Unferdraachsumens

Wat is er dochs mei ùs wrâld oan è hân? Hoe kin dat nò dat der san unferdraachsemheid tusken folken bestied?

Nò wurre de Kopten -kristenen- ùt Egypte wer ferfolge en bedrige. Altiid is er wol earne op de wrâld geweld tsjin minsken dy oars leauwe as oars tinke. Mar wy kinne der ek wat fan. Nim nò Amsterdam wer `t homo `s hast net mear feilig de strjitte op kinne. Wer`t Joadse minsken yn dy selde sted hun keppeltsje net mear doare te dragen. Wer`t in doarp yn Fryslân in joods gesin foart pest hat.

Wat is er mei ùs oan è hân? Hoe tinke wy yn ùs neiste omkriten der oer? Wy hawwe minsken om ùs hinne wenjen ùt ferskate lânnen op è wrâld. In Surinaamse buorfrou, in gesin ùt Irak, in Poolse frou en ien ùt it Bosnische. Ùs beste freonen binne homo en we hawwe  freondinnen dy lesbysk binne. Wy ha der nea by stil stien want we kinne mekoar al jierren. Wat ferbyldzje wy ùs wol? Wa binne wy  dat wy ùs boppe oaren stelle kinne?

It is goed om te hearren wat er yn de wrâld geande is mar bliuw wol tichte by hûs. It bard ek yn ùs strjitte. Soene wy net yn it lyts sjen litte kinne dat wy oars wolle? Dat wy net wolle wat ùs oandien wurd, wy it oaren ek net oandwaan wolle?

In âld frysk sechje seit; “De wrâld.. dat binne wy mei elkoar…”

*Afbeelding van het internet geplukt. Mocht dit de uwe zijn laat het me weten. Dan wordt deze keurig verwijderd. Dank…

Freonskip

Ha jimme ek freonen en hoefolle? As jo minsken der nei freegje, dan wurd er faaks sein: o, ik ha sa folle!  Mar ek wol wurd er sein: ik hoech  gjin freonen, ik ha net ien nedich.

As ik by mysels nei gean, dan kin ik noch al wat minsken. Mar werom, wy wenje en libje al hjirren yn it selde plak.  Dû wy jong wiene en it ùs foar de wyn gong, och wat hiene wy in freonen. Mei jierdei`s koene se net yn è keamer. Wy waarden frege op ferskate feesjes en partyen. Och, wat wie dat in tyd- wat in freonen hiene wy.

Mar dû kaam er tsjinslach yn ùs libben. De saken gongen net goed en de omstânnichheden wiene beroerd. Stadich oan waar de freonenkring lytser. Earst hiene wy it net troch wy hiene wol oare dingen oanè kop. In inkele kaam noch wol ris lâns mei meilydsum praat. Dochs bleunen er in pear oer. Yn dy tiid hawwe ûnderfûn wat echte freonskip yn hâld.

En dochs hat min in freon nedich as is it er mar ien. In echte freon dy`t je net beskoalmastert oer de wize fan jo libjen. Dy je nimt sa as je binne.

Okker dei`s sei in jongefint  tsjin mij: ik bin ynkoartens jierdei mar ik wol er neat fan ha. Wa moat ik freegje? Ik ha net ien. Dat docht mij sear want net ien minske kin en moat allinne wèze. Der kin in tiid komme dat je mekoar nedich ha. En wat is it moai om mei elkoar te laitsjen en te gûlen. Mar jo moatte wol jo best er foar dwaan, freonskip komt net fansels, is net fergees en is net  ûnbaatsuchtich.

Gelokkich ha ik in Freon dy `t mij  troch en troch kin, mij nimt sa as ik bin en dat falt foar him net altyd mei!

Ferset

Ik bin opstannich, pûr en opstinaat…

Wy, myn man en ik, hearre by de grize grutte kliber. Dat wurd ùs alle dagen ynpepere troch it regeer en de media. We wurre te djûr foar de maatskippij. We hawwe nearne rjucht meer op. En as jo op âlde leeftiid yn in âldeminskehûs telânne komme, dan kin der gjin dûs as skjinne broek mear ôf.

Nè, wy moatte ùs soargen meitsje oer ùs neiteam!

Se prate jim ek noch skultgefoelens oan. Ùs hiele libben hawwe der foar wrotten en betelle en nò moat it mar es ophâlde mei dy A.O.W. Dy âlde hap hat wol jild mei hun dikke pensjoenen… Mar hoe moat it dan mei de minsken dy altiid selfstânnich west ha? Sy ha gjin pensjoen opbouwe kinnen en hja hiene skreppen om de kop boppe wetter te hâlden.

Nè, wy moatte tankber wèze. “Jimme hawwe it sa goed! Sjoch es nei dy earme lânnen, dy minsken ha hielendâl gjin A.O.W!” seit men.

