In Libbensles

trochPosted on 1 Comment2min read1156 views

Lilk stean ik de man te wurd dy achter de bali stiet fan myn soargfersekering. Hoe kinne se my nò san grutte rekken stjûre foar in lyts skofke fisioterapy. Ik ha der gjin wurden foar mar de man kin it ek net helpe: hy heard geduldich nei myn wiidweidich  petear. Ik bin it net iens mei him en hy net mei my.

Lang om let moat ik dochs beliis jaan. Ik betink my dat je by dit soart minsken altiid oan it koarste ein lûke. Ik freegje noch oan him as hy ek in baantsje foar my hat. In dieltiidbaantsje as sa. Dat is dochs modern net! Mar de man begrypt neat fan dizze klant en fynt my mar nuver.

Dan kom ik yn in saek dy alles op it med fan elektryske apparaten hat. Der stean in hiele rigele minsken te wachtsjen. Dit soart minsken kost tiid want dizze lju komme mei fragen der`t de winkelman achter de toanbank ek noch noait fan heard hat.

Dan ynienen komt der in man oanriden yn syn skootmobyl, rjocht op de minsken yn. Dy wike oan ‘e kant, ik spring gau op side want ik ha gjin nocht om noch ris nei myn soargfersekering  te gean. Ik ha noch krekt de moed him te freegjen as ik him helpe kin. Dan barst er yn ienen los tusken al dy minsken, ien en al opstânnichheid en fertriet en hy ropt it ùt;

“Ik ha tritich jier frachtwein sjaufeur west op it bûtelân. Noait in ongelok as oanriding hân en ik kin nèt omgean mei dizze ferrekte karre….”

Ik skamje my djip. Wat bin ik dochs in oelewapper my sa drok te meitsje oer in rekken. Ik bin oant myn tiennen ta mei dizze man begien. Ik ha wer in libbensles leard. Hast soms ek begrutsjen mei dy sels: der binne altiid minsken dy it minder as dy….

De Lage Hoeve

trochPosted on 4 Comments2min read1596 views

Op dizze pleats wenje hiel wat bisten. As ik der kom dan moat ik altiid oan de arke fan Noach tinke mar dan sûnder arke fansels. Der wenje hiel wat bisten. Se rinne allegearre troch elkoar hinne en kinne best meielkoar opsjitte.

Ik sil jimme fertelle wat foar bisten der wenje. Allerearst de trye  hûnen; Tara, Blacky en Djonda. Tara, een grutte swarte hûn, komt ùt Gaasterlân. Blacky is in lyts Terrierke en komt fan it Ynternet. En der is Djonda ùt Portugal.

Dan binne der twa hingelbûk bargjes. Spookey is in swarte en Sue in wyt-grize (se binne neamd nei in sjongduo). Altiid honger mar altiid fleurich.

Der binne seis katten. Nei rangoarder neam ik se hjirre; Kitty is in wyte poes mei healle earen fanwege kanker. Poeleke mei de kleuren fan in ko, swart wyt. Beau, in lapkeskat. Belle, in tinger sipers katsje mei de eagen fan E.T. En dan Toetsie, in swarte folslanke kat, kaam tydlik mei in nest ferwaarloasde jongen. Mar mem Toetsie mocht bliuwe. Ta einbeslùt is der Myra de Main Coon poes, se hat wat fan in mini liuw en ien en al hier.

Dan noch twa kninen: de iene hjit Peter -fan Rabbit- en de oare is Pebbles. Har tosken groeie hurder dan sysels en moatte om de twa wike knipt wurre.

Der binne ek noch fjouwer hinnen oer. Der wiene mear mar op in nacht binne der hiel wat fan opfretten troch in Foks as in Murd. Dy kamen tsjin de moarntiid thùs ùt it Houtsje. Ien hin is tsjien jier wurden mar hy is âld wurren by de twa kninen. Dat wie earst needopfang mar mocht bliuwe. Ek is Gerrit der noch: earst wie hy noch al ballearich mar dû is hy holpen troch in feedokter -jimme  witte wol, tink!- en is nò aerdich restich wurren.

Troch in fruchtber klimaat yn de fiskekom swimme der hiel wat guppies rûn; de Femylje Blub. Ik leauw dat ik nò alle bisten hân ha. Ùt dit ferhaal docht bliken de grutte leafde en respekt  foar bisten en al wat libbet.

Sokke minsken moasten der mear wèze. Ik bin bliid dat ik de frou fan De Lage Hoeve ta myn freonen rekkenje mei…

Myn berte doarp

trochPosted on 2 Comments2min read1234 views

Ik kom ùt in doarpke fan skriuwers,  dichters en mei ferskate muzikale ynwenners. Der wie in grut koor mar ek in fanfarekorps. En op hichte dagen lieten se troch ùtfieringen hearre wat se koenen, it wie in sosjaal barren .

Der wie ek in kabaretploechje, der wie ik by fansels.

