Grutsk

Ach, wat binne wy grutsk op Epke. Wy sjoche dy jonge ùt de Lemmer troch de loft fleanen as hie hy noch noait oars dien. Nei jierren fan trainen fan lyts jonkje ôf yn de achtertùn fan syn âldelju mei twa fan syn bruorren. Tsjinslaggen hat hy hân en dochs troch sette. Der stiet hy [Lês mear »]

De tandem

Taastent om him hinne jouwt er ùs in hân. We sitte yn de wachtkeamer fan Visio, in audiologisch centrum yn Ljouwert. It is in ynstelling foar blinen en min sjende minsken. Myn man begjint ek minder te sjen en sa dwaande binne wy troch de hûsarts hjir hinne ferwize. En omdat wy as ienichste by him [Lês mear »]

Sport

“Wat wolst sjen?” freegje ik myn man. Wy sitte foar de tillevyzje. Op alle netten is er sport. Foar Omrop Fryslân kin min kieze tusken keatsen en skûtsjesilen. Foar de oare sinders is it oars neat as Olympyske Spelen. It is krekt as bard der oars neat mear op de wrâld as oarloch yn Syrië en [Lês mear »]

Renovaasje

“Dèr moat wat barre.” sis ik tsjin mysels. Ik stean foar de spegel yn de lift fan de soan. Myn earste tinken wie; – “Kin ik dat minske?“– “Wèr ha ik har earder sjoen? Hja komt osa my bekend foar.“– “Ferhip! Dat bin ik sels!“– “Mar dy spegel doocht nèt fansels…”   Middeis stean ik yn [Lês mear »]

Soe it passe

“Soe it passe om ùs nei it sikehûs te bringen? Wy moatte der om dy en dy tiid wèze.“ Wy binne ôfhinkelik wurden. Wy hawwe ùs libben lang elts in auto hân. Dat betsjutte selsstannigens en frijheid. Dan is der samar de tiid fan ‘Soe it passe‘? Alles goed en best mar sis nò sels; hoe fier [Lês mear »]

Brunch

“Beste Vrienden, Naar aanleiding van mijn tachtigste verjaardag wil ik jullie uitnodigen voor een brunch van 12.00 tot 14.00 uur. Bij hotel Van der Valk in Wolvega.” Myn freondinne wol har jierdei grutskalich oanpakke. Op myn fraach hoefolle minsken sy ferwachtet andert se; “Veertig. Maar it kunnen der ook meer zijn.“ “Moatte wy der hinne?” freget myn [Lês mear »]

De Simmercolumn

De NOS hat simmers op it nijs in simmercolumn fan ferslachjouwers oer de hiele wrâld. Tige nijskjirrich. It giet oer aparte kultueren en gewoantes. Sa die Margriet Brandsma ferslach oer de mummies ùt Wiuwert. Troch in gids waart sy ynformmeare oer de minsken en hun omjouwing. Yn geef Frysk die Margriet ferslach fan de skiednis [Lês mear »]

De ferfanger

Pûr lilk slacht hy op de toetsen fan syn kompjûter. “Gisteren opgehouden en vandaag al uit het systeem.” seit er. Wy sitte by de hûsdokter. It is in ferfanger. De man hat wol tritich jier hûsdokter west yn ùs omkriten. En nò mei hy ynfalle foar kollega`s dy mei fekânsje geane. Sa binne wy by him [Lês mear »]

It hat luzen

“Dat soe ik nèt dwaan”, seit se. Ik sit op in bankje by it busstasjon. Ik bin oan de betiide kant en ha alle tiid om de reizgers te beskôgjen. Yn ienen giet se neist my sitten. In frommeske fan om en de by de fjirtich jier. Mei in swiere sucht: “Ik ha fiif wike fekânsje. [Lês mear »]

Biste-leafde

It is trije oere yn ‘e moarntiid. Skril wurd ik wekker troch de hûn. Hy is tige obstinaat; der binne in pear katten oan it frijen. Dat mei fansels wol mar wèrom kin dat net yn stiltme sa as it heart?   It lûd wurd skeller. Ien fan beide, as se kinne it net iens [Lês mear »]

>