Testpersoan

margjeIk bin testpersoan wurden.” seit myn suster.

Wêr foar?” freegje ik. Ik bin nijsgjirrich. Se is net de jongste mear en dan binne de mooglikheden net sa grut.

Nim nò mar de kosmetyske. Se kinne wol bewere dat er krêms binne dy in jong faam fan jo meitsje. En fan in bosk grys hier in prachtich blonde krèaasje meitsje kinne. Diëten oan smarre wer jo fan troch in nulle krûpe kinne. Korrizjearjend ûnderguod en safuorthinne. 

Ûnderwylts giet se fierder. Se is lang fan stof, altiten al west. Ik kin it net langer mar oan hearre. “Nò je,” sis ik; “wèr moast sto nò foar test wurde?

It hege wurd is er ùt: in gehoarapparaat.

Ik hie it al lang murken mar ik ken har dus dy ik it swijen der ta. “Ik hear foar it earst wat foar moaie stim dat ik ha.” seit se; “En bygelûden binne der net mear. Ik hoech ek net mear oan de ringlieding fan ‘e tsjerke. ” seit se.

It is in oergryslik djûr apparaat.” giet se fierder; “Ik moat him`s nachts yn de klûs dwaan.

En as min dan ynbrekkers kriget?” freegje ik. “Ik hâld my gewoan dôf.” seit se.

Wat komt it dy te kostjen as it dy noasket?” freegje ik noch.

Wat seist? Ik hear dy net …” 

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien