Beheindens

Naamloos-1“Hoe gaat het met u?” freget se. Grut en lang fan postuer, net unkreas stiet se foar my.

Ik wol har antwurdzje mar se sjocht my ofwêzich oan, draait har om en rint fuort. Ik bestean net mear foar har. Ik wol har efterrnei gean en wol kontakt mar se is yn har eigen wrâld omsletten.

Efkes letter kom ik in jongfeint tsjin. Mompeljend giet hy oan my foarby.

It merkje fan syn trui stiket boppe syn kraach ùt, automatysk wol ik dat yn de jas dwaan mar dat falt ferkeart. ‘Wer bemuoi ik my ek mei?’ freegje ik my sels ôf.

In famke dat beheind is wennet tsjin oer ùs. Se hat in jonge herdershûn en is osa wiis mei him mar kin him net oan. Wyld springt hy om har hinne mar wûnderbaarlik genoch begripe sy elkoar. Steefêst om healwei achten wurd hy ùtlitten, jo kinne der de klok op lyk sette.

Efkes letter kom ik de rizige frou wer tsjin. Se bliuwt lyk foar my stean en ynpleats fan dat se freget hoe it mei my giet strykt se my oer de holle.

Bliid rin ik nei hûs ta. Soe ik ea tichte by har komme kinne !

Beheindens

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

7 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Soan D.

Wie dit in dream?

Appelvrouw

Het is ook raar dat we honden en kinderen wel over de bol aaien, maar bij volwassenen is het beladen, tenzij ze gehandicapt zijn.
Toch zouden we onze medemens toch wel eens vaker een aai mogen geven.
Bij deze Wokke!

J.P.

Een onbekende
in het voorbijgaan
steekt zijn hand naar me op

zegent zo
mijn dag.

Carla Pols

Heb soms ontmoetingen met mensen
die mijn pad kruisen, onderweg of in een winkel.
Een blik, een glimlach van oor tot oor en ieder gaat verder.
Het zal iets met uitstraling/lichaamstaal te maken hebben.

Cadeautjes.

Elly Galama

Dat is belangeriker dan een bûsse fol mei jild.