Facebook

Ik sit troch de soanen op Facebook. Earst tige optsjin fansels want it is wat nijs wat ik net kin. En as min wat âlder wurd binne alle nije dingen dreech. Dus sis ik; “Der doch ik net oan mei.” Mar de oandrang yn my is net te kearen. ‘Dat wol ik èk witte.’  is [Lês mear »]

Europeeske ferkiezings

‘Wol Mem foar my stimme?” freget de soan. “Op welke partij?“ freegje ik. Ik ha al in partij foar him yn `e holle. Mar it is in hiele oare wer `t ik it net mei iens bin. Mar ik ha myn wurd joen en dus ik sil stimme op in partij die my nèt leit. “Wêr stimst sto op?” freegje ik [Lês mear »]

Ferlitten

Wêrom fiel ik my ferlitten? It is wer safier: de lju om my hinne wurde unrêstich. Se wolle op reis en wolle fuort. Se hawwe genoch fan hun wurk en de minsken om hun hinne. De oerbuorman hat syn caravan ùt de berging helle en foar ùs glêzen set. Oan de oare kant fan ùs [Lês mear »]

Bliid gefoel

“Giet it wat?” freegje ik it âlde wyfke. We sitte yn `e taksje op wei nei de hûsdokter. Myn man moat in hoarapparaat ha mar earst moatte syn earen ùtspuite wurde. “Ik hie it al in kear as wat sein mar it lei him oan myn utspraak fansels. Wy geane earst nei in fersoargingshûs, der moatte [Lês mear »]

Betinke en Fiere

Elts jier komt it wêrom. Fjouwer Maaie, de flagge healstok en fjouwerentweintich oeren letter wappert er wer fol ùt. Ik ha der altyd wat muoite mei hân. Dat komt miskyn dat ik der by west ha as bern. De marsjerende ferpaupere Dùtsers dy net mear songen, wat ik altyd sa moai fûn. De brêgen dy [Lês mear »]

Sosjale media

Ik lis op ‘e knibbels foar it tùnhekje. It moat nedich yn ‘e ferve. Mar om dat in in ferfelend kluske is stel ik it mar ùt. En om dat ik leart ha “Stel niet uit tot morgen wat gij heden doen kunt” as “Geale soe ik mar dy stoar earder” gean ik oan de slach. [Lês mear »]

Byldzjend

Byldzjend ferhellet de dochter oer ha mem. Ik bin op de begraffenis fan in frou op jierren, net sa tryst dus. Mar foar de bern is it altyd dreech om ôfskie te nimmen fan immen dy`t jo jo libben lang kinnen hawwe. Wat my rekke wie de taspraak fan de dochter. Hja helle oantinkens op [Lês mear »]

Unbegryp

Gesellich de allesbaander oan en oerâl steane kearsen. De trije hûnen ha de waarmte fan de kachel opsocht. Twa katten ha it hegeropsocht, de oare trije fine it bûten nofliker. Gerrit, de pony, leunt tsjin de hikke oan en fernuvert him mei in baal hea. De beide Hingelbûkbargen gnoarje yn de fierte. “Gesellich.” tink ik [Lês mear »]

Oppenearje

Ik mei my noch wol es oppenearje en myn miening earne oer sizze. En dat wurd net altyd wurdeare. En omdat ik tink dat elts rjocht fan sprekken hat sis ik it yn dùdlike taal sûnder omwinen. Ik ha leard troch skeade en skande mar dochs myn aard ferleagend him net. It beperket him net [Lês mear »]

Mienings

De lûden wurde heftiger. De keamer zit fol minsken nei oanlieding fan in jierdei. Mei de kofje is eltsenien noch reedlik kalm. Rêstich giet it praat oer deistiche dingen sa as it waar en sûnens.   As it letter wurd en der komt in drankje op tafel dan wurd it petear fûleindiger. It falt my [Lês mear »]

>