Oliver yn memoarje

Ùs Oliver is net mear.

Juster moasten wy mei fertriet ôfskied nimme. Sa as jimme yn myn eardere stikjes lèzen kint hawwe is hy in hiel skoft siik west. Hy hie focht achter hert en longen. It wie in persoanlikheid, in yndividu mei in aparte oanpak. Op 7 november 1997 is hy by ùs kaam. Ùs soan hat him ùt in flatsje ùt Ljouwert helle, troch in skieding waart hy dèr oer en tefolle. En sa krigen wy in Jack Russell mei stambeam, mei ruskfrije itenspannen en in djoere sjike learen rym. Hy wie dan ek fan adel en sa hat hy him ek altiid steatlik gedroegen.

Mar dû krigen wy Max erby. Dy kaam ùt Jobbegea en wie ek oer en te folle. Noch gjin jier âld mar al fjouwer bazen hân. Men sei dat hy altiid foart rûn mar Max bleun en is al wer trettsjin jier by ùs. Twa Jack Russells, ien mei papieren en ien sûnder, mar osa sosjaal. It sil wenne moatte no`t Ollie der net mear is. Hy hearde by ùs gesin.

En Max, ik ha him ferteld dat syn maat er net mear  is. Wat soe hy der fan begrepen ha? De tiid sil it leare…

4 Comments on “Oliver yn memoarje

  1. Dat is tige drôvich. It wie yndied een persoanlikheid. We sille him misse.

    Sterkte hear.

  2. Pingback: Pine-mûle « Tiden hawwe Tiden

  3. Pingback: Sjakie « Tiden hawwe Tiden

  4. Pingback: Tiden hawwe tiden | Wolkom op Wokke's Plak

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien