Om it hus

Op kursus: fuortsetting

troch Posted on 0 Comments 1 min read 289 views

It is al wer in pear dagen allyn dat ik mei it frommeske fan de bouwferieniging skille oer de wetterkraan. Ik hie neat mear heard dat ik tocht, ik sil es ynfermearje as de leadjitter al ùt stùdearre  is…

Nei dat ik it nûmer drukt hie seit de elektronyske  stim:  “Nr. 1 is foar is Riolearring; Nr. 2 is foar Glèsskea; Nr. 3 is foar C.V. steuringen en Nr. 4 foar oare  fragen.” “Dy moat ik ha..” en sa kry ik nei dat ik it hiele lân sawat troch west ha de leadjitter sels oan de line. Ik bear wakker dat ik him einlings te pakken ha. Mar hy begrypt neat fan it oerèmis mins . Mei folle ôfhâldenheid seit hy: “Wy hawwe net mear in leadjitter yn tsjinst foar dit soart saken, dat wie eartiids sa.” Myn anderd is; “Werom moasten jo dan op kurses?

“Der binne wichtere saken foar yn`t plak kaam, Frou..”

Der sit neat oars op as myn man moat ûnder de flier want dy kraan sil der komme! Mar ik wit net;  hy kin wolris stykjen bliuwe syn omfang is grutter as de romte ûnder de flier…

Op kursus

troch Posted on 0 Comments 1 min read 261 views

“Mevrouw, de  man die U moet hebben is op cursus.”

Ik skilje mei it kantoar fan ùs bouwferieniging. Ik wol graach in kraan bûtendoar ha en wol witte as sy in leadjitter beskikber hawwe. Nei dat ik ferline jier myn pols brutsen ha, seit myn pols as ik de swiere jitter  ùt de goatstien til,  doch it sels mar... En mei dizze droechte like it my ferhipte handich as ik san ding bûtendoar  hie.

Nei dat ik foar de seisde kear besocht ha om de man te pakken te kryen nimt it selsde frommeske de telefoan oan. Se kin my al en as âlde bekinden begjinne wy oer wat ùs deis yn`e besnijing hâld. Ùteindelik is de leatjitter noch op kurses.

Wat sil ik it frommeske misse as de man west hat. Soe der wol wetter ùt dy kraan komme, freegje ik my ôf ,  hy hat sa folle leard?

Lokkich

troch Posted on 0 Comments 1 min read 221 views

Wèrom lokkich sille jimme sizze? Ùs bern binne fan nacht de doar ùt flein. Ùs bern? Ja, sa fielde dat.

Wy hiene twa koalmees (blokfink as bijbiter) -pearen. Och, wat ha wy der oppasse moatten. Op de ûnmooglikste tiden fan de dei longerden katten en rôffûgels op dizze lekkere hapkes. Om de beurt hâlden myn man en ik de wacht. Hy fûn it by tiden oerdreun mar ik hâld de poat styf.

Wat ha dy âlders hun best dien. Moarns iere betiid wjukken se al ùt foar de moarnsbrogge, dat gong troch oan `t it skimerich waart. Nò binne se de wrâld yn flein, wer hinne en oerlibje se it wol? Ik moat se loslitte, krekt as dû myn jonges de doar ùt gongen. Werom komt der san ûnwennich gefoel oer my?

Wyls ik sa sit te mimerjen efter hûs fleane in pear lytse fûgeltsje om myn holle. Soene hja my betankje wolle?

Markol

troch Posted on 0 Comments 1 min read 238 views

Ja hear, myn Markol hat jongen. Nò ja, ‘myn’… dat is oerdreun fansels. Al wiken rin ik mei Max lâns in nest Markols. Yn bewûndering stean ik fan in ôfstân te sjen, sa keunstich as it makke is ferstoppe tusken it reid. Ik hie mei it wyfke te kryen, se siet der mar: dei yn, dei ùt. Ik frege my ôf: soe sy wol genoch iten krye as soe sy ek lèst fan har kontsje ha.

In freon sei tsjin my dat it mantsje en it wyfke mekoar ôfwikselje. Dat sil wol mar ik seach er nea in mantsje by. Jo witte it net mei dy mânlju, ek fûgels libje yn 2011. Mooglik binne der de normen en wearden ek wol feroare. Mar fan middei ha ik de jongen sjoen: trye as fjouer reade dûnskopkes stutsen boppe it nest ùt. En it mantsje, wat hat hy it drok mei it fangen fan michjes rûpkes en wat er mar fleant en driuwt.

It wrâldnys oer diktator Khadaffi en fan de dea fan Bin-Laden: it kin my net mear boeie. Ik hoopje mar dat de famylje Markol yn sûnens grut wurre mei…

Brutsen

troch Posted on 0 Comments 1 min read 279 views

Ja minsken: ik bin brutsen.

Wy hawwe in flinke tùn. Wa moat dy ûnderhâlde? Ik fansels. Myn man in bèste fint hear mar hy hat gjin weet fan tùntsjen. Wy hawwe jierren allyn in tûnman hân. ‘Pake Huver’ seine ùs bern. Wat in weelde wie dat. Hy wie in ùtsanearre boer fan fiif en sechstich jier. Hy woe graach wat om hânnen ha en wat wiene wy wiis mei him.

Wy begongen moarns mei in bakje kofje en om âlf oere namen wy in pear beerenburgjes. We hawwe him jierren hân, hy hearde by de femylje. De man libbet al lang net mear mar as ik yn de tùn dwaande bin tink ik mei weemoedigens oan dy tiid werom.

Dochs mei ik graach yn de tùn arbeidzje. Troch it skoffeljen en it skreppen yn de grûn kinne jo al jin gefoelens kwyt. Fertriet, grammoedigens en ûngedinens ferdwine geandewei. En wa kin jo better treaste en opmonterje dan de natûr sels? Dochs bin ik brutsen ik ha te folle hea op ‘e foarke naam. “Hoe fynst de tùn?”, freechje ik myn man. “Is er wat oan feroare?” freget er…

Dy keardels, je soene se. Lokkich ha ik er mar ien fan.

Leger des Heils

troch Posted on 2 Comments 1 min read 321 views

De wite slûffe fan it Leger des Heils leit wer op de doarmatte. Se fine dat ik myn kleankast opromje moat. Eltse maitiid sette se my wer foar it blok.

Ik ha wat mei it leger. Se doche sa safolle goeds foar minsken dy it minder ha as ik, dat ik my altiid skuldich fiel. It ienichste wat ik dwaan kin is kleankasten leechhelje. Mar dan komt it; ik liz op è knibbels foar de kast. De hiele brot moat er mar ùt en dan skiftsje. It iene kleanstik nei it oare giet troch myn hannen. Elk hat syn ferhaal; dat blûske ha ik droegen mei in brulloft en dy trui krige ik fan in dierbre freondinne.

Nei in skoft sjoch ik dat alles wer netsjes yn de kast leit. Mar dy sek dan fan it Leger, dy leit fergetten earne op ‘e grûn. Dan mar nei myn man syn kleankast, der leit fest wol wat yn. Hy is net san ien fan de lèste mode en trants hat hy gjin weet fan. Op it ein fan de moarn stiet de sek op ‘e stoepe. Ik ha in foldien gefoel want ik ha dochs wat foar myn meiminske dien.

“Wer is myn âlde broek en dy noflike trui?” ropt myn man. Moast mar goed siikje”, siz ik; “Do list altiid alles slingerje…

Foto: ANP/Parool

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien