Rekrùt

Hy hat wer in pear dagen thùs west. It wiene gesellige pinksterdagen, dat moat ik sizze. Hy hat  hiel wat putsjes foar ùs dien. De waskmasjine wie oan it dûnsjen en in skilderij hong bryk. De ferbining fan de koptillefoan siet yn it ferkearde gatsje fan de televyzje. Doe wie myn kompjûter oan bar. Lykwols mei de [Lês mear »]

Sibben

“Is it goed dat ik fanne wike in dei kom?” freget se. Myn suster en ik komme geregeldwei by elkoar, sy is fjouer jier âlder. Eartiids, doe wy as bern by elkoar sliepten -dat wie  doe sa-  fertelde sy my altiid teltsjes. En by krapte oan in boarterspoppe mocht ik har earm brûke. Dy klaaide ik [Lês mear »]

Brânkast

“De lju ha gjin betrouwen mear yn de banken.” seit it nijs. Minsken wurde ynterviewt op strjitte hoe as hja tinke oer de maatskippij en it wrâldbarren. Ùtrinnende mienings en ùtspraken wurde der dien. Ik mei der wol graach nei harkje. It binne reaksjes fan alderhande slach folk. Sa wie it juster èk wer it [Lês mear »]

De fauteuil

“Dy stoel moat fuort.” sis ik tsjin him. “Hoe komst er by? It is san noflike stoel.” seit er. Jierren allyn kochten omke en muoike in leren fauteuil. “Hy hat wol njoggen hûnderdgûne koste.” sei se. Mar omke moat noflik sitte. Nei dat se beide ferstoarn wiene erfden wy him. Myn man naam him fuort yn beslach en brocht [Lês mear »]

Leuker kunnen wij het niet maken

It wie wer sa fier; it belestingbiljet moast ynfolle wurde. Nò, wy hawwe in akkountent dat ik liet it mei in restich gefoel oan him oer.  Nei dat wy in ôfspraak makke ha sitte wy tsjin oer elkoar. De tafel leit fol mei mappen, alles op nûmer en alfabet. Ik bin grutsk op my sels [Lês mear »]

Guinness Book

 “Ik trouw niet weer.” seit se mei grutte wissichheid. “Wêrom net?“ sis ik. Dan ferhellet se oer har libben.   “Ik heb in mijn leven veel pech gehad. Ik viel altijd op de verkeerde vent. En ik was altijd verliefd.” Se is fjouwer kear trouwd west. Twa binne ferstoarn oan kanker en fan twa is se skieden.  [Lês mear »]

Deadebetinkings

Ik bin allinnich en rin lâns de grêven fan minsken dy ik op in inkele nei kint ha. Hjoed is it 4 meie. Deadebetinking. By ùtstek geskikt om op in tsjerhôf de deaden te betinken, fyn ik. Hja hawwe ommers allegearre hun libben achter de rech, sommige in lang en sommige in koart libben. Guon [Lês mear »]

Dat ûnthjit ik

“Dat ferklearje en ûnthjit ik.“ klonk it lûd troch de Nieuwe Kerk ûnder de abdicatie fan de nije kening. Ûnder al dy Earste en Twadde Keamerleden dy de eed as de belofte ôfleinen hearde ik ynienen lûd en kreftich: “Dat ferklearje en ûnthjit ik.”  En dàt wie Lutz Jacobi. Us Fryske politikus sit sûnt 30 novimber 2006 foar [Lês mear »]

Goarre

It is prachtich waar en ik meitsje plannen. It is ommers al gau Keninginnedei! Earst mar meane en dan … Mar it wurd neat, it ark bliuwd stean. Al gau kin ik in retoer nimme op it huske. En sa belânje ik yn de lapekoer. “Wat ite wy hjoed?‘ ropt hy. Dat levert my wer in [Lês mear »]

Kreatyf

“Wol mem ek twa grutte houten bakken hawwe?” freget er. Hy is syn balkon oan it oprêdden. En sa as it altyd giet komt er wat oer en tefolle is by ùs achterhûs. Ik moat sizze; it is myn eigen skuld. Ik kin neat foart dwaan. Wat foar brot it ek is, ik sjoch er wat [Lês mear »]

>