Gehoarapparaat

Gehoarapparaten: nèt best as je der mei te kryen ha. Myn man hat ek san ding. It lytste apparaatsje waar oanskaft, want min mocht fansels  net sjen dat hy staf wie.

Op syn âlde dei is hy ek noch idel, dat mei fansels oant op sekere hichte dan. Mar dan komt it, it is san lyts dinkje wurren dat wy siikje ùs deis de -rambam-. Okkerdeis wie it ding wer ès foart, alles en alles moast ùt ‘e wei.

De kasten en de banken moasten  fan de muorren, de hûnen waren de tùn yn jage en de fûgels wisten net wat se er oan hienen. Stofsûgerje mocht fan sels ek net, je koene dat ding es op slobberje.

Dû ik dea oan ein op in stoel del plofte foel myn each op in rôze stikje guod. En ja hjer: it stikje wie  fan it gehoarapparaat en der lei ek noch in battery by.  Ùs Olly woe es wat oars frette as hûnebrokken tink ik!

Bliid dat de hûn noch net dea wie koene wy it spul wer op rèdde. Olly hat sawat in dei beroerd west mar hat it libben er ôfredden. In dei letter fûn ik de restanten yn syn ûntlesting yn de tùn. It moat foar de buorren in fremd gesicht west ha dat de buorfrou mei in foarke yn de hûnestront om reage.  Se sil wol tsjin har man sein ha: buorfrou wurd ek minder, wa docht soks nò !

3 Comments on “Gehoarapparaat

  1. Dat is al krekt sa grappich as doe dy kear dat wij it hiele wykein sykje moesten om dat ding en doe bleek op sneintejoun dat hij ‘m twa dagen yn it oare ear han hie.. 🙂

  2. Goed hè! Kinne wy tegearre net in boekje ùt jaan, do de elistrater en ik de skriuwer.

  3. Mijn oma zei altijd: ‘wat door de roepert gaat, gaat door de poepert’ en je ziet maar weer, zelfs bij honden gaat dat op! 🙂

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien