Samar

De Rival

trochPosted on 0 Comments0min read1107 views
naamloos-1Yn it ramt fan it Tsjerkepaad wie der yn ùs tsjerke in tentoanstelling fan skilderijen fersoarge troch eigen leden.

Under de tsjinst waard myn oandacht hieltyd lutsen nei ien bysûnder skilderij.

It is in sleepboatsje dat oan de kaai leit. Twa grutte lânfêsten hâlde him fêst oan de steiger. De skilder hat felle kleuren brûkt.

Blauwe golfkes mei wite skomkopkes dûnsje om him hinne. De loft is besiede mei hûnderten skieppewolkjes.

En eltse sneintemoarn hinget it boatsje noch oan de muorre.

Ik sjoch de makker fan it skilderij sitten en kin net litte om te freegjen wat it opbringe moatWe komme oerien.

"Mar net earder as it Tsjerkepaad foarby is." seit er.

Sa sein, sa dien.

Hjoed ha se him  brocht. De heak siet al yn de muorre, ik hoegde him allinnich noch mar op te hingjen.

Tige tank, Bartele Bokma. Do hast dit minske tige lokkich makke.

Mankelikens

trochPosted on 0 Comments0min read1059 views

giphy

Ik wit net hoe as it jim fergiet mar de earste dagen fan it nijjier bin ik oars as oars. De feestdagen fan gesellichheid en waarmte binne foarby. Ik rin as in aaisike hûn troch it hûs.

De brod moat oprêden wurde. Sa gau as de feestdagen foarby binne moat by my alles oprêden wurde .

It hat mei gefoel te meitsjen; ik moat it âlde jier loslitte. Minsken der`t ik fan hâlden ha binne er net mear. Te hege ferwachtingen binne er west wat op neat utrûn is.

De mankelikens slacht ta. Oprêde moat ik,  ik nim my foar; earst by mysels te begjinnen.

De fersiering fan myn libbens- beam smyt ik der earst ùt, dy ha ik net mear nedich. De nullen fan de beam wurde mei in soart sekuerens byelkoar socht.  Wat doch ik mei de krystbâllen? Ik sjoch mijsels der yn en wurd der net bliid fan.

Mankelikens... it is goed om efterom te sjen mar we krije altiid wer nijje kânsen om it oer te dwaan.

Hingâlderen

trochPosted on 1 Comment2min read1041 views

Naamloos-1Midden yn it sintrum fan `e stêd bliuw ik stean; de accu is leech. "Wat nò?" freegje ik my ôf. It swit brekt my oan alle kanten ùt. It ding is te lomp en te lôch om oan kant te setten.

Dan komme er in pear manlju -al op jierren- by my stean. "Dat dogge wy wol efkes, frou!" En foar dat ik it troch ha stiet myn skoeter oan `e kant fan `e dyk.

Der sitte in klofke manlju by elkoar elk op in skoetmobyl.

"Ek in kop kofje, frou?" ropt er ien en al gau wurd er romte makke.

"Komme jimme hjir elke moarn?" freegje ik.

"Ja fansels." klinkt it  ùt ien mûle; "Wy binne de 'Hingâlderen'. Wy hawwe allegearre in skoetmobyl en sa ha wy in club oprjochte. Wolle jo er ek by? Der hat him noch gjin ien frouspersoan oanmeld en dat soene wy graach wolle."

Foar dat ik it yn `e smizen ha sit ik yn`t bestjûr. "Hoefolle is de kontribùsje en ha wy ek in reiske sa no en dan? Ik bedoel mei al dy skoetmobyls moatte wy dan ek in eskorte hawwe?" Al gau bin ik oan it organisearren en de datum wurd fêst steld.

De frou fan in grut warenhûs komt mei kofje. "Liket it jo wat om lit te wurden?" freegje ik har; "Dan binne we teminste tegearre as froulju."

"Nè hear," seit se; "ik bin noch net âld en ik ha ek net in skoetmobyl."

Ik wurd wekker. Spitich... ik hie graach lid wurde wollen fan de club fan 'Hingâlderen'.

Tariedingen

trochPosted on 2 Comments1min read1191 views

"Hat mem als es nei tocht hoe jimme it ha wolle?" freget de soan.

"Wat bedoelst sto?" sis ik.

Ik ha wol in fermoeden wert er hinne wol. In oardsje allyn begong er der ek al es oer. "Kremearre as begrave." seit er.

Koartlyn hie hy nei in kremaasje west fan in freon. Dat hie him noch al wat dien blykber.

Hichtepunten ùt it libben fan de freon waarden grut ùt metten op de muorre fan it gebou  ferweve tusken de taspraken . De freon as poppe, de earste dei nei skoalle en mem op 'e kant fan it swimbad en altyd mar wiuwe nei har soan.

Sa gong de grutte mannichte oanwêzigen troch it libben fan dizze jongfeint. Oan it ein waard er proaste mei in glês wite wyn .

"It giet om hoe jimme it regele ha wolle." gier er fierder; "Dan is it allegearre wat minder dreech."

"No, hoe moat it dan mei my?" seit myn man. "Ik ha mar in pear bernefoto`s. Fierst te min om in muorre fol te hingjen. Mei my binne jimme gau klear. Gjin karnaval."

"En mem dan?" freget de soan.

"Dat moat in fleurige tsjerketsjinst wurde mei in protte humor, musyk en sjongen." sis ik; "As ôfslùting meie do en dyn broer wat oer my sizze. Wat jimme altyd al sizze woene mar nea fan kaam is."

Tariedingen.

Alhoewol... ik ha noch in foto fan doe ik yn 'e bernewein siet. Dy soe wol geskikt wêze.

Langsme

trochPosted on 5 Comments0min read1775 views

Naamloos-2

Wêrom haw ik altiid langsme nei in tiid dy`t foarby is? Langsme nei myn jonkheid eartiids?

Ach, it libben wie sa feilich; heit en mem hiene noed foar my. Ik gean yn tinzen wêrom nei myn boaskjen.

Myn man en ik hawwe ùs bêst dien om fan ùs houlik in sùkses temeitsjen. Langsme nei de tiid doe`t wy sels bern krigen.

As ien my freagje soe 'wat wie dyn gelokkichste tiid?', dan wit ik net ik. Kin it net beneame.

Ik ha my faak gelokkich field mar likernoch ûngelokkich.

Wat is dat dochs, dat gefoel fan langsme? Is dat soms in gefoel fan gemis as bijgelyks unwennigens? Langsme kin ek wêze dat jo hjoeddedei wat wichtichs misse yn jo libben.

Ik wit it net. Ik sil sykjen bliuwe nei in antwurd, as soe dat allinnich mar  ferlangjen wêze ?  As soe it folsleine by it ûntstean fan in minske ynbrocht wêze ?

Langsme,  nei in bettere wrâld wer`t gjin fjechtelingen  mear omdoarmje  hoege?

'It folsleine wert gjin langsme mear bestean sil' seit it wurdboek.
Langsme.

'Hoop Doet Leven'

trochPosted on 0 Comments1min read1400 views

hoopdoetlevenTwa famkes gean nei skoalle. Sa as altiid dûnsjend lâns de berm springend op de touwen fan in skûtsje. Op dat skipke wenje in broer en in suster.

Elke moarn giet, ta grutte argewaasje fan de bewenners, it skip gefaarlik hinne en wer. De brogge fleant troch it rom en de tee yn 'e skurte.

Op in dei stiet de plysje by de doar en drige; as it noch ien kear bard moatte jimme nei de finzenis.

Oan 't ik op de webside fan myn doarp in foto tsjin kaam fan it skûtsje 'Hoop Doet Leven' ùt myn berne jierren. Der waard frege wa de namme wist fan it skip en dy fan de eigner.

Myn broer wist it noch en sa begong it baltsje te rôljen.

Mei help fan in doarpsgenoat en ynternet komme we der achter dat it in skùtsje wie ùt it jier 1900. Yn 1926 kocht troch Lolke Vleeshouwer, folle jierren letter ferkocht is oan Yngelân en der no tsjinst docht as rekreaasjeskip .

En noch hjit it 'Hoop Doet Leven' under de namme Vleeshouwer. En dat skûtsje faart hjoededei noch troch de kanalen fan Yngelân. Miskien wol mei Friezen om utens ...

Dat moasten dy broer en suster noch es witte moatte.  Hja hawwe sels nea it doarp ùt west.

'Hoop Doet Leven'

[Klik plaatsje foar grut]

Drie Gebroeders
Drie Gebroeders
Hoop Doet Leven
Hoop Doet Leven

Peaske komt er oan

trochPosted on 2 Comments1min read1469 views

Untitled-1Peaske is foar my altiid wer it feest fan hoop en nij libben.

De natûr ûntwrakselt him ùt de winterse klaaiing en docht de simmer pronk oan.

De fûgels wrotte hun ùt de naden fan moarnsier oant jûns let om alles op 'e tiid klear te krijen.

It ljocht en it tsjuster hawwe rûzje oer waart de measte ûren kriget.

En ik sjoch tankber om my hinne it is en bliuwd altiid wer in wûnder.

It kin er yn `e wrâld noch sa mâl om ta gean dat de moed jo somstiden yn de skuon sakket.

Dochs wurd it wer maityd, sjoch mar om dy hinne... it is tiid foar in nij begjin.

Peaske komt er oan.

Oardielje net

trochPosted on 1 Comment1min read1227 views

indexIk seach op it nijs in man gûlen: syn winkelpand en hûs stie yn ljochte lôge. Hy sei skriemend: "Fjouwer generaasjes ha der yn wenne en wurke."

Der stie hy yn in sportbroek en T-shirt. Oars hie hy neat mear, allinnich wat hy oan hie.

De kritiken wiene net fan de loft. De saken gongen minder de lêste tiid "Hy sil sels de brân wol oanstutsen hawwe." Der stienen se; man, frou en bern mei de earmen om elkoar hinne. It hat my rekke.

Ek wy binne es alles kwyt rekke. Net troch brân mar troch fallisemint. Troch korrupsje, oplichterij. Troch minsken dy wy blynwei fertrouwden. Ek ùs bedriuw kaam ùt de 18e ieu en hawwe hûnderden minsken yn ûnderhâld fersjoen.

"Ek wy hiene it safier komme litten." sei men; "Eigen skuld." It hat ùs libben in hiele oare slinger jûn, dat moat ik sizze.

Mar minsken: oardielje net want wat hinget jimme sels noch boppe de holle?

Begryp en meilibjen, dat fersêftet al in bult.

Oardielje net!

Region Capture

Lokwinsken

trochPosted on 9 Comments1min read3915 views

FOLLELOK"Lokkich nijjier en folle seine!", "Noflike krystdagen!", "Prettige kerstdagen en een heel gelukkig nieuwjaar!" ropt myn buorfrou oer de hage.

De winsken binne dizze dagen nèt fan è loft.

Ik wit wol; it wurd mei goeie bedoelings dien. 'Mar is it wol miend?' tink ik faaks. By guon minsken net mar der binne grif wol dy it wol goed miene. We gunne elts syn gelok mar it moat net oerdreun wurde fansels.

En dan de krystkaarten ... Al hoewol yn in protte gefâllen de kompjûter dat al oer naam hat. "Ik stjûr gjin krystkaarten." sis ik elk jier wer. Mar dan moat ik lang om let dochs nei de winkel oars wurd it sneu!

Goed kunde fan ùs hat kanker en is ùtbehânnele. Wat foar lokwinsk stjûr ik him?

In buorjonge is al in pear jier wurkleas. Wat sis ik tsjin him? Hy griist fan frijwillegers wurk. "Jo telle net mear mei." seit er.

In buorfrou fierder op hat krekt har man ferlen. Wat is myn winsk foar har?

Lokwinsken? 'In earm, in tùt en in lùsterjend ear is al genoch.' tink ik .

Ik krij it noch drok ...