All Posts By Wokke

Net te tichtby komme, hear!

♥ Leafde Oerwint Alles ♥

trochPosted on 1 Comment1min read1345 views
Foto troch Yaroslav Danylchenko fan Pexels
Net te ticht by my komme, hear!" hear ik deis hûnderd kear om my hinne sizzen.

Hja binne as de dea foar it firus. Logysk fansels, se hawwe fyf moane opslùten sitten. Mar sa as it mei alle ferhalen giet, se wurde hoe langer hoe grutter.

Soms, as it my oer de hege skuon giet, gryp ik yn en besykje de oare kant fan it ferhaal te fertellen.

Neist my sit in man. It falt my op dat hy net mei docht oan it petear fan de oanwêzigen. Tsjin oer him sit in frou, sûnder wat te sizzen hawwe hja kontakt. It gelok strielt er ôf.

Op myn fraach as hy ek skruten is foar it firus, seit er yngelokkich; "It firus hat ùs just byelkoar brocht."

"We troffen elkoar by de dokter om te testen, hja blyke posityf te wêzen. Mar net allinnich it firus, ek de fonk fan de leafde sprong oer."

Efkes fierder op seit in oar frommes dat hja har man ferlern hat oan it firus. "Mar hy wie al âld hear."  seit se seft er efteroan.

En sa hat elkenien wat te fertellen oer corona... moaie en minder moaie erfarings  komme foarby.

De leafde sil altyd trochgean. Ek as firussen tinke it wûn te hawwen...

Yn de bocht fan de Boarn

In bliid wersjen.

trochPosted on 1 Comment1min read1035 views
Photo by Joshua J. Cotten on Unsplash
It is sneintemoarn. Wat sil ik dwaan? Ik stean yn dubio. It is prachtich waar, it ûnthjit in moaie dei te wurden.

Ik mis de preek fan Omrop Fryslân út de prachtige âlde tsjerke fan Frentsjert. Lit my mar rinne betink ik my, en gean underweis nei in bocht fan 'e Boarn.

Ik gean op de bank sitten en fernuverje my oer de syljachten, fan lyts oant grut 

Dan hear ik it kweaken fan einen dy lâns de berm skarrelje. Ik hear memme-ein boppe alles út. 

Myn each wurdt lutsen nei in rigele einepiken en begjin se te tellen. Binne dat net de alve einepiken dy op myn balkon berne binne, myn 'beppesizzers'? Hja bliuwe in amerij driuwen en sjogge my oan, as ferbyldzje ik my dat mar?

Ik sis sêft, 'Hiene jimme net efkes in berjochtsje stjoere kinnen? Fan 'wy binne der alle alve noch?'

Memme-ein wol avesearje en giet al kweakjend fêst foarút.

'Komme jimme wer es lâns?' rop ik noch, 'En pas op foar eksters, rôtten, katten en oar gefaar!' 

Nei dat hja út it sicht wei wurden binne gean ik stiif oerein. Ik ha myn tsjinst hân. Net op in bank yn de tsjerke fan Frjentsjer mar op in bankje yn de bocht fan de âlde Boarn

It wie in bliid wersjen...

Mei de tiid mei gean

trochPosted on 3 Comments2min read1377 views
Foto troch Mateusz Dach fan Pexels
San dikke tsjien jier ferlyn kaam de soan thùs mei in kado. 'Foar mem,' sei er en sette in grutte doaze midden op tafel.

'Wer is dat foar?' sei ik, 'ik bin net iens jierdei.'

'Pak mar ùt.'  sei er.

Nei dat de tafel beseit wie mei wiete boltsjes skûm komt er in grut skerm tefoarskyn. 

'Wat no?'  frege ik ferbjustere, 'Wat moat ik dermei?'

'Hiest tefolle jild yn 'e bûse ?' sei syn heit noch.

'Mem moat oan 'e kompjûter. It is no tiid en net ùtstelle want dan is it te let.'

Djip under yndruk en en oertsjûge fan myn eigen unkunde waard de kompjûter oansletten.

Derop folge tiden fan machteleazens en lilkens. 'Werom snap ik dat no net?' fersuchte ik dan en woe him yn de grize container smite.

As ik stadich oan it in kromke troch krige hoe as it wurke, dan wie der wol wat oars wat it net die.

'En no Telebankierje.' sei de soan op in dei, 

'Ach né, wol?' sei ik deabenauwd, 'Dat komt op de kop ferkeard.'

'Nuchter neitinke, goed lèze en gewoan dwaan wat it apparaat seit.'  sei de soan wer. Ek dat krige ik under de knibbel.

En no, safolle jier letter, tank sy in trochsetterige soan, kin ik er net mear sûnder. Wa kin dat sizze op myn âldens ? 

'Mei de tiid mei gean, Mem, jo binne nea te let om te learen. 

Tankje wol soan ...

Oardel oere

trochPosted on 5 Comments2min read1344 views
Foto troch Jose Antonio Gallego Vázquez fan Unsplash
Fan ôf hjoed de fyftjende juny meie wy wer mear as ien op besite hawwe, Dat hat hegerhân sa beskikt, de besite moat oan hiel wat foarwaarden foldwaan.

'Jo moatte studearre hawwe om it te snappen,' sei it wyfke. It nije permenintsje skoddet heftich hin en wer.

In oarenien seit; 'Twa meie der op besite komme. Ik soe net witte wa, ik ha net ien mear.'

Wer in oar: 'Ik ha de soan en dochter ùtnoege mar se hawwe mekoar yn gjin jierren sjoen, hoe dat komme sil?' 

En sa bringe de nije rigels hiel wat unrêst yn it hûs. Hja binne der in bytsje mei oan, tink ik. Oan de oare kant, wy hawwe net ien coronapasjint hân tank sy de strenge rigels fan it bestjoer.

It hat de ynwenners mear dien dan de bûtenwrâld mar yn 'e fierste fierte fermoede kint ha.It wie ommers in unsichtbere fijân, en dan samar opslùten te wurden... dat begrypt net ien.

Mar no mei er besite komme. 'Wer moat ik it oardel oere oer hawwe?' freegje se mekoar. 

Want nei safolle wike fan ofsûndering en ynsluting moat min wer leare om mei famylje om te gean. En sa komme de bewenners mei hun fragen en unwissichheden by elkoar, se sitte ommers yn it selde skouke.

'Nije wike meie der fjouwer op besite komme,' seit in bewenner, 'Meitsje jimme mar klear!' 

...

Steryl

trochPosted on 1 Comment1min read1227 views

De safolste brief falt yn de brievebus. 

De direksje libbet tige mei. Soene se ek in mem as in heit, pake as beppe, yn in âlderein hawwe? It klinkt hiel meilibjend mar ha se wol underfining?

De rigels sille wol folgens it RIVM strikt opfolge wurde. Mar soene dy lju fan it RIVM ek famylje yn in tehûs hawwe?

Dat freegje ik my wol es ôf. 

Der spilet him der hiel wat ôf yn dy tehûzen wert hja gjin idee fan hawwe. Ien persoan mei op besite komme en fan ôf nije wike twa minsken op oere en tiid. 

De soan is west, hy mocht in oere bliuwe. Mei momkapke en in skelk foar komt er yn 'e hûs. Fremd sjogge wy mekoar oan. Is dit him wol?  Is dit net de soan fan de buorlju?   

'Komst nije wike wer ?' freegje ik him nei dat it oere foarby flein is. It momkapke giet wer ôf en de hânnen wurde wosken.

'Dag Mem.' seit er, 'Oant nije wike.'  en lit my steryl achter. 

De rigels fan it RIVM...