D’r is meer…

De tsien dingen

troch Posted on 0 Comments 2 min read 251 views

Wy hawwe yn ùs gemeente in ploechje liturgen. Dat wol sizze: om syn beurt lèze wy sneins gedielten ùt de bibel der`t de  foargonger in oertinking oer hawwe sil.

In jier as wat allyn binne wy der mei ùt ein set. Ûnder lieding fan in logopedist moasten wy leare om starich en dùdlik te praten. En dan moasten wy de eangst oerwinne om foar in grutte mannichte te sprekken. En foar dat wy it ûnder de knibbel hiene ha wy hiel wat ôfswitten en senuwen oerwinne moatten. Mar dat rint nò al in jier as wat en it foldocht goed seit min. “Wolst sneintemoarn de tsien geboden foar lèze?“, freget de foargonger oan my; “Mar dan wol wat simpel wei want it is foar de bern…

En sa fyn ik de tsien dingen op in ienfâldiche wize ùtlein yn it ‘Blide Boadskip‘ fan J.W. Zantema.

  • Ik bin dyn God, en in oare god hasto net. 
  • Do meist gjin dingen meitsje om dèr foar te bidden.
  • Do meist net flokke, dan brûkst Myn namme ferkeard.
  • De snein is in aparte dei, oars as de oare  seis dagen: it is Myn dei . 
  • Hâld fan dyn heit en mem.
  • Do meist net deaslaan.
  • Heit en mem hearre byinoar.
  • Do meist net stelle.
  • Do meist net wat raars fan in oar sizze, as it net wier is.
  • Do meist net oergunstich  wèze.

Dat binne dus de tsien dingen foar de bern en foar de grutte minsken dy noch bern wèze wolle. Wat ha wy dochs in prachtiche taal om ùs te ùterjen yn gefoelens, emoasjes en spraak, is`t nèt wier?

 

Rommelmerk

troch Posted on 0 Comments 1 min read 268 views

Ik stean mei in pear froulju midden yn in ôfgryslike bult klean. Ien kear yn`t jier ha wy rommelmerke fan de opbringst giet in part fan nei in goed doel en in part nei ùs tsjerke.

It hiele jier troch wurd er troch in stik as wat manlju oanwurke. As er minsken ferhuzje as dea geane wurd  it troch jûn en it hûs as flat wurd opromme en skjin makke. En dan moat it noch priizge wurde fan it lytse oan ‘t grutte guod ta. En dan, as it sa fier is. stean wy wol mei in hûnderd frijwilligers yn it sintrum te ferkeapjen.

It is in geweldige dei, in dei fan mienskipssin mei elkoar wurkje foar ien doel. Sa hat elts syn plak fûn: de iene by it wyt guod en de oare by it diggel guod. En sa stean ik by de ôftanke bult klean. Fan alles giet ùs troch de hannen. Fan dûnstekkens , underbrûken oant klean fan ûndùdlike ôfkomst.  Mar wat my it meast noch boeie kin binne de ferskate minsken. Fan ôf ien euro moat er ôftinge wurde.Oan t ein fan ‘e dei binne wy tige foldien en dik tefreden.                                                                                                                                                                                      

In pear froulju ùt in fremd lân jouwe my in han en laitsje nei my . Bin ik te gol west? Ik wit it net mar it jout my in goed gefoel. Der giet it dochs om? 

Foto: Rommelmarktblog

Rotondetsjerke

troch Posted on 0 Comments 1 min read 274 views

De Terbantstertsjerke -bekender as de Rotondetsjerke– is de ienichste  underweis tsjerke fan Fryslân.

Yn Nederlân binne der tsjien fan. Eltse snein wurde der koarte tsjinsten hâlden fan in healûre. Bedoelt foar minsken dy ûnderweis binne en efkes ùtpùste wolle. Nei dat de diken omlein binne by it Hearrenfean wurde de tsjinsten it meast besocht troch minsken ùt de omkriten. Troch de wike hinne wurde der noch rou- en troutsjinsten hâlden mar ek konserten jûn. It  is in unyk gebou mei in Van Dam en Timmer oargel, by de lèste resteraasje wie Jan Jongepier noch adviseur.

En yn dy moaie entoeraazje mochten myn freon en ik sneitemoarn foargean. It tema wie In byld fan God. Elts fan ùs hat mooglik  in God’s bield yn syn tinzen. Mar it sil by eltsenien oars wèze. Net ien wit it mar hy as sy kleurt it sels yn neffens hoe syn libben ferrint as nei wat er meimakke hat. Dochs is it goed om der mei ûnderskate minsken fan gedachten te wikseljen. En wa God is?  Wy binne der net ùt kaam. “Ik bin dy ik bin, Ik sil der wèze ” Litte wy ùs dèr mar oan fest hâlde.

It  wie goed dèr efkes ùt te pûsten,  wy kinne wer underweis…

Foto: Frysk Foto Archyf

Tsjerkepaad

troch Posted on 1 Comment 1 min read 256 views

Myn freon en ik binne drok dwaande ùs tsjerke rè te meitsjen foar belangstellenden. Hy hinget de flaggen ùt en ik set kofje en tee en set de boel klear. Hjoed binne de tsjerken yn Fryslân wer iepen. It is Tsjerkepaaddei yn Fryslân. Wol 250 Godshûzen binne hjoed te besjen. En mar leafst 350 histoaryske oargels sille hun lûd hearre litte. Dizze tsjerkepaaddei rint al foar it achste jier en lûkt tûzenden besikers.

Yn eltse tsjerke is wat te dwaan; tentoanstellingen fan keunstners ùt eigen doarp as stèd. Ek konserten wurde der jûn op oargels fan fryske oargelbouwers. En dy hie Fryslân ieuwen lang. Yn Ljouwert wurkje hjoeddedei noch oargelbouwers ûnder de namme fan Bakker en Timminga.

Wat ha wy dochs in rike skiednis, betink ik my. Ach, ik wurd der bytiden lyrysk fan as ik sa troch ùs provinsje ryd en oan de kime al dy toarrens boppe it lânskip ùt stekken sjoch. Lokkich binne der ynstânsjes en hûnderden frijwilligers dy passe op ùs erfguod.

“Komst ek noch?”, hear ik myn freon roppen;“It rint stoarm…”

Foto: Doopsgezind-web-log.nl (klik afbeelding)

Yn dy nacht

troch Posted on 0 Comments 1 min read 259 views

Yn dy nacht fan 25 Juni 2009 stoar hommels de ferneamde popsjonger Michael Jackson. Fans, kranten, televyzjesinders en aktualitytenrubryken alles gong oer dizze geniale sawol aparte sjonger. Neffens myn gefoel naam it ekstreme foarmen oan. De hiele wrald rouwe as wie it neiste famylje. Ûndanks syn ferneamens stoar hy yn iensumheid.

Yn dy selde nacht om de selde tiid stoar ek hommels ùs soan oan in hertstilstân. Yn stilte hawwe him te hof brocht. Wat in wrâld fan ferskil tusken dizze twa minsken, de iene mei in soart bombaarje en de oare yn stilte.

Nei ùs sille noch hiel wat generaasjes komme en it hawwe oer dizze  ferneamde sjonger.

Mar yn ùs hert sil altiid ùs soan wèze, leafde is unbrekber.


Hagepreek

troch Posted on 1 Comment 2 min read 519 views

Mei in grutte ploech minsken sitte wy yn de boskjes fan Yntema te Nijskoat. It is Pinkster en by ùtstek geskikt waar foar dizze gearkomst. Troch de ieuwen hinne binne de menisten tamtearre en ferfolge om hja leauwen en sa ûntstienen de skûltsjerken en de hagepreken earne yn it fjild. En elts jier wer hâlde wy dy tradysje yn eare. It is in bysûnder plak, it stik lân grinzet oan de Tsjonger. En fan dèr ùt giet it tsjerkepaed nei de Kapel fan Haskediken. Wat ha wy dochs as Friezen in rike skiednis.

En yn dat listwurk fan fûgels, wyn en stilte sjonge wy oan`t ein it favoryte nûmer fan de Menisten:

Ik fiel Jo wyn hjoed waaien, God.
En heech set ik it seil.
Tehaavene is`t, mei skom bespat,
Mar`k hoopje op Jo heil.
Te roere stiet Jo eigen Soan,
Hy stjoert nei feilge ree.
Ik doar mei Him de reis wol oan
Oer wylde hege see.
—————————————-
De trienen dy `t ik skrieme moast,
Binn`droege fan Gods wyn.
Ik wit net mear, hoe`k stûmje doarst
Oer muoiten, lang ferlyn.
Hjoed haw ik nye libbensmoed
En fèst is myn beslùt”
Ik fiel Gods winen waaien hjoed
En syl de haven ùt.
———————————————
O, lit my nea ferjitte, Hear,
Hoe`t my Jo leafde laat.
Lit foar my stean, hoe dearlik sear
Jo holle kroane waard.
Oan Jo betrou ik my alhiel
By`t oangean fan è reis,
No`t ik Gods winen waaien fiel,
Lied Jo my ûnderweis.

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien