Skiftsje

Yn welke bak moat dit no wer?” freget myn man. Wifeljend stiet er boppe in rigele ôffalbakken. Se steane sa opsteld dat it foar elts dudlik is hokfoar ôffal der yn moat.

Wy binne allegearre der fan oertsjûge dat er wat dien wurde moat oan dy grutte bulten ôffal. Ek wy binne begien mei ùs ierde en witte ek wol dat it sa net fierder kin.

Mar somstiden binne wy der mei yn `e tiis. Yn welke bak moat dit ek al wer? Wifeljend stean ik dan mei de brot yn `e hannen boppe de bakken.

Papier by papier, glês by glês, klean by klean en grien by grien, dat is allegearre sa klear as in klûntsje. Mar dan komt it; is dit no papier as plestik? Der sit metaal yn; moat it no dochs yn de grize?

Wat hiene wy it eartyds maklik, tink ik by mysels. De molkboer kaam twa kear yn `e wike der by lâns. In mingel sûpe as in mingel molke as sûpenbrij. It waard allegearre ofmjitten en yn in boekje skreun. Ien kear yn de wike waard er ôfrekkene.

Wat wie it libben dochs simpel.

Skiftsje. Is it allegearre net wat oerdreun hjoed-de-dei?

Wy binne mei ùs ierde begien en derom sille wy dochs skiftsje moatte …

4 Comments on “Skiftsje

  1. Leuk stikje wer, us memmeminske. Skiftsje, we sitte der allegearre mei 😉

  2. Je hebt gelijk.
    Vroeger werd niets weggegooid en alles opnieuw gebruikt.

    Ik herinner mij de platte wagens met een paard ervoor.

    Nostalgische groet,

    • Ook ik doe er ongetwijfeld aan mee, je moet wel. Alhoewel ik me wel zorgen over onze aarde…

  3. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Skiftsje | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien