wol troch gean mei ferhalen. Ik moat leauw ik mar in boek skriuwe oer de tiid fan ‘myn winkel’.

Letter mear.

Myn winkel ien | twa | trije