D’r is meer…

Foltôge libben

trochPosted on 1 Comment1min read1287 views
Bron: Shut in – Flickr (Creative Commons)
We sille sneon te middei byinoar komme. Ùs mem wol net mear fierder libje. Ik hie wol troch dat it slim mei har wie mar dat it sa wie, dat wist ik net.” seit se fertrietlik.

Myn freondinne hat it er dreech mei.

Hjoed-de-dei kin min it mei de dokter en de minsken om jo hinne oerlizze. It bliuwt dreech, leauw dat mar. It binne beslùten dy net werom te draaien binne.

Ik bin by in freon op besite. Hy hat nei seis jier kanker de striid op jûn. Wit hoefolle chemokueren hat hy undergien. Nei eltse kontrôle krige hy goeie berjochten. Hie hy wer hoop en siet er wer fol mei plannen.

Dan seach ik him wer sa as hy eartiids wie; in rizige kreaze fint mei in grut bosk hier. We hâlden hoop dochs moasten wy him okkerdeis loslitte.

‘Wat is in foltôge libben’? freegje ik my ôf.

We kinne er allinnich mar mei respekt oer hawwe!

Foltôge libben.

Mankelikens

trochPosted on 1 Comment1min read1315 views

Ik stean foar `t rùt, er hinget in dikke mist. De strjitten lizze er ferlitten by. It is stil, de measte lju hawwe tusken de feestdagen frij naam.

Sokke dagen komt de bedriuwichheid let op gong. As it no de mist is as it ferlittende ùtsicht der oerfalt my in gefoel fan mankelikens.

‘Wat is dat dochs?’ freegje ik my sels ôf; ‘Dat ik san hekel ha oan de dagen tusken Kryst en Âld & Nij? It binne lege dagen, sûnder betsjuttng.’

De krystbeam sjocht my ferwitend oan as ik him begjin ut te kleien. Ik praat tsjin him en liz ùt werom. “Omdat ik my sa fiel.” sis ik; “Der past gjin oerdied fan ljocht by.” 

Ik gean op `e grûn sitten om de lêste slingers dr ùt te plùzjen. Wylts de beam stadich oan untmantele wurd, geane myn tinzen werom.

Myn suster dy hommels weirekke en goekunde dy wy misse moasten. Ik wit wol: it wiene minsken fan âldens mar sommige litte in leech plak achter. Ùs hûn dy wy nei sântsjen jier mei in protte triennen bedobbe hawwe.

Ik sjoch nei bûten: de sinne wrakselet him in paad troch mist flarden hinne.

Ynienen tink ik; ‘Dat moast sto dochs èk kinne.’ en rjochtsje myn rêch …

Mankelikens …

Kleur bekenne

trochPosted on 1 Comment0min read1309 views

6a00e008d4d8f088340120a5c7ffe2970b“Mem moat mear kleur bekenne yn har blog.” seit de soan; “Hoe tinkt us memmeminske oer de polityk? Oan welke kant stiet mem? En dan noch; kom der es er rûn foarùt hoe mem oer har leauwen tinkt.”

“Jonge,” sis ik; fan polityk ha ik nea ferstân hân.”

Dan hâld ik it wer mei Mark Rutten en fyn him in aardige fint; hy laket altyd. Dan docht er wat dat my net noasket en is it Halbe Zijlstra omdat hy in Fries is fansels.

En dan ha ik wer in weak gefoel foar Emyl Roemer, hy hat in earlike ùtstrieling en kin it aardich bringe.

Ik bin dan ek hielendal net polityk engazjearre. Ik spylje op de man.

Oer it leauwen… dat wurd dreger.

Dat is osa persoanlik, der praat ik net graach oer. Myn neisten witte wol hoe ik er oer tink.

De basis fan it leauwen is hun by brocht. Yn betrouwen dat sy letter hun eigen kar meitsje kinne yn it libben.

Ik bin altyd tsjin religy optwingen west, der binne eartiids de grutste misslaggen troch makke en hjoed-de-dei noch.

Kleur bekenneSawol polityk as leauwen.

Ik rin er net foar wei mar gean it ek net ùt de wei.

Gemeentehûs

trochPosted on 0 Comments0min read1323 views
Foto troch Sijbren Sijtsma
Foto troch Sijbren Sijtsma

Waar is het stadhuis , mevrouw?” freget in âlder echtpear my.

Ik rin dr bylâns en wiis op it gebouw neist my.

Efkes letter freget in man; “Waar kan ik hier parkeren? Ik moet naar het gemeentehuis maar weet niet waar ik moet zijn.

In pear dagen allyn fregen in pear bûtenlanners my yn in fremde taal; “Wij zoeken het stadhuis, kunt u ons helpen?

Wêrom is it gemeentehûs fan it Hearrenfean sa untfynber? Wy hawwe in prachtige gebou –Crackstate– mar der is yn de rin fan de tiid fan alles oanbreide.

Men rekket der fan yn `e tizen. De gemeente fan it Hearrenfean timmert graach oan de wei en wol as Sportstêd oer de hiele wrâld bekend weze. Soene wy net sichtberder wêze moatte tichte by hûs?

It is ùteinlik is ‘it hûs fan ùs allegearre’. Eartiids wie it dùdlik; der stie dan mei grutte letters op “Gemeentehuis“.

Ik moat mar yn `t tsjinst fan de gemeente de lju te wurd stean en ferhelje hoe `n moaie gemeente wy hawwe. (..)

Ferrekte sear

trochPosted on 0 Comments1min read1067 views

beam“Hy hat my ferrekte sear dien.” seit er. Ik stean by myn freon, de Spjirrebeam.

Hoe no?” sis ik. Hy sjocht er ûnwanmoedich ùt. Ja, sis mar oant syn woartels ta kwetst.

“Wat is er oan de hân? Fertel it my no mar. Do kinst my dochs alles fertelle.” sis ik.

Hy seit neat. Mar troch oanhâlden fan myn kant komt it er hoartend en stoartend ut.

Dy fint achter ùs hie lêst fan myn nullen en myn bloed, do wist wol; myn hars. Sa no en dan, as it heal tsjuster wie, seage er in tûke fan myn lea ôf. En no hat er okkerdeis in ljedder by my opset. En rimpen en ûnmeilydsum hat hy my te fiter naam.

“En no moat ik it lêste eintsje fan myn libben skeint trocht it libben gean.”

Hy is ûntreastber. “Seagje my mar om.” seit er.

Jonge,” sis ik; “de foarkant fan dy is prachtich. En dy rotfint sjocht no ùt op de keale achterkant fan dy. Ik bin hiel grutsk op dy, do  wist net heal hoe. Do bist de moaiste beam ùt de wide omkriten.

Ik sjoch hoe syn stamme rjochter wurd en de tûken en nullen wer oerein komme.

“Mar it die wol ferrekte sear.” seit er noch es …

Langsme

trochPosted on 5 Comments0min read1828 views

Naamloos-2

Wêrom haw ik altiid langsme nei in tiid dy`t foarby is? Langsme nei myn jonkheid eartiids?

Ach, it libben wie sa feilich; heit en mem hiene noed foar my. Ik gean yn tinzen wêrom nei myn boaskjen.

Myn man en ik hawwe ùs bêst dien om fan ùs houlik in sùkses temeitsjen. Langsme nei de tiid doe`t wy sels bern krigen.

As ien my freagje soe ‘wat wie dyn gelokkichste tiid?‘, dan wit ik net ik. Kin it net beneame.

Ik ha my faak gelokkich field mar likernoch ûngelokkich.

Wat is dat dochs, dat gefoel fan langsme? Is dat soms in gefoel fan gemis as bijgelyks unwennigens? Langsme kin ek wêze dat jo hjoeddedei wat wichtichs misse yn jo libben.

Ik wit it net. Ik sil sykjen bliuwe nei in antwurd, as soe dat allinnich mar  ferlangjen wêze ?  As soe it folsleine by it ûntstean fan in minske ynbrocht wêze ?

Langsme,  nei in bettere wrâld wer`t gjin fjechtelingen  mear omdoarmje  hoege?

