Oliver en Max

Witte jimme wol waard Ollie en Max binne? Dat sil ik jimme fertelle.

Dat binne twa Jack Russells. De iene is in echte en de oare is in ûndùdlik soart. De lèste,  syn mem is in jûn nei de hûnendisco west en der is Max ùt foart kaam. Olly wie der earst  in echte dus, hy komt dan ek fan in flatsje ùt Ljouwert mar wie by syn frou oer en te folle en sa kaam hy by ùs telânne.

Jelle, ùs eardere hûn, wie in ùt te klùten waakse Cockerspaniël. Hy stoar samar ynienen troch in hertstilstân.

Ollie wie der sa fertritlik fan dat hy iet en dronk net mear. Hy gong geande wei efter ùt. Wy seine tsjin elkoar: hy moat wer in maat ha. En sa stie op in goeie dei Max yn 'e Feanster krante. Ek hy wie oer en tefolle,  noch mar amper in jier âld en al fjouwer bazen hân.

De beide karakters binne tige ùtrinnend. Ollie is in 'ik'- figuur as ik it mar ha, mar wol hiel ùtwosken. Max is skrander. Hy begrypt wat wy sizze, ùs omgongstaal is dan ek  allinne yn it Frysk mar hy komt dan ek ùt Jobbegea.

Se binne nò beide tsien en âlf jier by ùs, it binne ùs bern wurren. Sy hearre by ùs libben en ha ùs in protte leafde jûn.

Fjouwer ieuwen Oranje-Nassau

Juster mei in freon nei de tentoanstelling west yn it Princessehof  yn Ljouwert.

Der wie in gearstâlling fan keramische potten en pannen, dy makke wiene nei oanlieding fan festiviteiten rûn de Oranjes. De konsevator rûn mei ùs de skienis troch fan fjouwer ieuwen Oranjes. Tige boeiend en hiel nysgjirrich, wat wit ik no bygelyks fan disse Oranje femylje?

Nei dat wy disse eksposiesje besjûn hiene, waarden wy ùt noege foar in lunch yn "De Koperen Tùn".

Dèrnei wie er in stèdskuier lâns de âlde gebouwen ùt de skiednis fan ôf 16 hûnderd. We hawwe ûnder oaren de Synagoge besjoen, en ûnwillekeurich giet dan troch je hinne dat der 500 joden yn dizze stèd wenne ha, en wat is der nò fan oer?

In musyk en teaterskoalle sit er yn,  ha war  "tiden hawwe tiden" mar dochs docht it noch sear as wy oan dy tiid werom tinke. Fjirder geane we lâns de Âldehou en it yndrukwekkende stèdshûs, sa is er noch folle mear, mar it soe tefolle wurre foar dit ferslach.

Ik soe sizze doch it es, it is de muoite wurch. Wy moatte dochs  mear witte fan ùs rike ferline, dan wurd it ek wat dùdliker wèrom it hjoed sa is, sa as it is.

Op it ein fan dizze dei smakke de pizza en de reade wyn wûnderbaarlik goed.

Myn winkel | ien

Ik ha in winkel  hân fan fakklean en frije tiids klean. It binne moaie mar heftiche jierren west.

Nearne ferstân fan en dan sa mar ynienen in saak driuwe. Troch omstânnichheden kaam it op myn paed.

En dat fereasket kwaliteiten dy je net fan je sels ea witten ha. Ik moat sizze, we hiene dizze winkel earder hân ûnder de selde namme.  En doe de klanten hearden dat ùs winkel wer iepen gong kamen sy allegearre werom.

En der ha ik fan profiteare, as ik it net wist sei ik gewoan; "Kin jo my ek helpe?" en dat wie in skot yn de roas. De minsken hiene mei my te dwaan, tink ik, en holpen my oan alle kanten.

De bân mei de klant hat altiid hiel goed west, bertes en ferstjerren waar ik altiid fan op 'e hichte brocht. As min oandacht en earlike belangstelling foar it minske hat, komme se graach werom.

Mar der wiene ek oaren fansels. Dy sochten my te beneidieljen op minder fraaie wize.

Oer dizze intresante  mar spannende tiid sil ik jimme wol ris mear fertelle.

Myn winkel - ien | twa | trije

Beurs

Juster de hiele dei op de beurs stien yn Gorinchem. It wie in "Creadû" beurs.

Der stiene allegearre stânhâlders mei ansichtkaarten en mei materiaal wat der by heard. En dat is noch al wat, sy docht it no al in pear jier en de techniken fan it kaarten meitsjen is yn de rin fan de jierren ek enorm foar ùt gien.

Yngewikkelde skjirren lûpen en aperaten  leine op de kream, ik ha der hielendâl gjin ferstân fan, mar ik die krekt as wist ik der alles fan.

We ha best ferkocht, mar it dreechste wie it ein riden fan Tsjâlberd nei Gorinchem, en foar har trye dagen lang. Mar hândel is hândel, en dat is har bestean. Hjoed is it snein en kin ik noflik bekomme.

Soan D.

20-10-1965 is de datum dat soan D. berne is. W

Wat wie it dreech om him op ùs wrâld te krijgen!

Dû gong hy al syn eigen wei en dat is sa bleaun.

In direkte baas boppe him hâld hy net fan, dat stiet syn kreativiteit yn de wei. Want kreatyf dat is hy, op it med fan ferskeidene dingen. 

Wat dat oanbelanget hat hy de tiid mei, syn kreativiteityt kin hy no kwyt op it prachtige fenomeen de PC. En der hat hy ek syn baan fan makke.

Jonge, it giet dy yn dyn fjirdere libben goed, en brûk dyn gaven foar sil dysels mar ek foar oaren.

In mem dy hiel wiis mei dy is. ♥