Tag Archives Fredeshiem

Fredeshiem

troch Posted on 1 Comment 1 min read 632 views
Foto: Fredeshiem
Kinne jimme Fredeshiem wol, it meniste konferinsje hûs by Steenwijk

Nò, der bin ik juster mei grûp ùt Fryslân hinne west. It wie in tige slagge dei. Jimme sil wol freechj;e wat diene jimme dèr?

Dat sil ik jimme fertelle.

It tema wie: wèrom binne wy Menist as Doopsgezind?

Dat wit ik trouwens al jierren mar it is goed om dèr meielkoar oer te discussierjen. It jier 2011 wurdt in feestlik jier foar de Menisten, dan ha wy ferskate jubileas te fieren.

  • Wy betinke dat Menno Simons 450 jier allyn stoarn is. Hy wie in ontefreden priester ùt Wytmarsum en sa ûntstiene de Menisten;
  • It is dan ek 200 jier allyn dat de A.D.S., in oerkûpeljende organisaasje foar de Menisten ûntstien is.
  • Dan is it ek 100 jier allyn dat de earste frou as dûmny op de kansel stie, en wol ùt Boppe-Knype. In unikum dus.

Sa sjogge jim mar wer, de Menisten binne noch fol moed, en ha de HOOP noch net ferlen.

Wolle jimme mear witte oer dat protsje koppige grûpke minsken, dat Jezus Kristus heech yn hun faandel hat? Lit it my witte , ik wol der graach mear oer fertelle.