It folsleine wert gjin langsme mear bestean sil‘ seit it wurdboek.
Langsme.

Ferhâldings

trochPosted on 1 Comment1min read1122 views

Naamloos-1Sy hat my noait lije mocht.” seit in freodinne tsjin my.

We sitte bûtendoar oan in bakje kofje. De sinne sakket nei ûnderen en de fûgels binne ta rêst kaam. It wurd stil om ùs hinne. It is in momint fan fertroulikens. Dy mominten komme amper foar yn dizze jachtige tiid.

Nuver net?” giet se fierder; “Ik ha altiid myn bêst dien om it goed te dwaan.

Dat is de swierrichheid ” sis ik; “do wiest dy sels net.

Doe ik trouwde fernaam ik al dat ik net dejinge wie dy sy winsken hienen. Sy hiene hege ferwachtings fan hun soan en yn dat ramt paste ik net. It is nea goed kaam en no is se der net mear. We hawwe har juster te hôf brocht. Fremd, hè? It docht my neat.” seit se.

Do hast altiid dyn bêst dien.” sis ik en hjit noch es yn.

It petear giet djipper. It giet oer minslike relaasjes en ferhâldings. Wy freegje ùs ôf: wêrom kin jo mei it iene minske goed opsjitte en de oare net? It hoecht ek net altiid om rûzje te gean mar it akedearit net.

We komme der net ùt en eindigje as de fûgels hun lûd wer hearre litte.

Lokkich is ùs ferhâlding goed.” seit se. “Hâlde we sa.” sis ik en krûpe mekoar efkes oan.

Huverjend gean ik yn `e hûs.

Hoe no fierder?

trochPosted on 2 Comments1min read1504 views

Naamloos-1Hoe no fierder?

Nei al dy dagen fan oarlochsbetinkings en befrijingsfeesten bliuw ik mei in leech gefoel achter. Gefoelens dy oer elkoar hinne rôlje.

Mei al dy ferhalen fan minsken dy de ferskriklikste dingen meimakke hawwe, moat ik de oare deis al wer oan `e Oranjekoeke en de Oranjebitter.

Ik wit net hoe jimme der oer tinke mar ik ha der muoite mei.

Ik moat yn rap tempo my omskeakelje fan in trien nei in laits. De generaals wer it lân ùt en wy gean wer nei de oarder fan alle dei.

  • Hawwe dizze dagen ùs wer wat leard? tink ik by my sels.
  • Hat it ùs wer sjen litten wat it is om ûnder in ûnderdrukker te libjen?
  • Hawwe mei dizze betingkings nò ek wat mear begryp krige foar de flechtelingen dy ùs lân oerstreame?

Ik wuolje de flagge om ‘e stok. Foar in jier giet er wer de kast yn.

Ien ding hat it my dizze dagen wol wer dùdlik makke: Frede it kostberste is wat er bestiet.

Hoe no fierder …

Soene wy immen yn `e hûs nimme wolle?

trochPosted on 1 Comment1min read1229 views

Untitled-2

Dizze fraach waard yn de media stelt.

We hawwe it oer de hûnderden flechtelingen dy `t  ùs lân oerstreame. We kinne de ferskriklike bylden en sjogge der dei yn dei ùt nei. It wurd al gewoante, it heard by it deistige nijs sa as by it waar en wat docht de rinte.

We binne der allegearre mei oan, selfs de polityk. It giet sels safier dat it regear hjir mooglik om fâlle kin.

Myn pake en beppe hiene in grutte hushâlding mar namen er twa pleechbern by. Wêrom koe it doe wol en no nèt, freegje ik my ôf. Immen sei: “As eltse Nederlânner no es ien yn `e hûs naam dan wie it probleem oplost.”

“Soe sto wol op `e bank sliepe wolle en ik op in stretcher ?” freegje ik myn man; “dan kin er in flechteling op ùs bedDat moat dochs mooglik wêze.” Hy sjocht my oan as doogde ik net.

 Myn ferstân en myn gewisse hawwe it dreech …

Soene wy immen yn `e hûs nimme wolle?