Mobiele Mondzorg

Prachtich net?” sis ik tsjin myn man; “No hoech ik net mear nei myn eigen toskedokter, in doarp fierderop.”

Omdat ik juster de ferlieding net werstean koe om nùtsjes te iten, bruts er in kies ôf.

En do seach ik dy auto stean, mei grutte letters stie er op:

‘Gespecialiseerd in mondzorg voor ouderen.
Wij komen bij u thuis.’

“No,” sis ik; “we hawwe de kapper, de pedikuere en no de toskedokter oan hûs. Wat wol min noch meer?”

Ik begjin de keamer rom te meitsjen want dat minske moat earmslach ha en romte foar har apparatuer, betink ik my.

En sa sitte wy dagen yn in keale keamer te wachtsjen op de ridende toskedokter.

Mar nei in protte skiljen en mailen fan myn kant noch hieltyd gjin Mobiele Mondzorg. Al trije wike rin ik no mei in stikkene kies en doar myn mûle net iepen te dwaan as te laitsjen.

Nei it safolste besykjen skilje ik myn eigen toskedokter en doch skrutend myn ferhaal. “Kom maar meteen.” seit er.

En sa bin ik wer by myn eigen betroude toskedokter telâne kaam dy elke kies as tosk fan my wol dreame kin.

Gjin pine mûle mear en it ynterieur stiet er wer kreas by.

Mobiele Mondzorg. Ja, ja.

Read more

Ferkearing

Ik ha ferkearing!” ropt se, har eagen begjinne te glânzjen. “Né, dochs.” sis ik, en fuortendaliks ha ik der spiit fan. Op it selde stuit tink ik oan har leeftiid, in dikke njoggentich jier en al in pear jier widdo. Har freon is fjouweren njoggentich en ek allinnich. Beide binne se noch aardich by de [Lês mear »]

Dinnebeam En sjoch net mear efterom...

Ymponearjend en útdaagjend stiet er efter yn de tún, syn tûken stekke fier oer de erfgrûn hinne. Wy sille ferhúzje mar ik ha gjin each foar it hûs, ik ha allinnich mar each foar dy grutte dinnebeam.

“Wat fynst er fan?” freget myn man; “It falt my wol tsjin; in krap húske mei in grutte tún.”

Sûnder om my hinne te sjen sis ik; “Wy dogge it.”

“Mar do hast it hûs net iens sjoen.” seit er, fernuvere.

En sa gongen wy oer.

Troch de jierren hinne ha wy in betrouwensbân opboud, De Dinnebeam en ik.

Do de bûtenlânske buorman him omseagje woe om dat er lêst fan de nullen hie, ha ik dat mei gefaar foar eigen libben keare kinnen.

Max en Olly, ùs Cockers, Pinky de Poes, en Porky en Bes, katten fan ús soan, binne tusken syn woartels begroeven.

En no sille wy wer fuort, en moat ik de beam efter litte. We hawwe it tegearre goed troch praten, hy hie der alle begryp foar koe ik wol merkbite.

“As de lju de bile net yn dyn lea sette, dan hast noch in lang libben foar de boech.” sis ik.

En sjoch net mear efterom…

Read more

Lêsklupke Zzzzzzzz...

Sûnt in hoartsje mei ik minsken fan âldens in middei foarlêze. Earst hie ik sa myn betinkens want wat moat ik lêze? Moatte it gedichten wêze, teltsjes as koarte ferhalen? En dan noch; kin it yn it Frysk as moat it yn it Hollânsk? Om barrens lêze wy foar wat in bytsje geskikt is foar [Lês mear »]

>