It is stil om ùs hinne. In protte minsken binne al op`n paad. De stilte wurdt allinnich fersteurd troch fûgels en it ferkear yn de fierte. In trein lit witte dat er der oan komt.
Dan ynienen ropt se; “Tink er om!” In grutte moaie brune flinter mei oranje en wite wjukken giet op myn knibbel sitten.
“Stil sitten bliuwe hear.” seit se noch es.
“Wêrom?” sis ik.
“Dat is ùs Jelmer.” seit se.
In pear jier ferlyn hat se in soan ferlern oan kanker. Yn ferskate bisten sjocht sy him werom kommen.
Dan komt er in selde flinter neist him sitten.
“Wa is no Jelmer?” freegje ik.
“Wit ik net. Dy it langst sitten bliuwt, tink ik.” seit se.
Efkes letter fleane se in rûntsje om ùs holle en fuort binne se.
Wat is dat dochs mei minsken dat se hun dierberen werom sjogge yn blommen en bisten? Se hawwe se nea los litte kinnen, tink ik. De groede is noch altyd te farsk.
“Dag Jelmer,” sis ik; “komst mar gauris wer.”
Dy Jelmer…
Hier vliegt Jelmer ook soms voorbij.
Ik zal dan aan jouw verhaal denken.
Zonnige groet,
Dit fûn ik noch, it like my wol tapaslik
No asto hjir net mear by us bist
Bist nog altyd hiel tichtbij
Miskien wol yn in twirrewyn
Of yn’t rûzjen fan’e rein
Yn’e dize fan’e iere moarn
Yn it lud fan in fugel yn’e loft
No asto hjir net mear by us bist
Binne we bliid dat wy dy kinnen ha
En wa wit treft ien fan us dy ea nog in kear
Yn in soarte fan himel of hjirneimels
Of gewoan op in restig plakje yn’e natoer
Dan dogge we in bakje en ha we it er wer even oer.
Moai Elske dy komt by myn dokuminten op in apart plakje
De overledene is misschien wel losgelaten maar de liefde blijft, en die roepen we weer op door te bedenken dat een beestje onze geliefde is en graag even komt kijken. Want het valt toch niet mee iemand weg te denken, dood te denken. Door iemand even terug te zien in een vlinder is hij niet dood in ons hart.