Gehoarapparaat

troch Posted on 0 Comments 2 min read 625 views

Gehoarapparaten: nèt best as je der mei te kryen ha. Myn man hat ek san ding. It lytste apparaatsje waar oanskaft, want min mocht fansels  net sjen dat hy staf wie.

Op syn âlde dei is hy ek noch idel, dat mei fansels oant op sekere hichte dan. Mar dan komt it, it is san lyts dinkje wurren dat wy siikje ùs deis de -rambam-. Okkerdeis wie it ding wer ès foart, alles en alles moast ùt 'e wei.

De kasten en de banken moasten  fan de muorren, de hûnen waren de tùn yn jage en de fûgels wisten net wat se er oan hienen. Stofsûgerje mocht fan sels ek net, je koene dat ding es op slobberje.

Dû ik dea oan ein op in stoel del plofte foel myn each op in rôze stikje guod. En ja hjer: it stikje wie  fan it gehoarapparaat en der lei ek noch in battery by.  Ùs Olly woe es wat oars frette as hûnebrokken tink ik!

Bliid dat de hûn noch net dea wie koene wy it spul wer op rèdde. Olly hat sawat in dei beroerd west mar hat it libben er ôfredden. In dei letter fûn ik de restanten yn syn ûntlesting yn de tùn. It moat foar de buorren in fremd gesicht west ha dat de buorfrou mei in foarke yn de hûnestront om reage.  Se sil wol tsjin har man sein ha: buorfrou wurd ek minder, wa docht soks nò !

Gehoarapparaat

troch Posted on 3 Comments 2 min read 879 views

Waarme dûs

troch Posted on 3 Comments 2 min read 967 views

Sjogge jimme wol ris nei it programma "Radar"?

Nò,  ik ha  in waarme dûs oanfrege foar de "Gamma". It sit sa;  ik hie koart allyn in maleurdei. San dei wer`t alles bryk giet, jimme kinne dat ek wol, tink!

Myn waskmasine, tsien jier âld, joech de geast en sei "Doch it sels mar; myn taak sit er op". Doe kaam ien op it idè do moast nei Gamma gean dy hat in oanbieding, net djûr en ek noch in A-merk dus sùnich yn gebrûk. Mei de soan de masine ophelle en it ding waar yn it hok set. De buorfrou dy der by kaam sei; "O, myn freon sjowt him wol nei boppe ta, hy is sa sterk!"

Mar de man moast wol earst thùs komme fansels, hy hat in berop dat hy altyd op in paad is. Ja, hjer: op it ein fan de wike hearde ik dat hy thùs kaam. Nei dat ik him efkes mei rest litten hie -want  min moat wol op it juste momint komme fansels- lei ik him de situaasje ùt. Mar dû kaam it, hy hie it yn è rech en de soan fan him koe ek net helpe.

Myn smoarge wask seach my ferwitend oan, it wie krekt as seine se: dit binne wy net fan dy went.  Myn man en ik rûnen de hiele wike al  mei it selde klofke klean oan dat der moast wat barre. Ynienen tocht ik: "Gamma skilje, dy moat my mar helpe..." Doe de man myn ferhaal heard hie sei er: we komme der oan. Efkes letter kamen der twa aerdiche jonge keardels en sjouwden mei gemak de mesine nei boppe. Op myn fraach wat it kosje moast seine se: draai mar gau de wask.

Nò bliuw ik fansels myn libben lang "FAN" fan de Gamma. Dèrom in Waarme DÛS fan in tankbere klant.

Kartoen: evertkwok.nl

Myn winkel | twa

troch Posted on 3 Comments 2 min read 759 views

Ik ha jimme tasein dat ik noch wat fertelle soe oer de hjirren fan 'myn winkel' 

As min yn in winkel stiet, mar foarâl as it in ienmansbedriuw is, dan binne klanten gau thùs mei je. En as it dan "klikt" dan wurre minsken iepen en betrouwe jin persoanlike saken ta. En dat wie by my betrouwt, sa wie it fan beide kanten, tink ik.

Op in moarn doe ik krekt ypen wie, kaam er in jonge man yn de winkel. Hy hie in in doaze mei gebak yn 'e hân en frege my as ik de kofje klear hie. Ik sei;  "Altiid." Hy fertelde my dat hy ùt it sikenhûs kaam en dat syn frou dy nacht in bern kryge hie. En nò moast hy dat fiere  en er oer fertelle. In grutske heit en der hie ik hoe drok ik it ek hie alle begrip foar.

Op in oare dei kaam er in kreaze jonge man yn de winkel, ik hie it gefoel dat ik him earne fan koe mar koe him net thùs bringe.

Doe hy oan bar wie sei hy; "Ik wachtsje wol efkes." Ik fernaam dat hy de leste klant weze woe.

Doe ik him frege nei dat eltsenien foart wie as ik him helpe koe, sei er; "Ik ha wat goed te meitsjen. Hjir is in slûfke mei jild, dat ha ik eartiids ùt jo kassa helle. Ik bin feroare. Ik bin Kristen wurren en no wol ik alles wat ik dû stellen ha werom jaan. Boppedat sil ik de minsken freegje as se my ferjaan wolle."

Ik ha begrepen dat hy nei noch nei in hiel soart minsken ta moast en it gie net allinne om in pear tûzend gûne.

Grut respekt ha ik foar him krige, de dei koe by my net mear stikken.

En sa kin ik wol troch gean mei ferhalen. Ik moat leauw ik mar in boek skriuwe oer de tiid fan 'myn winkel'.

Letter mear.

Myn winkel - ien | twa | trije

Min waar

troch Posted on 1 Comment 1 min read 870 views

Beste minsken,

It is freedtemoarn , ik sit konfertabel achter myn burotsje foar de P.C. Radio Fryslân seit op de eftergrûn dat it striemin  waar wurd. De ferwaarming stiet heech, ik besef my dat dit in lokkich momint is, sa kry je nò ynspiraasje om stikjes te skriuwen , Mar jammer genoch it momint fan rest  duorrit net lang, Max ùs hûn moat der ùt nei in lange nacht wurd dat heech tiid, fynt hy. Amper is hy yn è hûs as syn maat Ollie moat er ek  ùt.

Myn ynspiraasje is foart wat doche wy ek mei Jack Russels, betink ik my. Mar se binne al in grut part fan ùs libben by ùs, it soe  stil en leech wèze as se der net mear wèze soene. En wer moasten wy mei ùs leafde foar bisten hinne, it jowt ynfulling yn ùs libben.

Letter meer...