De Famylje

Begryp en respekt

trochPosted on 1 Comment1min read1044 views

De  soan hat west en omdat hy om utens wennet is it altyd in pear dagen. Dan prate wy by, dat is better dan maile as skiljen.

Fan alles komt er dan op it plusentafelkleed. Polityk en leauwen binne favorite underwurpen.

En omdat wy fan aard it selde binne hawwe wol es in oanfarring. Wy kinne mekoar troch en troch. Hy is gau opljeppend en ik ek. Wy jouwe mekoar net folle romte. We hâlde fan messen slypjen, wa hat it by it rjochte ein!

Der is in grut ferskaat tusken ùs; hy is jong en ik bin op jierren. It libben hat my tekene en hy stiet er noch foar. Ik praat ùt in libben fan ûnderfining en hy praat oer idealisme en hoe hy it libben sjocht. Faaks as ik him oanhear ha ik it gefoel; wy hawwe it net goed dien. Krityk hat hy somstiden en komt mei goeie argumenten.

Efternei besjoen tink ik;  hat hy ek  gelyk ! Hie dat ek oars moatten ! Mar wy libben yn in hiele oare tiid en oare omstannichheden. .

Ien ding is wis; wy hawwe alles mei ynmoed en leafde dien …

Begryp en respekt.

NL-ALERT

trochPosted on 4 Comments0min read1130 views

naamloos-1“Is er wat?” freget de soan. “Né. Hoe sa?” sis ik.

Mem hat my krekt skille.”

“Der wit ik neat fan. Bist der wol wis fan?”  

In hoartsje letter skillet de oare soan. “Is er wat? Ik wie ungerêst! Mem skillet my noait as ik yn Dùtslân bin.”  Yn alle toanaarden ûntken ik.

It sit sa, ik ha in nije telefoan krige.

Myn abonnemint rûn ôf en sa moast ik wat oars hawwe. “Dan mar it nijste wat er is.” sei de soan.

En sa kaam er in telefoan sa grut as in tsiis planke.

Alles kin jo der skynber mei dwaan ùtsein kofje sette. Omrin, Burgernet, it Waar... ensafuort-hinne. Hja hâlde my fan minùt ta minùt op `e hichte.

Ek banksaken kin ik der op regelje. Ik betrape my er op dat ik gauris seach hoe it er mei de sinteraasje foar stie. Om `e klapskeet begjint it ding  him te melden. Ik bin ynienen belangryk wurden.

“Hier NL-Alert, kan ik U van dienst zijn?” seit in freonlike stim. Senuweftich ekskusearje ik my.

Soe ik it wol ea ynt snotsje krije?

De psycholooch

trochPosted on 2 Comments0min read1047 views

getty_rf_photo_of_man_in_mri-bewerkt

We hawwe ofpraat mei in psycholooch yn it sikehûs. It is it lêste fan in soart as APK-undersiken. Ferskate besiten binne hjir oan foar ôf gien.

“As ik mar net yn san apparaat moat, dat is my de lêste kear min befâllen.” seit myn man. “Hja fregen earst wat foar musyk ik hearre woe foar dat ik yn dat ding  gong. Doch it Fryske folksliet mar.” sei ik; “dan kin ik tenminsen mei sjonge.”

Efker letter seit er; “Dat ding hie san leven dat ik allinne it refrein heard ha.”

In aardich jongfaam stiet ùs te wurd en bringt ùs nei de wachtkeamer. “Soe dat dy psycholooch wèze?” flùsteret er. “Nè jong,” sis ik; “dit binne gastfroulju.”

En sa sitte wy efkes letter foar de man dy alles wit fan Medyske Psychology. Wy krije in stevige hân. It falt my op dat er in Fryske efternamme hat. “Sille wy mar yn it Frysk konversearje?” freegje ik; “As it jo om it even is fansels?”
“Ja wis wol.” seit er.

En hy ferhellet oer wert hy berne is en opwaakse yn Fryslân. En al gau is it ies tusken ùs brutsen. “Fremd is dat,” tink ik by my sels; “dat min tichter by elkoar komt as jo de selde taal sprekke. As soe dat de taktyk fan in psycholooch wêze?”

“Hjir wol ik wol vaker hinne,” sis ik; “wat in ynnimmende man.”

“Giest allinnich mar,” seit myn man; “ik doch leaver wat oars.”.

Wist noch wol?

trochPosted on 4 Comments2min read1623 views

tsjerke-bewerkt“Wat hasto dochs mei it doarp?” seit myn suster. Se hat nea wat hân mei ùs doarp wert wy berne en opwaakse binne.

Ik wol. Fan jongs ôf oan wie it myn doarp. De minsken wert ik allinnich de foarnamme fan koe mar net de efternamme. Hun aardichheden en onaardichheden  dy wist elken ien.

Der wie in kristelike en in iepebiere skoalle. ‘In fine en in grauwe’ sei min wol. Der wiene Herfoarme,  Grifformearden en Menisten. De grutte brêge wie de grins; sneins gong elk nei syn eigen tsjerke. Der wie do ien Jehova tsjûge en in ynkele roomske dy gong nei Jirnsum.

Yn de oarloch learden wy inoar pas goed kinnen. Wy wisten fan elkoar; dy is fertrouwd en dy net dus pas op!

Mar foar it grutste part foarmen de doarpsgenoaten ien front tsjin oer de agressor.

Oantinkens fan eartiid komme somstiden samar by my boppe.

Hoe wy swommen yn de feart en ljipaaien sochten yn de maitiid. Mei myn bruorren it lân yn te fierljeppen. Myn earste feintsje wert ik stikem mei yn it singeltsje rûn. Grul, de skuonmakker dy neist de skoalle wenne en alle dagen de learkes fan ùs kleppers meitsje moast.

We hiene altyd bisten wert wat oan mankearre, in hûn sûnder poat en in kreupele kat. Kninen dy fet meste waarden foar de Krystdagen mar dy wy temûk los lieten as it safier wie.

Wist noch wol?” sis ik tsjin myn suster.

Se begjint oer it waar …

Hannen

trochPosted on 3 Comments1min read1304 views

photo379551891105884282-bewerktHy sit tsjin oer my, syn hân om de knop fan de stok. De trouring om de oare finger want dy is te rom wurden.

Ik sit foar him oer en ynienen falle myn eagen op syn hannen. Under it petear dat wy hawwe, ferteld hy wiidweidich wat him eartiids oerkaam is. Ik kin dy ferhalen en kin se ùt de holle. Mar ik doch krekt as is it de earste kear.

En sa falt myn each op dy iene hân dy `t hy om `e stok klemme hat.

De hân dy hiel wat meimakke hat. Moaie en minder moaie dingen. Blauwe ieren slingerje oer de hân hinne.

Dy hân hat leaf hân mar ek wol ferkrampe west fan lilkens. Ek hat hy wol es mei lege hannen stien by it ferlies fan in bern.  

As sa it net gong yn it bedriuw sa hy it woe. En bedondere waard troch minsken wert hy de hân foar ynt fjoer stekke soe.

Betrouwen yn de minsken is troch de rin fan de jierren minder wurden. Se hawwe grutte groeven efter litten.

Mar lokkich kin de hân noch altiid striele en krêft jaan.

Bliuw altiid dy sels …

trochPosted on 0 Comments0min read1213 views

1950-benjamin-spock“Do moast dy oanpasse.” sei myn skoanheit doe destiids.

Doe ik trouwde kaam ik yn in oar miljieu terjochte. Ik moast my oanpasse mar wat dat ynhâld hie ik gjin idee fan.

Ik woe it eltsenien nei it sin meitsje. Ik wist ommers neat, tocht ik.

Ik die myn ùterste bêst. Ik klaaide my sa as nimmen der krityk op hawwe soe. It hûs wie sa ynrjochte dat ik plomkes krije soe. Ik feroare fan tsjerke en gong nei gearkomsten dy by ùs miljieu pasten.

En ik tocht altyd as er wat mis gien wie dat it oan mysels lein hie.

In protte stipe krige ik net.

Doe kamen er bern en ik krige boeken oer opfieding fan Dr. Spock. Want hja tochten dat ik ek neat wist fan opfieden. In leave muoike fan myn man syn kant sei es: “Dit komt niet goed. Ik vond jou zo`n leuke meid. Je bent veranderd.”

Troch de jierren hinne fûn ik my sels wêrom en waard wer gelokkich. Ik waard wisser en doarde yn it iepenbier foar myn miening ùt tekommen.

En boppedat ik hie in man troud dy fan my hâld sa as ik wie.

Bliuw altiid dy sels …

Seltsredsumens

trochPosted on 1 Comment0min read1250 views


“Jimme kinne gjin help fan de gemeente krije.” seit de jonge man. We hawwe besite fan de Meitinker.

In aardige jonge man, neat mis mei. Nei in pear besiten komt hy mei in einbeslùt.

“Jimme hawwe tefolle ynkommen en dertroch falle jimme bûten de boat.” en docht de learen tas ticht. “As jimme gjin sparrekken hân hiene dan wie it goed kart.”

“Wer leit de grins?” freegje ik him.

Jimme hawwe fiifentweintich euro te folle ynkommen yn ‘e moanne om yn oanmerking te kommen foar help.” seit er freonlik.

“Kom mar yn myn garage.” seit de iene soan. “Dy sille wy foar bewenning rè meitsje en kinne jimme moai op ùs bisten passe.”