Ik bin wol ris mei myn gewisse yn de tys want moatte wy net om ùs meiminske tinke? Ik wur hinne en wer slingere tusken meilyen en meilibjen… Mar wat wol fremd is: wat is it noflik as de buorren ùs paad sniefry meitsje en boadskipje foar ùs. Ik wol wol âld wèze mar net fan hegerhân sa behânnele wurre. Healwiis net? Ik moat wol sizze: wat bin ik opknapt nò ik myn galle spuit ha yn dit stikje.

Moat ik faker dwaan.

De skipper

We binne ûnderweis nei Mook: myn soan fan 15 en ik. We hawwe gjin idè wat ùs te wachtsjen stiet. We hawwe de kaart er by. Sa witte wy dat it by Nijmegen leit. Yn de yntimens fan myn auto geane we tegearre op wei. We sizze net folle, wat moatte wy ek sizze? We sjoche der beide ôfgriislik tsjin oan om ôfskie fan elkoar te nimmen. Hy sil in oplieding folgje foar skipper mei internaat.

It begrut mij ta de tienen ùt. Noch nea fan hûs west. Hoe soe dit ùt pakke?

Myn man ek ik ha hiel wat ynfermaasje ynwûn foar dat wy ta dit beslùt kamen. It wie in roomsk internaat mei in izeren dissipline en waart bestjoerd troch âld skippers. Fan alle fiif internaten dy ùs lân riik wie sei men dat dit de beste wie. Nei dat wy kennes makke hiene mei direkteur en stèf  riid ik nei hûs. Ik ha it hiele ein it net droech hâlde kint. Dû ik amper thùs wie gong de telefoan mei in wanhopiche soan oan de line. “Mem moat my dalik ophelje want jo moatte hjir de hiele dei op de knibbels krûpe! En as mem my net dalik ophellit rin ik foart!” Myn andert wie: “Do past dy mar oan, ik helje dy net op.” Ik ha in minne nacht hân. Twa wike letter kaam er thùs en prate nearne oer. Op myn fraach;”Moast noch de hiele tiid op de knibbels krûpe sei er wat achterleas:”O, dat… dat wie ûntgriening….

Wy hawwe it nearne wer oerhân. Mar dizze jonge is keardel wurren op dat skippersinternaat. Hy hat fan alles mei makke it measte waart net ferteld. Hy en syn maten moasten fan alles ûndergean. Jonges ùt stèdden as Rotterdam dy it libben ûnmooglik makken. Mar kleie lei net yn syn karakter. Dû de grutte dei oanbruts fan de eksamens slagge hij as de bèste leerling.

Net mei de heechste sifers mar mei de grutste ynset.

En nò fart hij al hjirren as Kaptein op de Rijn, de binnen- en de kustfeart. Wy ha grutte bewûndering foar dizze jonge dat net in learder wie mar in trochsetter…

Fan âld op nijjier

Binne jimme ek sa gear? Ik fiel my sa gear as bûter. As hie ik in wan op ‘e hûd  hân. En dochs haw ik my fannacht aerdich yn ‘e stringen hâlden. Mar dochs …..

We hawwe it âld jier ùtsitten bij de soanen op  it heechste flatgebou yn Fryslân. Sa wol yn de flat as der bûten wie it in tige enerverend barren.

De iene soan kaam mei in film dy ik nò noch net troch ha. En dan waar dy fertoant op de hiele muorre fan de wenkeamer. Se neame dat in  “beamer”, leauw ik. Lokkich siet ik goed stevich op de bank want it wie soms krekt  as wiene wy ek ûnderdiel fan de sciencefictionfilm dy spile yn de wyldernis fan Afrika. Do woene se gûrmetsje en nei de nodiche slokjes en it iten fan allegearre soarten rauw fleis -hoe bestiet it, net- barste bûten de hel los. Wy nei bûten. Fansels tochten ùs beide hûnen dat it ein fan ‘e wrâld wie. We hawwe se de earste ûren ek net wer sjoen.

Der stienen wy earste rang op de fiiftjende ferdjipping fan it gebou. Ik moat sizze; it wie in skitterjend gesicht. Oan alle kanten baande it fjûr los, prachtich kleuren en in ûnbidig leven.

It kaam efkes yn mij op dat  fan al dat jild wat oan it fjûrwurk spandeerd is ik der wol fan op fekânsje  kint hie  nei dat lân fan de “sciencefictionfilm”.

Mar tradysje is tradysje en werom net? Allinne myn bruorren diene it mei molkbussen en aerdiche grappen. Mei jierdei`s hawwe it er noch wol ris oer en ha  de grutste wille. Ien grap wit ik noch: by it ienigste parkje wat ùs doarp  riik wie stie in buordsje mei de tekst: “Ien stap tebek en jo binne op it rjochte paad”. En dat buortsje stie de snein derop  by de yngong fan de tsjerke.

Soene hja it begrepen ha