Ik koe net sjonge en wie ek net muzikaal mar allinne op it podium stean, dat lei my, dat fûn ik geweldich. En foar dat ik optrede moast, bestoar ik it hast fan de senuwen. It kommentaar fan thùs wie dan; wat dochst  der ek by, sokke ûnsin? Se seagen der it nut net fan yn, myn suster wie by twa koren; dat wie noch es wat.

Tretsjen jier wie ik doe en krige  al spraaklear en dat hat syn nut hân yn myn lettere libben. We hawwe yn hiel wat doarpen yn kafe’s en doarpshùzen optreden. In machtige tiid wie dat. Letter ha wy noch foar de N.C.R.V. radio west; wat in aventoer!

Mar doe kaam de earnst yn myn libben. Der moast jilt yn it laatsje komme en tiid foar sokke ûnsin wie der net mear. Dochs  krûpt  it bloed wer it net gean kin. Mei oare wurden: it komt er op in gegeven momint dochs wer ùt. Letter yn myn libben bin ik Menist wurren en der koe ik myn ai kwyt. De Menisten hawwe lekeprekers, Dat binne minsken die in deuglike oplieding krye en sa fan hun  leauwen tsjûge meie.

En dat leit my. Ik ha myn bestimming fûn.

Myn winkel | trije

trochPosted on 4 Comments2min read1402 views

Beste minsken, ik ha jimme ûnthjitten dat ik noch ris werom komme soe  mei de skiednis fan myn winkel.

Twa keer is er ynbrutsen. Se hiene in rùtsje by de doar ynslein. Wat my opfoel tusken de rafaazje fan klean, glès en wat net al, misten wy by de broeken allinne maat 38. Dus it wie in behindich persoan.

Nei dat ik wat bekaam wie  en de saak opredden hie tocht ik: “Wa soe dat nò west ha?”

Einliks docht my it stellen guod neat mar ik bin  mear nijskjirrich nei it minske der achter. “Werom docht san minske dat? Is de need sa heech as is it de spanning?”

Mar it kin ek op in oare manier.

Nei dat ik krekt iepen gong wie, kaam er in kreas jong frommeske yn de winkel. Op it earste gesicht neat oan te sjen.

Mar troch ûnderfining fielde ik dat dit mûzen hie.

Se stie by de djûdere klean en koe net ùt de rie komme. Der kamen mear klanten mar ik hâld har yn de gaten.

Yn ‘ e drokte soe se de doar ùt. Doe sei ik tsjin har: “Wat jo efter jo jas ha, wolle jo dat wol efkes ôfrekkenje?”

It wie in grutte gok mar myn gefoel sei: “Dwaan”. Onder fûl protest dy se de jas iepen en ja hjer; der kaam fan alles ûnderwei.

Foar dat ik bekaam wie, wie se alwer ûnderweis nei in oare winkel tink ik. Der binne minsken dy ha hun berop der fan makke.

In oare kear bin ik bedriege mei in grut mes troch in jonge Marokkaan ljocht tinte jongfeint, en as er net in freondinne efter de kassa sitten hie, wie ik d`r oan gien.

Letter is hy fermoarde troch syn eigen suster dus it wie gjin brave broeder.

Och ja,  sa kin ik noch wol mear fertelle mar dat komt letter wol wer.

It hat in prachtige moaie tiid west mar soms wol es wat dreech.
Mar ik hâld  fan minsken en dat skeelt.

Myn winkel ien | twa | trije

Sinteklaasjûn

trochPosted on 0 Comments1min read1192 views

Jûn is it wer Sinteklaasfeest. Yn myn tinzen gean ik werom nei de sinteklaasjûnen fan myn jeugd. Dan praat ik oer de jierren fan de foarige ieuw dû ik noch in bern wie.

In pear wike foar dy tiid wiene wy as bern al tige nyskjirrich wat wy krye soenen. As ùs mem efkes de doar ùt wie waar it hiele hûs trochsocht , myn jongste broer en ik koene net sa lang wachtsje oant it sa fier wie.

En as we wat fûnen pakten wy it sa wer yn, dat net ien fermoede  koe dat it pakje iepen west hie. Trouwens,  it wie oarlogstiid en neat te kryen. Mar de memmen fan dû wine tige kreatyf, der waar hiel wat ôfbreide fan skjippewol dat wy  as bern fan it stikeltried ùt it lân sykje moasten. Dû de sinterklaasjûn oanbrutsen wie siten wy allegearre om de tafel hinne. De petroaljelampe boppe ùs holle sûze sèft en strielde waarmte ùt, ùs heit  lèsde dan in spannend ferhaal foar.  De  kadootsjes bestiene ùt:  foar de jonges mecano en  ik krige in poppe en in beer dy ùs mem ruile hie foar  bûterbonnen.  Ùs soan pronket der noch mei yn syn hûs.

Dat wie ùs sinterklaasfeest en mei in waarm gefoel tink ik der faak oan werom.

” TIDEN  hawwe  TIDEN “