Ik wol der dea net lizze

troch Posted on 7 Comments 0 min read 694 views

Naamloos-1"Kom maar mee." seit se en rint kordaat foar ùs ùt. We hawwe oer en tiid ôfsprutsen, se sil ùs in pear apparteminten sjen litte.

De bern fine dat wy wat mear beskerming nedich hawwe,. Dat fine wy fansels net, dat is altyd sa. De gedachte allinnich al om hûs en hutte efter te litten griist my oan.  

En dan noch de buorren om ùs hinne.

Troch de jierren hinne ha wy meielkoar hiel wat meimakke; skiedingen, berten en ferstjerren.

We binne mei elkoar fergroeid.

De buert is yn de ôfrûne jierren hurd feroare. Jonge minsken binne kaam en âlden ferdwûnen. Flechtelingen ùt ferskate hoeken fan de wrâld ha hja ta wenjen set.

Wylts it frommeske entûsjast de iene wente nei de oare sjen lit rinne wy efter har oan. We sjogge mekoar es oan  sûnder wat te sizzen .

"We  hebben het hier heel gezellig. We gaan vanavond met de bus ergens ijs eten. Ook hebben wij Bingo-avonden met leuke prijzen." giet se mei fjoer fierder.

Nei dat wy ôfpraat hawwe om kontakt te hâlden geane wy op hûs oan.

"Wat seit mem er fan?" seit de soan. 

"Ik wol der dea net lizze." sis ik.

Hy moat laitsje.

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
7 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

Sjoerdtsje de Vries

Sa giet ús mei ús âlden ek. Wy fine it eins net mear fertroud en foaral ús heit fyn't it mar neat. Min hat neat mear yn te bringen, seit er dan. As je 90 binne hawwe je ôfdien. Dat is fansels net sa mar it is wol syn gefoel. Wy meitsje ús soargen mar sa lang as it kin, litte we harren de rezjy hâlde. Dan mar wat mear om'e hoeke sjen foar in bakje kofje en hoopje dat der neat bard.

eamel

Jo hawwe it precies sa ferwurde as dat wij soanen der yn stean, Sjoerdtsje. Soan ien is skipper en dus net altiid thus en soan twa wenget under Rotterdam en kin net elke wike oankomme. Dan it it in feilich idé dat jo alden goeie soarch hawwe of dat der ien yn de omkriten is dy hen helpen kin wanneer neadich.

Mar wat jo seze; se moatte sels de rezjy halde, dat kinne wij net foar hen bepale.

Elske

Us mem wie ea onbezolderd adviseur foar âlderen. Hja wie al yn de santich. Op in sneintemiddei makken wy tegearre lytse ferhaaltjes fan wensituaasjes fan âlderen. Minsken yn ferskillende doarpen gongen yn groepkess sizze wat hja it bêste ta like om te wenjen. Foar elkenien is de situaasje oars. Sels fûn hja it moeilijk te beslissen of hja noch ferfarre woe en wêr nei ta dan. Hja hie har ynskreaun foar in appartemint op de begeane grûn. Mar hja is thús stoarn mei help fan thússoarch en dokter, freonen en freondinnen, ynhierde help en klusmannen en ús. Dat wie wol… Lês mear »

Elske

Dreech is it seker, mar wat it ek wurdt, der komme noch goede en moaie mominten.

Previous
Ûngemak

7
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x