Myn winkel | twa

Ik ha jimme tasein dat ik noch wat fertelle soe oer de hjirren fan ‘myn winkel 

As min yn in winkel stiet, mar foarâl as it in ienmansbedriuw is, dan binne  klanten gau thùs mei je. En as it dan “klikt” dan wurre minsken iepen en betrouwe jin persoanlike saken ta. En dat wie by my betrouwt, sa wie it fan beide kanten, tink ik.

Op in moarn doe ik krekt ypen wie, kaam er in jonge man yn de winkel. Hy hie in in doaze mei gebak yn ‘e hân en frege my as ik de kofje klear hie. Ik sei;  “Altiid.” Hy fertelde my dat hy ùt it sikenhûs kaam en dat syn frou dy nacht in bern kryge hie. En nò moast hy dat fiere  en er oer fertelle.

In grutske heit en der hie ik hoe drok ik it ek hie alle begrip foar.

Op in oare dei kaam er in kreaze jonge man yn de winkel, ik hie it gefoel dat ik him earne fan koe mar koe him net thùs bringe.

Doe hy oan bar wie sei hy; “Ik wachtsje wol efkes.” Ik fernaam dat hy de leste klant weze woe.

Doe ik him frege nei dat eltsenien foart wie as ik him helpe koe, sei er; “Ik ha wat goed te meitsjen. Hjir is in slûfke mei jild, dat ha ik eartiids ùt jo kassa helle. Ik bin feroare. Ik bin Kristen wurren en no wol ik alles wat ik dû stellen ha werom jaan. Boppedat sil ik de minsken freegje as se my ferjaan wolle.”

Ik ha begrepen dat hy nei noch nei in hiel soart minsken ta moast en it gie net allinne om in pear tûzend gûne.

Grut respekt ha ik foar him krige, de dei koe by my net mear stikken.

En sa kin ik wol troch gean mei ferhalen. Ik moat leauw ik mar in boek skriuwe oer de tiid fan ‘myn winkel’.

Letter mear.

Myn winkel ien | twa | trije

2 Comments on “Myn winkel | twa

  1. Ik kan me voorstellen dat Mem d’r dag niet meer stuk kon toen. Zo zie je maar dat mensen wèl kunnen veranderen. Gelukkig maar.

  2. Pingback: ~tiden hawwe tiden~

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien