All Posts By Wokke

Min waar

trochPosted on 1 Comment1min read1447 views

Beste minsken,

It is freedtemoarn , ik sit konfertabel achter myn burotsje foar de P.C. Radio Fryslân seit op de eftergrûn dat it striemin  waar wurd. De ferwaarming stiet heech, ik besef my dat dit in lokkich momint is, sa kry je nò ynspiraasje om stikjes te skriuwen , Mar jammer genoch it momint fan rest  duorrit net lang, Max ùs hûn moat der ùt nei in lange nacht wurd dat heech tiid, fynt hy. Amper is hy yn è hûs as syn maat Ollie moat er ek  ùt.

Myn ynspiraasje is foart wat doche wy ek mei Jack Russels, betink ik my. Mar se binne al in grut part fan ùs libben by ùs, it soe  stil en leech wèze as se der net mear wèze soene. En wer moasten wy mei ùs leafde foar bisten hinne, it jowt ynfulling yn ùs libben.

Letter meer…

In wonder

trochPosted on 2 Comments1min read1594 views

Takomst.

Hoe sil it wèze op ùs planeet

mei sis mar fyftich jier?

Hoe stiet it dan mei `t libben

Fan in mins, in plant, in dier?

Hoe komt it mei de klimaatferoaring

en driigjend kriichsgeweld

En bin`wy feilich as de iiskap

Oan de Noard en Sûdpoal smelt?

Hoe komt it mei de rassehaat?

De swier fersmarge grûn?

Hat men foar honger yn è wrâld

dan al in middel fûn?

Bin der gjin martelingen mear?

Gjin twang, gjin tiranny?

En lit men ùt è finzenis

Unskuldigen frij?

Ik bin bepaald gjin utopist

want `k sjoch it faak net sitten

De takomst foar it neigeslacht

Sjoch ik mei soarch temjitte.

Ferdraachsumens, begryp, respekt

Dèr kin de wrâld net sûnder

Mar nettsjinsteande driging

Leau `k dochs altyd yn in wûnder.


Sille wy dat meielkoar besiikje te dwaan, leauwe yn in wonder, leauwe dat it ea goed komt !

Buorren

trochPosted on 1 Comment2min read1441 views

Hawwe jimme ek buorren?

Wy ha se wol, der wol ik jimme graach  wat fan fertelle.

Achtjen jier wenje wy nò yn dizze strjitte, se neame  it,”it Haskeplan”. De earste tsien jier wennen we yn in oar hûs, mar wol yn de selde strjitte.  Mar it hûs stie oarsom  de foardoar wie oan  in kant wer gjin mins lâns kaam.

En dan wie der noch in hiele grutte ligusterhage om hinne, dat sosjaal kontakt wie er net. Doe binne wy ferhùze nei in lytser hûs, wert de foardoar oan è dykskant  is , en it tùnhekje efterhûs ùtnoadigt om in praatsje te meitsjen. Der is in wrâld foar ùs iepen gong, sa kin it dus ek: seinen wy.

Doe wy  jierren allyn hjirre  kamen  wiene wy de jongsten, nò binne wy de âlsten fan de bewenners. Der wenje nò allegearre jonge minsken om ùs hinne, en it iene nei it oare bern wurd benne.

Wy fine it hiel gesellich, en boppe dat wat noch belangriker is, se helpe ùs oan alle kanten. Jan helpt ùs mei de kompjùter as dy wer es krest is, Piter romme eltse dei de ofrûnne winter de snie op. En wer in oare buorman boadskippe foar ùs, as de weagen net te begean wine. En as er ien jierdei is wurre de âlde minsken ,{ wy dus} der by frege. Dus sa kin it ek, myn rie is dan ek ferhùzje as it net goed strookt mei jimme omjouwing, en is it wol ynoarder wes er bliid mei je kinne elkoar nedich ha.

Wy binne yn elts gefâl in pear tankbere minsken dy it o sa troffen ha mei de minsken om ùs hinne.

Oliver en Max

trochPosted on 11 Comments1min read2702 views

Witte jimme wol waard Ollie en Max binne? Dat sil ik jimme fertelle.

Dat binne twa Jack Russells. De iene is in echte en de oare is in ûndùdlik soart. De lèste,  syn mem is in jûn nei de hûnendisco west en der is Max ùt foart kaam. Olly wie der earst  in echte dus, hy komt dan ek fan in flatsje ùt Ljouwert mar wie by syn frou oer en te folle en sa kaam hy by ùs telânne.

Jelle, ùs eardere hûn, wie in ùt te klùten waakse Cockerspaniël. Hy stoar samar ynienen troch in hertstilstân.

Ollie wie der sa fertritlik fan dat hy iet en dronk net mear. Hy gong geande wei efter ùt. Wy seine tsjin elkoar: hy moat wer in maat ha. En sa stie op in goeie dei Max yn ‘e Feanster krante. Ek hy wie oer en tefolle,  noch mar amper in jier âld en al fjouwer bazen hân.

De beide karakters binne tige ùtrinnend. Ollie is in ‘ik’- figuur as ik it mar ha, mar wol hiel ùtwosken. Max is skrander. Hy begrypt wat wy sizze, ùs omgongstaal is dan ek  allinne yn it Frysk mar hy komt dan ek ùt Jobbegea.

Se binne nò beide tsien en âlf jier by ùs, it binne ùs bern wurren. Sy hearre by ùs libben en ha ùs in protte leafde jûn.

Fjouwer ieuwen Oranje-Nassau

trochPosted on 1 Comment1min read1149 views

Juster mei in freon nei de tentoanstelling west yn it Princessehof  yn Ljouwert.

Der wie in gearstâlling fan keramische potten en pannen, dy makke wiene nei oanlieding fan festiviteiten rûn de Oranjes. De konsevator rûn mei ùs de skienis troch fan fjouwer ieuwen Oranjes. Tige boeiend en hiel nysgjirrich, wat wit ik no bygelyks fan disse Oranje femylje?

Nei dat wy disse eksposiesje besjûn hiene, waarden wy ùt noege foar in lunch yn “De Koperen Tùn“.

Dèrnei wie er in stèdskuier lâns de âlde gebouwen ùt de skiednis fan ôf 16 hûnderd. We hawwe ûnder oaren de Synagoge besjoen, en ûnwillekeurich giet dan troch je hinne dat der 500 joden yn dizze stèd wenne ha, en wat is der nò fan oer?

In musyk en teaterskoalle sit er yn,  ha war  “tiden hawwe tiden” mar dochs docht it noch sear as wy oan dy tiid werom tinke. Fjirder geane we lâns de Âldehou en it yndrukwekkende stèdshûs, sa is er noch folle mear, mar it soe tefolle wurre foar dit ferslach.

Ik soe sizze doch it es, it is de muoite wurch. Wy moatte dochs  mear witte fan ùs rike ferline, dan wurd it ek wat dùdliker wèrom it hjoed sa is, sa as it is.

Op it ein fan dizze dei smakke de pizza en de reade wyn wûnderbaarlik goed.