Regearje is foarùt sjen…

Naamloos-1“Wolsto de boekhâlding op dy nimme?” frege myn man in pear jier allyn. Hy makke him soargen oer syn eagen.

“As ik neat mear sjoch dan moast sto it oernimme kinne.” 

Myn earste reaksje wie; “Né, dat kin ik net. Der wit ik neat fan ôf.

En omgean mei jild hat my nea boeie kinnen.

Der kaam by; hy die oan ynternetbankieren en der hie ik gjin krommel ferstân fan.

Mei oare wurden; it griisde my oan.

Mar it sicht fan him waard minder en lytse flaterkes kamen wol gauris foarby.

“Jouw mar oer.” sei ik en liet my troch him foarljochtsje en dat foel net mei. Dat is krekt sa as mei behingjen; dat moat min noait mei jin partner dwaan. Der komt bargebiten fan.

Ik moat sizze; mei einleas geduld hat hy my utlein hoe alles yn syn wurk gong. Troch skea en skande ha ik it under `e knibbel krige en is it gewoan wurden. Wat soene wy sûnder ynternetbankierjen moatte?

Wat stiet er op `e bank?” freget er dan.
En ik lis it him ut.

Regearje is foarùt sjen …

 

LÊS EK:  Boadskipje
>