Gryp

Sûnder dat wy nei Mexico west hiene krige ik de gryp. Mar ik tink dat it in Fryske fariaasje der op wie. Krekt sa hommels en dwers. Okkerdeis hawwy mei in taxi riden en de sjaufeuze hoase har ùtelkoar. It wie in simpetyk frommiske en de reis wie net djûr. Mar dat der it grypfirus by yn begrepen wie waar net fermeld.

Hawar der lei ik dan foar mets. It barren fan de wrâld om my hinne ynteresseare my gjin moer. De fersoarging wie prima mar it hie om my net hoecht. Ien keer waar my in board sop brocht, it wie fan ûndùdlike makely. Best bedoeld fansels mar lit my mar lizze. Bûten it beroerd fiellen giet alles gewoan troch.

Gek genoch fûn ik it noflik, sa in pear dagen bûten wurking te wèzen. Net ien hie my nedich en ik hoegde my nearne mei te bemuoien. Soms ha jo wolris it gefoel: ik bin ûnmisber. Mar it rèd him best ek sûnder dy. Myn fekânsjedagen binne wer foarby en ik fiel dat ik wer nedich bin.

En moatte jimme in taxi ha, freegje dan as by de priis ek in grypfirus ynbegrepen is


One Comment on “Gryp

  1. Dat wie een koatte mar slimme gryp, us memmeminkse. Mar ‘t is goed dat mem wer opknapt is. Gefolchis wol dit soarte grappige stikjes 🙂

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien