Myn winkel | trije

Beste minsken, ik ha jimme ûnthjitten dat ik noch ris werom komme soe  mei de skiednis fan myn winkel.

Twa keer is er ynbrutsen. Se hiene in rùtsje by de doar ynslein. Wat my opfoel tusken de rafaazje fan klean, glès en wat net al, misten wy by de broeken allinne maat 38. Dus it wie in behindich persoan.

Nei dat ik wat bekaam wie  en de saak opredden hie tocht ik: “Wa soe dat nò west ha?”

Einliks docht my it stellen guod neat mar ik bin  mear nijskjirrich nei it minske der achter. “Werom docht san minske dat? Is de need sa heech as is it de spanning?”

Mar it kin ek op in oare manier.

Nei dat ik krekt iepen gong wie, kaam er in kreas jong frommeske yn de winkel. Op it earste gesicht neat oan te sjen.

Mar troch ûnderfining fielde ik dat dit mûzen hie.

Se stie by de djûdere klean en koe net ùt de rie komme. Der kamen mear klanten mar ik hâld har yn de gaten.

Yn ‘ e drokte soe se de doar ùt. Doe sei ik tsjin har: “Wat jo efter jo jas ha, wolle jo dat wol efkes ôfrekkenje?”

It wie in grutte gok mar myn gefoel sei: “Dwaan”. Onder fûl protest dy se de jas iepen en ja hjer; der kaam fan alles ûnderwei.

Foar dat ik bekaam wie, wie se alwer ûnderweis nei in oare winkel tink ik. Der binne minsken dy ha hun berop der fan makke.

In oare kear bin ik bedriege mei in grut mes troch in jonge Marokkaan ljocht tinte jongfeint, en as er net in freondinne efter de kassa sitten hie, wie ik d`r oan gien.

Letter is hy fermoarde troch syn eigen suster dus it wie gjin brave broeder.

Och ja,  sa kin ik noch wol mear fertelle mar dat komt letter wol wer.

It hat in prachtige moaie tiid west mar soms wol es wat dreech.
Mar ik hâld  fan minsken en dat skeelt.

Myn winkel ien | twa | trije

Sinteklaasjûn

Jûn is it wer Sinteklaasfeest. Yn myn tinzen gean ik werom nei de sinteklaasjûnen fan myn jeugd. Dan praat ik oer de jierren fan de foarige ieuw dû ik noch in bern wie.

In pear wike foar dy tiid wiene wy as bern al tige nyskjirrich wat wy krye soenen. As ùs mem efkes de doar ùt wie waar it hiele hûs trochsocht , myn jongste broer en ik koene net sa lang wachtsje oant it sa fier wie.

En as we wat fûnen pakten wy it sa wer yn, dat net ien fermoede  koe dat it pakje iepen west hie. Trouwens,  it wie oarlogstiid en neat te kryen. Mar de memmen fan dû wine tige kreatyf, der waar hiel wat ôfbreide fan skjippewol dat wy  as bern fan it stikeltried ùt it lân sykje moasten. Dû de sinterklaasjûn oanbrutsen wie siten wy allegearre om de tafel hinne. De petroaljelampe boppe ùs holle sûze sèft en strielde waarmte ùt, ùs heit  lèsde dan in spannend ferhaal foar.  De  kadootsjes bestiene ùt:  foar de jonges mecano en  ik krige in poppe en in beer dy ùs mem ruile hie foar  bûterbonnen.  Ùs soan pronket der noch mei yn syn hûs.

Dat wie ùs sinterklaasfeest en mei in waarm gefoel tink ik der faak oan werom.

” TIDEN  hawwe  TIDEN “

Flaamske Gaai

It is noch betiid op ‘e moarn. Mei slûge eagen sjoch ik nei bûten. De snie en froast komme my temjitte. Nei dat ik de nediche kofje hân ha en noch ris nei bûten sjoch, bin ik ferwûndere oer it moaie winterbyld.

Ik ha noch nea san fûgels by elkoar sjoen. Koalmezen, mosken, roeken, eksters en noch mear fûgels dy ik net by namme kin. Juster ha ik in slinger apenùten in de beam hong. De koalmezen en mosken fine it te min; se geane ljouwer nei de buorren dy ‘t restaurant v.d. Valk oan it skut hingjen hawwe.

Mar dan yn ienen sjoch ik twa Flaamske Gaaien op myn slinger sitten. Hele apenùtedoppen helje se ùt it netsje. Yn in sucht hawwe se alles op. “Och ja wat witte Flaamske Gaaien -hoe moai as se ek binne- fan itensbanken en djûre restaurants?” Myn apenuutslinger ha se al wer op, ik tink mei netsje en al, want der hinget neat mear yn de beam. Mar ja, betink ik my, yn dy djûre restaurants wurd it bestek ek meinaam.

Wat is it ferskil tusken minsken en bisten? Ik moat mar efkes om in nye slinger apenùten…

Gehoarapparaat

Gehoarapparaten: nèt best as je der mei te kryen ha. Myn man hat ek san ding. It lytste apparaatsje waar oanskaft, want min mocht fansels  net sjen dat hy staf wie.

Op syn âlde dei is hy ek noch idel, dat mei fansels oant op sekere hichte dan. Mar dan komt it, it is san lyts dinkje wurren dat wy siikje ùs deis de -rambam-. Okkerdeis wie it ding wer ès foart, alles en alles moast ùt ‘e wei.

De kasten en de banken moasten  fan de muorren, de hûnen waren de tùn yn jage en de fûgels wisten net wat se er oan hienen. Stofsûgerje mocht fan sels ek net, je koene dat ding es op slobberje.

Dû ik dea oan ein op in stoel del plofte foel myn each op in rôze stikje guod. En ja hjer: it stikje wie  fan it gehoarapparaat en der lei ek noch in battery by.  Ùs Olly woe es wat oars frette as hûnebrokken tink ik!

Bliid dat de hûn noch net dea wie koene wy it spul wer op rèdde. Olly hat sawat in dei beroerd west mar hat it libben er ôfredden. In dei letter fûn ik de restanten yn syn ûntlesting yn de tùn. It moat foar de buorren in fremd gesicht west ha dat de buorfrou mei in foarke yn de hûnestront om reage.  Se sil wol tsjin har man sein ha: buorfrou wurd ek minder, wa docht soks nò !