Steuring

Mem moat net skrikke hear.”

In panykeftiche stem komt my troch de telefoan temjitte. Fansels skrik ik der fan, der moat dochs neat mei him wêze!

“Wat is er bard?” freegje ik ûngerêst. Yn gedachten sjoch ik him al op de brankaar lizzen.

“Nè hear,” seit er gau; “mei my is er neat mar ùs websiden lizze der ùt. Alles is fuort.”

Wy hawwe beide sa ùs eigen webside. It binne hiel ferskate skiuwsels.

Faaks begryp ik synen net mar dat is in generaasje ferskil tink ik. Ik beskiruw gewoane, deistige dingen dy ik sa al tsjinkom en dat is him frjemd.

It is in goeie gearwurking wurden. Wy rinne mekoar net foar de fuotten.

Hy hat er fjirtsjin jier oan bestege, it wie eiglik syn deiboek wurden. Ek hat it him in protte digitale freonen oplevere.

Sa ek mei myn side, yn in fertritlike perioade ûntstien. Tidenhawwetiden.nl hat foar my in terapeutyske wearde krige. Mar ek in protte goekunde oplevere oer de hiele wrâld. Friezen-om-ùtens dy graach op ‘e hichte bliuwe wolle fan it Heitelân.

“Mar no is alles fuort. Alles foar neat dien.” Tryst sitte wy beide elk oan in ein fan de line.

Efkes letter in gjalp; “It is er wer. Alles is er noch!” 

(Dat is; foar salang ‘it duorret…)

 

Diele mei:

2 Comments on “Steuring

  1. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Steuring | ensafh

  2. En nou blijft ie het gewoon doen, vind ik!
    Al hebben wij zelf ook wel eens een storing, en dan is in de meeste gevallen nog niet alles weg.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien