Spyt

It is skimerjûn. We sitte wat nei te praten. In goeie freondinne hat west en under it genot fan in glês wyn komme de petearen los.

“Asto op dyn libben werom sjochst, hiest it dan ek oars dien.” freget se my.

“Ach ja,” sis ik; “mei de wysheid fan hjoed-de-dei wie it hiel oars rûn.”

Ik hie do in minderweardichheid kompleks. Oaren hiene der better sicht op dan ik, tocht ik altyd. Soms dy ik dingen wat oaren my advisearren. En dat gong faaks hieledal tsjin myn eigen wil yn. Mar ik doarde der net tsjin yn te gean want hja wisten it better dan ik.

Ja, ik ha spyt fan sommige dingen, dat hie efternei besjoen oars moatten. Mar ik ha ek besocht it goed te dwaan.

Ik ha my ynset foar lju dy it minder hiene dan ik. Mar ek altyd in lùsterjend ear hân foar eltsenien. Mar dat is net wat aparts, dat dogge in hiel soart minsken.

Dus spyt ha ik net mar it hie wol oars kinnen. Binne dit no tinzen fan âlde minsken dy it grutste part fan har libben efter de rêch hawwe?

Se komt gauris wer en dan sille wy it noch ris oer hawwe. Want ik wol ek fan har witte fansels wert sy spyt fan hat. Ik bin benyd.

Spyt…

Diele mei:

5 Comments on “Spyt

  1. As je sels de spegel doarre foar te hâlden en jinsels sjen wolle mei alle der op en der oan. Moed is dêr foar nedich. Mar ek yn de genede fan ús Hear is alles wat goed is foar de minsken te finen. Dat jout romte.

    Mar sa sjoch ik it, in oar kin it oars sjen.

  2. Wol wat let, mar noch de bêste winsken foar it Nije Jier foar jim.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien