Taksyferfier

De taksysjauffeur seit tsjin my dat hy noch nei it sikenhûs moat op bisite. Op myn fraach as it  earnstich is skothollet hy. “Myn frou hat M.S. en hat er boarstkanker by krige. Se hat hege koarts in onstekking is er by kaam.” Op myn fraach as hy him wat redde kin seit er; “Ik [Lês mear »]

De Lege Knip

‘Ha jo ek kralen?’ freget in man oan it frommiske achter de kassa. ‘Nè’ , seit se, ‘Jo moatte sels mar sneupe.’ Efkes letter stiet er in mem mei in soan foar de toanbank. De jonge wol perfoarst alles wat glès is opkeapje. De mem is er eagenskynlik wat mei oan mar wol gjin heisa [Lês mear »]

De skipper Fan jonkje nei man

We binne ûnderweis nei Mook: myn soan fan fyftjin en ik. We hawwe gjin idee wat ús te wachtsjen stiet. We hawwe de kaart er by. Sa witte wy dat it by Nimwegen leit.

Yn de yntimens fan myn auto geane we tegearre op wei. We sizze net folle want wat falt der te bepraten? We sjogge der beide ôfgryslik tsjin oan om ôfskie fan inoar te nimmen. Hy sil in oplieding folgje foar skipper, op in ynternaat.

It begrut mij ta de tienen út. Noch nea fan hûs west. Hoe soe dit út pakke?

Myn man ek ik ha hiel wat ynformaasje ynwûn foar dat wy ta dit beslút kamen. It wie in roomsk ynternaat mei in izeren dissipline en wart bestjoerd troch âld skippers. Fan alle fiif ynternaten dy ús lân riik wie sei men dat dit de beste wie.

Nei dat wy kennis makke hiene mei direkteur en stêf, riid ik nei hûs. Ik ha it hiele ein it net droech hâlde kint.

Dû ik amper thús wie gong de telefoan mei in wanhopige soan oan de line. ‘Mem moat my dalik ophelje want jo moatte hjir de hiele dei op de knibbels krûpe! En as mem my net dalik ophellet rin ik foart!’ Myn andert wie: ‘Do past dy mar oan, ik helje dy net op.’

Ik ha in minne nacht hân.
Twa wike letter kaam er thús en prate nearne oer. Op myn fraach;‘Moast noch de hiele tiid op de knibbels krûpe?,’ sei er wat achteleas: ‘O, dat… dat wie ûntgriening….’

Wy hawwe it nearne wer oerhân. Mar dizze jonge is keardel wurden troch dat skippersynternaat.

Hy hat fan alles mei makke, it measte wart net ferteld. Hy en syn maten moasten fan alles ûndergean. Jonges út stêden as Rotterdam dy it libben ûnmooglik makken.

Mar kleie lei net yn syn karakter. Dû de grutte dei oanbruts fan de eksamens slagge hij as de bêste learling. Net mei de heechste sifers, mar mei de grutste ynset.

En no fart hij al jirren as kaptein op de Rijn, de binnen- en de kustfeart. Wy ha grutte bewûndering foar dizze jonge, dy’t net in learder wie mar in trochsetter…

Read more

In Libbensles

Lilk stean ik de man te wurd dy achter de bali stiet fan myn soargfersekering. Hoe kinne se my nò san grutte rekken stjûre foar in lyts skofke fisioterapy. Ik ha der gjin wurden foar mar de man kin it ek net helpe: hy heard geduldich nei myn wiidweidich  petear. Ik bin it net iens [Lês mear »]

Fjouwer ieuwen Oranje-Nassau

Juster mei in freon nei de tentoanstelling west yn it Princessehof  yn Ljouwert. Der wie in gearstâlling fan keramische potten en pannen, dy makke wiene nei oanlieding fan festiviteiten rûn de Oranjes. De konsevator rûn mei ùs de skienis troch fan fjouwer ieuwen Oranjes. Tige boeiend en hiel nysgjirrich, wat wit ik no bygelyks fan [Lês mear »]

Beurs

Juster de hiele dei op de beurs stien yn Gorinchem. It wie in “Creadû” beurs. Der stiene allegearre stânhâlders mei ansichtkaarten en mei materiaal wat der by heard. En dat is noch al wat, sy docht it no al in pear jier en de techniken fan it kaarten meitsjen is yn de rin fan de [Lês mear »]

Fredeshiem

Kinne jimme Fredeshiem wol, it meniste konferinsje hûs by Steenwijk?  Nò, der bin ik juster mei grûp ùt Fryslân hinne west. It wie in tige slagge dei. Jimme sil wol freechj;e wat diene jimme dèr? Dat sil ik jimme fertelle. It tema wie: wèrom binne wy Menist as Doopsgezind? Dat wit ik trouwens al jierren [Lês mear »]

>