De oare soan seit; “Ik bin er dochs noait. Jimme meie yn myn flat wenje, dan ik sil him bewenber meitsje en kinne jimme moai achter de dôven oan.”   

Dweil trochwiet wurd ik wekker.

‘Gjin garage. Gjin flat. We bliuwe wert wy binne en sille ûs sa folle mooglik sels rêde’, nim ik my foar. Wat er ek barre mei.

De Meitinker giet mar nei minsken dy it nediger hawwe dan wy. Seltsredsumens …

De oare kant

trochPosted on 1 Comment0min read1137 views
lmI1cNFoarsichtich grypt hy nei de mich dy yrritearjend om ùs holle fladderet .

We hawwe in freon op besite en it is altyd gesellich. Fan alles hawwe by de kop; de polityk en hoe fremd hjoed-de-dei de wrâld der hinne leit.

Hy hat syn miening en ik faaks in oare. Mar dat waardearje wy fan elkoar. Sis mar; ik kin wat leie.

Mar dizze middei wurde wy hieltyd steurt troch in blauwe mich.

“Hast ek in skûteldoekje?” freget er; “Dan sil ik him bûtendoar sette.”

“Hjir hast in krante.”, sis ik en rolje him op.

As hie de mich him stutsen sa fleant er oerein. “Ik bring him bûten!” seit er; “Elk bist hat rjocht fan bestean…”

In neef fan ùs is boer en hat in grutte grientetùn. As wy efkes letter oan it buorkjen binne nimt er de skeppe mei. “Werom moat dy mei?” freegje ik. “Der binne noch al wat slakken om dizze tiid en dy doch ik midstroch. Dy komme dan net wer.” seit er.

It griist my oan. “Hast er net wat oars foar?” freegje ik him. “No,” seit er; “it is in genedige died. Se hawwe gjin pine en binne foart dea.”

‘Hoe fier giet bisteleafde?’ freegje ik my ôf. De iene wol de mich sparje en de oare docht slakken midstroch. En beide hâlde se fan alles wat libbet.

“Hy docht gjin mich kwea.”  sei ùs mem dan as wy it oer immen hiene.

Wy moatte it fan de oare kant besjen, mear fan de bistekant, betink ik my.  En bring de mich hoeden nei bûten.

De oare kant

hannibal-snail

Fereale

trochPosted on 4 Comments0min read1494 views

IMG_20160801_102133-bewerkt

By it oprêden fan in kast kom ik in kuorke tsjin. It is noch hielendal yn takt. In kuorke fol mei brieven mei grutte griene strikken der omhinne.

Foarsichtich doch ik it iepen en twa steapels brieven komme foar it ljocht. Ik gean der by sitten en begjin te lêzen.

It binne leafdesbrieven fan twa jonge minsken dy tige fereale op elkoar wiene.

Kompjoeter en e-mail wiene er noch net.

En folle telefonearren wie der ek net by; dat wie djûr foar dy tiid.

En sa begûnen dy twa fereale jonge lju elkoar te skriuwen. Yn de rin fan de tiid waarden de beide steapels al grutter en grutter. Sy yn Yngelân en hy yn Fryslân.

En dat is no acht- en fyftich jier ferlyn.

Ik gean oerein, stiif fan`t sitten, en doch se werom yn`t kuorke.

Fereale

Kleur bekenne

trochPosted on 1 Comment0min read1308 views

6a00e008d4d8f088340120a5c7ffe2970b“Mem moat mear kleur bekenne yn har blog.” seit de soan; “Hoe tinkt us memmeminske oer de polityk? Oan welke kant stiet mem? En dan noch; kom der es er rûn foarùt hoe mem oer har leauwen tinkt.”

“Jonge,” sis ik; fan polityk ha ik nea ferstân hân.”

Dan hâld ik it wer mei Mark Rutten en fyn him in aardige fint; hy laket altyd. Dan docht er wat dat my net noasket en is it Halbe Zijlstra omdat hy in Fries is fansels.

En dan ha ik wer in weak gefoel foar Emyl Roemer, hy hat in earlike ùtstrieling en kin it aardich bringe.

Ik bin dan ek hielendal net polityk engazjearre. Ik spylje op de man.

Oer it leauwen… dat wurd dreger.

Dat is osa persoanlik, der praat ik net graach oer. Myn neisten witte wol hoe ik er oer tink.

De basis fan it leauwen is hun by brocht. Yn betrouwen dat sy letter hun eigen kar meitsje kinne yn it libben.

Ik bin altyd tsjin religy optwingen west, der binne eartiids de grutste misslaggen troch makke en hjoed-de-dei noch.

Kleur bekenneSawol polityk as leauwen.

Ik rin er net foar wei mar gean it ek net ùt de wei.