Pintekening

De telefoan giet. In mannestim freget as it goed is dat hy lâns komt. It komt my foar dat ik it lûd kin mar ken him net thus bringe.

In skofke letter stiet in grutte, foarse jonge man foar de doar. En daalks werken ik de buorjonge fan eartiids. Hy wie like âld as ùs jonges se hawwe dan ek hiel wat streken meielkoar ùt helle. Wol fiif en tweintich jier ha wy it soer en swiet dele. Âlde tiden wurde ophelle. Hy is keardel wurden. Hy ferhellet hoe it libben foar him ferrûn is. En foar dat wy  it yn è rekken ha is de jûn om.

Wer`t ik foar kaam bin is dat ik in âlde pentekening op ‘e kop tikke ha fan it hûs fan de âlders fan jo man.” “Ik wol der neat foar ha,” seit er; “jimme hawwe my sa faak opheine. Op dizze wize wol ik jimme betankje.

Nuveraardich bin ik `r wat emoosjoneel fan. It skilderijke komt letter wol…

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien