D’r is meer…

Wa wie ùs mem?

troch Posted on 1 Comment 1 min read 215 views

Ik ha myn libbensferhaal op papier set…“, seit myn freondinne tsjin my; “Ik ha it opslein en, as ik er net mear bin, kinne myn bern mar in moai praatsje hâlde op myn kremaasje.” “Wat hast dan opskreun en wer bist sto begong mei dyn ferhaal?” freegje ik.

Wy sitte tegearre te kofjedrinken en krye it oer in freondinne dy `t krekt stoarn is. De bern witte neat fan har allinne dat sy skyt skjin en sekuer wie. Mar oer it werkelike minske “mem” witte sy neat. “En der wol ik foar oppasse…“, seit se en nimt noch mar in bakje kofje. “Hast sto al wat op papier set?” freget se my.  “Nè,” siz ik; “ik bin noch net fan plan om der ùt te stappen en boppe dat de bern kinne my fan binnen en fan bûten.” Heech ùt soene se sizze: “Wat soe sy dizze taspraak moai fûn ha.” Nò ja, dat hoopje ik dan mar…

Efkes letter sitte wy oan in glèske wyn en binne ùs eigen ôfskiedsrede oan it skriuwen. Ik kin wol sizze it binne moaie ferhalen wurden. De titel is al skreun: Wa wie ùs mem?

Tolerânsje

troch Posted on 1 Comment 1 min read 257 views

Ik sit yn in grot folle trein. De reizigers sitte hast by elkoar op ‘e skoat. Ferskate minsken ha noch in plakje fûn om te stean. Tsjin oer my sit in famke. Hja besiket in pizza ùt de doaze te plùzjen. Mar foar dat se begjint te iten docht se de hânnen  gear. Der wurd wat om har hinne gnize. Mar ik ha grut respekt foar har. Dat se dat doarre mei al dy minsken om har hinne. Soe ik dat dyn ha?

Ùs keninginne en har skoandochter doche in holledoek om as sy in moskee besiikje. Wat is der nò op tsjin? Sy toane respekt foar de gebrûken fan it lân. De Amish yn Amerika wolle gjin reflekterende plaatsjes op hun hynder en wein ha. Der wurd bespotlik oer dyn. Okè, foar de feiligens wie it better oars fansels.

En sa giet it mar troch. Wer is de tolerânsje bleaun wer `t ùs lân bekend om wie? Oer dizze unferdraachsums meitsje ik my  somtiden soargen. Soene wy der nèt tsjin yn opstân komme moatte?

Optimisme

troch Posted on 0 Comments 1 min read 308 views

It is sneintemoarn, 11 oere. Wy sitte foar it programma Business Class, myn man en ik. Hy hâld fan dat programma want hy komt ùt it sakelibben. It seit my net safolle. Meastal giet it my boppe de pet. Mar nò wie âld minister Wiegel yn byld. Hy brocht in winsk ùt op de Nederlânske befolking. En ik, ik wie it hielendal mei him iens.

Hy sei; “Ik winskje eltsenien in jier fan folle optimisme.” En der stean ik hielendal achter. Ik kin wol sizze, ik bin op it oarlochspaad tsjin it negativisme. En derom bin ik it nije jier begong yn lytse kring. Myn man wol ek noch wol es swart- wyt tinke en negatyf ùt de hoeke komme.

Op in nijjiersgearkomst hearde ik oars neat as folle lok, seine en sûnens. Fansels is dat ek sa, dat is foar elken ien hiel wichtich. Mar ik winskje jo, hoe beroerd jo omstannichheden somtiden ek binne, “folle optimisme ta.” 

Sille wy meielkoar yn it gewear komme tsjin it negativisme? Dan sil it net lang duorje as de wrâld sil der de fruchten  fan ploaitsje…

Folle seine en frede

troch Posted on 2 Comments 1 min read 281 views

De boadskippen binne yn ‘e hûs, de krystkaarten hingje en it stof is fan de telefysje. It moaie krystkleed fan myn skoanmem is wosken en strutsen en it sulver poetst. Ik bin der klear foar, de bern kinne komme.

Mar bin ik der sèls klear foar om it Kristusbern wolkom te hjitten, freegje ik my ôf. Want dat is dochs it doel fan Kryst: de Man dy ienkear frede brocht yn de wrâld. Ik wit wol, it giet net  om al dy franjes en drokte rûnom dit feest. Mar ha wy noch plak foar Him yn ùs hûzen en yn ùs libbens?

Wit jo wat; ik set er in stoel by…

De lèzers fan myn stikjes en har sibben winskje ik seine Krystdagen en in nij jier fan frede.

Advintsjûn

troch Posted on 0 Comments 1 min read 243 views
Anny de Jong

Hast sto ek in moai ferhaal , freget de foarsitster. Wy sille as susterkring advintsjûn fiere. Dat hâld yn: foar it skoft it geastlike gedielte en nei it skoft in frij ferhaal.

En ik wit net wat it is mar dan freechje se  my altiid. Dan helje ik de hiele boekenkast oerâl, sneup alle boekwinkels ôf om in goed fryskferhalenboek. Koe ik sels mar in ferhaal betinke. Mar ik bin gjin skriuwster, ik boartsje allinne mei wurden. En der kin min gjin jûn mei folle.

Mar earst gean ik nei de grutste boekwinkel dy wy hawwe en freechje; “Ha jimme ek wat geskiks foar my! Ik wol allinne mar in frysk ferhaal mei in protte humor.” Hja sjoche my fernùvere oan en skodsze mei de holle, it moat ommers foar advint wèze!  Mar ik ha it fûn. It boek hjit 21 Nije Fryske Winterferhalen fan 22 fryske skriuwers. It wurd “De leedomsizzer” fan Anny de Jong.

Wat soe ik graach in echte skriuwster wèze wolle…

Eigen wei, eigen wize…

troch Posted on 0 Comments 1 min read 282 views

Nei oanlieding fan it jubileumjier fan de Menisten hat Tineke Torensma dit gedicht makke oer twa eigenwize leauwigen. Menno Simons in roomske pastoar en it earste domineeske Anne Zernike.

Menno, een man met een missie:   
een mens die zijn eigen weg is gegaan.
Wars van dogma`s en van pressie
leerde hij zelf Gods woord verstaan.

Menno,een man van de vrede,
een mens in het licht van zijn tijd,
brak met de schijnzekerheden;
geloofde in Gods bereikbaarheid.

Eigenwijs een eigen weg gaan;
dopers credo in deze tijd.
Daadkrachtig in de wereld staan,
in vrijheid en verbondenheid.

Anne Zernike, vrouw van het woord,
eigenzinnig voerde zij strijd;
ging haar eigen weg onverstoord,
heeft voor vrouwen de weg bereid.

Dominee Anne, vrouw met moed,
rebels met eigen geluid,
Predikte `t dopers gedachtegoed,
Anne, zij was haar tijd vooruit.

Eigenwijs een eigen weg gaan; 
Anne sette de eerste stap
Vrouwen, ze staan nog steeds vooraan;
Zij zijn de kurk van de broederschap.

Sa gean de menisten op hun “eigenwize” op wei,  Jezus Kristus as fûndamint.

ôfbyldingen | site jubileumjier

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien