Om it hus

Klokken

troch Posted on 9 Comments 2 min read 334 views

It hearren en sjen fergiet je as de Pendule slacht. It is krekt as slacht de klok fan ‘e toer ùt myn doarp. Myn man kin him der ôfgryslik oan steure. Sit hy nei it nys te sjen en troch al dat leven fan dy klok hat hy hiel wat wrâld ellende mist.

Mar ik ha wat mei dy Pendule. Myn heit en ik ha him yn de oarloch op de fiets ophelle. En betelle mei bûterbonnen. Ik wit it noch as de dei fan juster. De goudsmid en syn frou wiene foar de helt joods. Hja hiene honger en wiene dea benauwd. En as je lyts binne jowt dat grutte argewaasje.

En nò nei sântich jier hat hy noch nea foart west te meitsjen. Dan ha wy yn dy selde keamer noch twa klokken. De iene is in Regulateur en de oare klok is in Zaanske, erft fan in leave muoike. By de Regalateur is ek in ferhaal. Myn muoike ùtfanhûze as lyts famke by femylje. De hiele nacht hearde se klokken slaan. Doe `t sy de oare moans in kopke thè op bed kryge sei se: ‘Wat ha jimme in klokken en allegearre ha sy in oare slach en in oar lûd.’ ‘Welke wost ha?’, waart har frege, ‘do moast him sûnder te sjen op it lûd ùtsykje.’ En dat waar de Regelateur, se hat him jirren letter oan my neilitten. In neitins oan in dierber minske.

De Zaanske klok ha wy ek erft mar dat seit ùs net safolle. Wy binne mear fan de Fryske klokken. Klokken kinne jo net sa mar keapje; jo moatte der in bân mei krye. In klok moat in hert en skiednis ha…

Myn man moat mar in eartelefoan oanskaffe.

De klokken sille fan hun hearre litte fan slachte oant geslacht.

Flaamske Gaai

troch Posted on 6 Comments 1 min read 444 views

It is noch betiid op ‘e moarn. Mei slûge eagen sjoch ik nei bûten. De snie en froast komme my temjitte. Nei dat ik de nediche kofje hân ha en noch ris nei bûten sjoch, bin ik ferwûndere oer it moaie winterbyld.

Ik ha noch nea san fûgels by elkoar sjoen. Koalmezen, mosken, roeken, eksters en noch mear fûgels dy ik net by namme kin. Juster ha ik in slinger apenùten in de beam hong. De koalmezen en mosken fine it te min; se geane ljouwer nei de buorren dy ‘t restaurant v.d. Valk oan it skut hingjen hawwe.

Mar dan yn ienen sjoch ik twa Flaamske Gaaien op myn slinger sitten. Hele apenùtedoppen helje se ùt it netsje. Yn in sucht hawwe se alles op. “Och ja wat witte Flaamske Gaaien -hoe moai as se ek binne- fan itensbanken en djûre restaurants?” Myn apenuutslinger ha se al wer op, ik tink mei netsje en al, want der hinget neat mear yn de beam. Mar ja, betink ik my, yn dy djûre restaurants wurd it bestek ek meinaam.

Wat is it ferskil tusken minsken en bisten? Ik moat mar efkes om in nye slinger apenùten…

Waarme dûs

troch Posted on 3 Comments 2 min read 321 views

Sjogge jimme wol ris nei it programma “Radar“?

Nò,  ik ha  in waarme dûs oanfrege foar de “Gamma“. It sit sa;  ik hie koart allyn in maleurdei. San dei wer`t alles bryk giet, jimme kinne dat ek wol, tink!

Myn waskmasine, tsien jier âld, joech de geast en sei “Doch it sels mar; myn taak sit er op”. Doe kaam ien op it idè do moast nei Gamma gean dy hat in oanbieding, net djûr en ek noch in A-merk dus sùnich yn gebrûk. Mei de soan de masine ophelle en it ding waar yn it hok set. De buorfrou dy der by kaam sei; “O, myn freon sjowt him wol nei boppe ta, hy is sa sterk!”

Mar de man moast wol earst thùs komme fansels, hy hat in berop dat hy altyd op in paad is. Ja, hjer: op it ein fan de wike hearde ik dat hy thùs kaam. Nei dat ik him efkes mei rest litten hie -want  min moat wol op it juste momint komme fansels- lei ik him de situaasje ùt. Mar dû kaam it, hy hie it yn è rech en de soan fan him koe ek net helpe.

Myn smoarge wask seach my ferwitend oan, it wie krekt as seine se: dit binne wy net fan dy went.  Myn man en ik rûnen de hiele wike al  mei it selde klofke klean oan dat der moast wat barre. Ynienen tocht ik: “Gamma skilje, dy moat my mar helpe…” Doe de man myn ferhaal heard hie sei er: we komme der oan. Efkes letter kamen der twa aerdiche jonge keardels en sjouwden mei gemak de mesine nei boppe. Op myn fraach wat it kosje moast seine se: draai mar gau de wask.

Nò bliuw ik fansels myn libben lang “FAN” fan de Gamma. Dèrom in Waarme DÛS fan in tankbere klant.

Kartoen: evertkwok.nl

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien