Wokke
Mot
We hawwe mot. In frou fan middelbere aldens bringt folders rûn. Hja draaft altiid en dêr knypt it; ûs Max hat in bloedhekel oan jachtsjende minsken. It bist wat oars heel leaf en guodlik is wurd dan furieus. Wat motivaasje der achter sit wit ik net. Op in sinniche dei bin ik dwaande yn … Read more
Hoeno; krisis?
“Goeie!” rop ik nei myn buorman. De man dy ik allinnich mar kin fan de hân omheech. Hy is mitseler en troch de krisis yn de bou hat hy dien krige. Wy komme gauris elkoar tsjin as ik Max ùtlit en dan meitsje wy in praatsje. En sa kom ik mear fan him te witten. … Read more
Stofsûgerje
“Ik wol in stofsûger ha sûnder sek.” sis ik tsjin myn man. “Hoe nò?” seit er; “do hast dochs in goeie?” “Ja mar,“ sis ik; “dy sek is altiid fol. En djûr binne dy kringen! Dat skilt in heel stik yn ùs budzjet.” “Do moast ekonomysk tinke, yn dizze tiid.” sis ik. “Ast er sa oer tinkste dan moast … Read more
Demintens
We hawwe de Wike fan de Deminsje. Tige wichtich dat der wrâldwiid oandacht oan bestege wurd. Wy hawwe dat deunby meimakke. We hiene it earst net troch dat er wat mei ùs mem oan ‘e hân wie. Ûngemurken as in dief yn ‘e nacht slûpte de kwaal yn har libben. It begong mei argewaasje en … Read more
Heel Holland Bakt
Sjoche jimme ek nei it programma Heel Holland Bakt? Ik wol. Ik libje mei en sit tige yn spanning as it slagget. Tsjien kandidaten dogge der oan mei. Mar ik moat sizze: ik sjoch mear nei it minske dan nei de bakkeraasje. De iene persoan fyn ik sympatiker as de oare. En dy ik dan it … Read more
Diederik Samson
Midden yn in kloft minsken stiet de foarman fan de PvdA, Diederik Samson. It is sneontemoarn, wy binne oant it boadskipjen. Mar dit moat ik sjen want dy lju kin min allinich mar fan de televyzje ommers? In mannichte sjoernalisten en fotografen steane te triuwen om mar in glimp fan him op te heinen. Ik … Read more
Trou
“Buorfrou?” ropt er; “Kom jo efkes?” De buorman sit achterhûs en heard my skarreljen. “Ik kom er oan!“ rop ik. En sa sitte wy tegearre op it terras yn de ûndergeande sinne. “Wer is Tryntsje?” freegje ik. “Se is fuort,” seit er; “en komt net werom.” “Hoe nò? Jimme binne dochs krekt werom fan fekânsje?“ sis ik. “It gong al … Read more