Beurs
Juster de hiele dei op de beurs stien yn Gorinchem. It wie in “Creadû” beurs.
Der stiene allegearre stânhâlders mei ansichtkaarten en mei materiaal wat der by heard. En dat is noch al wat, sy docht it no al in pear jier en de techniken fan it kaarten meitsjen is yn de rin fan de jierren ek enorm foar ùt gien.
Yngewikkelde skjirren lûpen en aperaten leine op de kream, ik ha der hielendâl gjin ferstân fan, mar ik die krekt as wist ik der alles fan.
We ha best ferkocht, mar it dreechste wie it ein riden fan Tsjâlberd nei Gorinchem, en foar har trye dagen lang. Mar hândel is hândel, en dat is har bestean. Hjoed is it snein en kin ik noflik bekomme.
2.834
Category:
Op stap