Jierdei

“Sille wy moarn in dei foart?” freget myn man. It wie namlik syn jierdei en miskien ha jimme dat fest ek wol; wy sjogge altiid tsjin dy drokte oan.

Earst moat je fan alles yn`e hûs slepe. En wat moat je ynslaan? Ien persoan is gehielûnthâlder, in oare hâld allinne fan reade wyn en wer in oare fan wite wyn. Dan mar frisdrank mar welke? In neef fan ùs hat in kwaal en mei allinne mar ien soart fris ha mar welke ek wer?

Dan de hapkes, dat is al sa`n poepetûr. Twa freondinnen binne fegetarysk. Twa oare froulju binne op dieet en wer in oare hat krekt iten. Iere betiid yn ‘e moarntiid stean ik yn myn nachtklean alles klear te setten. Wyls ik dwaande bin betink ik my dat it in fremde gewoante is dy jierdei`s gearkomsten. Stadich oan komme se oansetten. Nei dat eltsenien kofje en gebak hân hat is it tiid foar de borrel en de sinasappelsop.

Dan is it tiid om op te stappen. Nei dat wy wiidweidich ôfskie nommen ha begjin ik op te romjen. Fremd: de skalen binne leech en de drank is op…

Mar wat wie it gesellich, dat fûn myn man ek… Dit doche wy al es wer.


2 Comments on “Jierdei

  1. Tige spitich dat wij d’r net bij weze koene. As it mar gesellich west is! Mar sa te lezen sit dat wol goed 😉

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien